Springe nei ynhâld

Easterbeintum

Ut Wikipedy

Easterbeintum is in foar it meastepart ôfgroeven terp en buorskip east fan Hegebeintum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De namme komt ek foar as Osterbinetheim, Aesteer binthum en Oesterbentum. De lêste skriuwwize docht wat Dútsk oan meidat mûntsen út Fulda it plak opskreaunen dêr't it kleaster grûnbesit hie.

In soad fan wat bekend is oer de terp is ûntdutsen by argeologyske opgravingen yn 1988-89 en yn 2011. Op 'e terp steane noch twa huzen en bûten de terp, noardlik dêrfan, steane noch twa huzen dy't by de buorskip rekkene wurde.

De terp Easterbeintum leit, lykas ek Hegebeintum op in súdwest-noardeastlik rinnende kwelderrêch, dy't om de 6e iuw f.Kr. al bewenber wie.

Ofgraving en ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfgraving fan de terp waard mei útein set in pear jier neidat de belestingtsjinst begjin 20e iuw besleat om belêsting de kubike meter oer terpen te heffen. Yn 1908 waard de terp yn in advertinsje beskreaun as "een bijzonder hooge en uitmuntende terp, die behoort tot één der hoogste en beste terpen van Friesland'...'in de nabijheid van de Blijastervaart"[1]
De ôfgraving begûn yn 1913, nei't in fergunning jûn wie foar it lizzen fan rails fan Easterbeintum nei de Blijer Feart. Mei kipkarren waard de grûn oer it spoar nei skippen yn dy feart ferfierd. De advertinsjes foar 'uitmuntende terpaarde' rinne oant 1927. Doe wie de kearn fan de terp folslein ôfgroeven en allinne de terprâne noch oer. Oer de midden fan de eardere terp waard dêrnei de Easterbeintumerdyk oanlein.

Yn 1987 fûn in amateurarcheolooch in urn en in part fan in minsklike plasse yn de terp. Dêrnei waard de súdrâne fan de terp tusken 1988 en 1989 ûndersocht ûnder leiding fan Egge Knol (Frije Universiteit Amsterdam), Gilles Jan de Langen (BAI, Grins) en Evert Kramer (Frysk Museum) en kaam it iermidsiuwske grêffjild oan it ljocht. De twadde opgraving yn 2011 fûn plak ûnder lieding fan Johan Nicolay fan de opfolger fan it BAI, it Groningen Institute of Archaeology. Diskear waard in 130 meter lange slûf groeven yn 'e terprâne groeven.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. "Finale toewijzing te Blija van eene zeer vruchtbare sate en landen gelegen te Oosterbeintum onder Ferwerd, waarin zich bevindt eene bijzondere en uitmuntende terp", Leeuwarder Courant, 14 desimber 1908
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje