Reitsum
Reitsum | ||
PKN-tsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 135 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,81 km² lân: 2,79 wetter 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 44 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 5° 53' E | |
Offisjele webside | ||
Side De Flieterpen | ||
Kaart | ||
Reitsum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Reitsum leit noardlik fan Jannum, eastlik fan Ginnum en westlik fan Lichtaard. Reitsum hat 135 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit by de krusingen fan de Flieterpsterdyk en de Terpwei en de Flieterpsterdyk en de Jannumerwei, om en op de terp fan Reitsum.
Reitsum is in doarp dat by de Flieterpen heart.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme kin it hiem fan Ritse of Reitse betsjutte. Oaren tinke oan it Aldfryske wurd 'rikja', dat machtich betsjut. It efterheaksel soe dan fan 'haima', wenning, komme. Faaks moat Richem út de âldste Fuldalist as Reitsum identifisearre wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Reitsum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Reitsum.
Reitsum waard foar de reformaasje út it kleaster Mariëngaarde by Hallum wei betsjinne. De herfoarme tsjerke dy't der no stiet is yn 1738 boud. Dêrfoar hat der in midsiuwske tsjerke mei in toer mei sealtek stien. Mei de útwreiding fan it doarp is der oan de noardkant yn 1874 in stik oanboud. Dat hat ek faaks te meitsjen om't ds. J. J. A. Ploos van Amstel nochal wat minsken luts. De âlde preekstoel út 1638 is bewarre bleaun. Yn it tuorke hinget in klok út 1622 dy't getten is troch Hendrik Wegwaert. Op de toer fan Reitsum stiet it stedswapen fan Dokkum. Reitsum is miskien ek it ienichste plak dêr't in slot op de preekstoel sit. Dy is der kommen mei de Doleânsje yn 1886. Ploos van Amstel wie in Fryske foarman fan de Doleânsje. Hy preke rêstich troch, mar de dûmnys fan de rûnte Holwert wie opdroegen om sneins yn Reitsum te preekjen. It barde dan ek dat as de ringdûmny der wie, Ploos al op 'e preekstoel stie. Om dat te foarkommen waard der in slot op de preekstoel setten en de ringdûmny hie de kaai yn 'e bûse.
Doleânsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Reitsum).
Yn 1888 makke de tsjerkerie bekend dat earder besletten wie om út de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke te gean. Dat wie mei stipe fan de hiele gemeente op twa húshâldings nei. Oer hoe't dat krekt gie ferskille de mienings; wis is dat de tsjerkerie mei twa ferklearrings troch de gemeente gie. Yn de iene ferklearring stie dat de húshâlding mei út de tsjerke gie en yn de oare stie dat men bleau. Neffens guon waard der net by sein wêr't oer gie. Wa't foar Ploos wie tekene de iene ferklearring en wa't tsjin Ploos wie de oare.
Doe't de skieding in feit wie ferklearre de synoade Reitsum fakant en it klassisbestjoer fan Dokkum moast de taak fan de tsjerkerie oernimme. Dat klassisbestjoer liet de saak ynearsten gewurde; Ploos hie in protte freonen en geastessibben yn it klassisbestjoer sitten. Oan sy dea ta hat Ploos yn de tsjerke preke. Op 'en doer waard der in oplossing fûn troch de tsjerke sneins te ferhieren oan in feriening. Nei de dea van Ploos yn 1895 is der in nije grifformearde tsjerke kommen.
Nei in lang proses waard de herfoarme tsjerke wer baas yn eigen hûs. Guon minsken binne op har beslút om der út te gean weromkommen en boppedat hie Reitsum in protte pleatsen. As dêr in grifformearden ien op siet, waard dy, as de hier om wie, ferfongen troch in herfoarme boer. Wat efterbleau wie in djippe spjalt yn it doarp. Der waard, yn 'e foarm fan skoalfeesten, twa kear yn 't jier Keninginnedei fierd.
Yn de jierren 1970 rekken sawol de herfoarmen as de grifformearden sûnder dûmny. Yn 1988 is der doe in federaasje foarme. De nije dûmny kaam yn de grifformearde pastorij te wenjen en de grifformearde tsjerke waard doarpshûs. No foarmje de grifformearden en de herfoarmen wer ien PKN-gemeente.
Ferneamde dûmnys
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reitsum mei dan wat efterôf lizze, mar trije Reitsumer dûmnys hawwe namme makke. Fan 1774 oant syn dea yn 1812 hat de patriot ds. Thomas Philippus Joha yn Reitsum stien. Fan 1863 oant 1866 en fan 1876 oant syn dea yn 1895 wie ds. J.J.A. Ploos van Amstel dûmny yn Reitsum. Fan 1919 oant 1925 wenne ds. C.A. Lingbeek yn de pastorij fan Reitsum.
Staniastate
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin Lichtaard oan leit de pleats Staniahûs. Yn de 15e iuw stie dêr Staniastate. De Stania's hienen in protte ynfloed. Fan ien fan harren, Abbe, wurdt tocht dat hy grytman fan Ferwerderadiel west hat. Syn soan Jeppe troude mei Margaret Heemstra yn Oentsjerk. It pear liet dêr ek in Staniastate bouwe. Yn 1544 is it laach Stania útstoarn.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2019 leit Reitsum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Reitsum stiet it doarpshûs De Fjouwer, dat ek it doarpshûs fan de oare trije Flieterper doarpen Jannum, Ginnum en Lichtaard is. De Fjouwer sit yn de yn 2019 sletten basisskoalle De Flieterpen. Foar dy tiid siet it doarpshûs yn de eardere grifformearde tsjerke fan it doarp. De doarpskrante ferskynt 11 kear yn 't jier.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- PKN De Flieterpen.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noch yn 2005 waard yn it doarp in nije basisskoalle boud: De Flieterpen, dy't yn 2019 al wer sletten waard.[3]
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doarpsbelang de Flieterpen
- Seed to sow - koar
- Blau Moandei - toaniel
- Heak yn 't bekje - fiskklup
- Nea Kwea - keatsferiening
- De Tûke Griemers - Jeu de Boulesklup
- God is mijn lied - sjongferiening
- De laatste eer - begraffenisferiening
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferline wie Reitsum it lytste doarp fan de eardere gemeente Ferwerderadiel. De oare Flieterpen wienen net folle grutter, mar Reitsum bleau in tsiental ynwenners efter. It tal Reitsumers skommele lang tusken de 60 en 70. Reitsum wie in plak mei in tsjerke, pastorij mei wat pleatsen der om hinne. Bij de folkstelling fan 1830 waard der ek noch in timmerman en in skuonmakker neamd. Reitsum hat hiel lang in timmerman hâlde kinnen. Fan de Flieterpen is Reitsum no (2022) wat ynwennertal oanbelanget it grutste doarp.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2003 | 2008 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 151 | 135 | 107 | 119 | 95 | 141 | 139 |
Jier | 2015 | 2022 | |||||
Ynwenners | 152 | 124 |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Houwen, Ds. Ploos van Amstelstrjitte, Flieterpsterdyk, Grienereed, Jannumerwei, Terpwei.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|