Moarre
Moarre | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 235 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 4,68 km² lân: 4,64 km² wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 52 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 6° 05' E | |
Offisjele webside | ||
moarre-ljussens.frl | ||
Kaart | ||
Moarre is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Moarre leit noardeastlik fan Mitselwier, eastlik fan Easternijtsjerk, westlik fan Eanjum en besuden Ljussens. Moarre hat 235 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan de Bûtenwei op de terp fan Moarre.
De buorskip De Reidswâl (diel) en Welgelegen hearre ek by Moarre.
Mei Ljussens foarmet Moarre it twillingdoarp Moarre-Ljussens.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme sil fan "sompich lân" komme. Dat kin strike, want Moarre leit oan de noardkant fan it gebiet tusken Eanjum en Ie dat De Kolken neamd wurdt en earst sa om 1900 hinne troch in bettere regeling fan de wetterstân brûkber makke is. Guon miene dat de plaknammen 'Longonmore' en 'Mure' út de registers fan Kleaster Fulda (twadde helte 8e iuw) nei Moarre ferwize.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moarre is in terpdoarp, wêrfan't de measte bebouwing ek tsjintwurdich noch op de terp binnen de omwei leit. Der wurdt wol tocht dat Moarre al in pear iuwen foar de jiertelling ûntstien is.[3].
Súdlik fan Moarre, oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei op in terpke it kleaster Weard of Templum Domnini ('de Tempel fan God'). Folle is der oer dat nobertinessekleaster net bekend.
Moarre hie eartiids 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, Heemstra en Nittema wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noardwestlik fan it doarp.
Oan it begjin fan de 20e iuw ûntstie der tusken Moarre en Ljussens mear drokte troch de bou fan in molkfabryk (1915) en de oanlis fan it spoar mei in stasjon (1919). It molkfabryk "De Dongeradielen" is yn 1973 sletten. It eardere molkfabryk wurdt (2023) ferboud ta rekreaasjewenten en der komt in museum dy't ynformearret oer de skiednis fan it fabryk. It spoar is yn de Twadde Wrâldkriich opbrutsen. Sûnt 1933-1936 waarden der al gjin reizgers mear ferfierd, mar it stasjonsgebou is noch oanwêzich en docht hjoed-de-dei tsjinst as wenhûs en ek de namme "Stasjonswei" is oerbleaun.[4]
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde Moarre by de gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei hearde it plak by de gemeente Dongeradiel en sûnt de lêst weryndieling by de gemeente Noardeast-Fryslân.
De tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Moarre).
De tsjerke, dy't foar de reformaasje wijd wie oan Jehannes de Evangelist, ûntstie yn 'e twadde helte fan de 13e iuw. Yn it ramt fan fernijingen yn de 18e iuw krige de tsjerke yn 1737 in nij tonferwulft. Yn 1843 wie der in grutte ferbouwing en doe is de mooglik 16e iuwske sealtektoer ôfbrutsen en ferfongen troch in neoklassisistyske lantearne op it dak en yn 1920-1921 krige it gebou in nije flier en kape. De klok (diameter 85cm) is fan 1659 en getten troch Jurjen Balthasar út Ljouwert.
Yn de tsjerke binne noch sarken út de 16e oant 18e iuw. Ut 1625 is it lytse epitaaf foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan Ginnum, bewenners fan de Heemstrastate.
Moarre hat in oargel út 1740, it is ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch Johann Michaell Schwarzburg. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man is der dan ek op oanbrocht. Yn 1989 hat oargelmakkerij Bakker & Timmenga de oarspronklike disposysje fan Schwarzburg werombrocht.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is in feriening foar Doarpsbelangen dy't gearkomt yn doarpshûs De Stikel. Bern geane meast yn Ljussens nei de kristlike Skoalle mei de Bibel 'De Griffel'.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2014 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 473 | 429 | 390 | 348 | 295 | 240 | 242 | 237 | 235 |
Jier | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | ||
Ynwenners | 230 | 225 | 235 | 245 | 250 | 250 | 240 |
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Advendo - muzyk
- Keatsferiening Warber Bliuwe - Moarre/Ljussens
- Oranjeferiening (FB-side)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gerbrand fan Mockema († 1512), Fetkeaperske haadling.
- Teatske Alzum (1899-1962), Frysk skriuwster. Kate Ashton út Skotlân skreau oer har it boek "Teatske Alzum har wrâld".
- Anneke Douma (1944-), sjongster.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoeddeisk Moarre leit oan de Lauwersseewei tusken Dokkum en Eanjum. De Moarster Feart rint fan Moarre nei it súdeasten nei de Reidswâl ûnder Mitselwier en slút der oan op de Suderie.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Achterwei, Bûtenwei, Fjellingswei, Grutte Buorren, Griene Reed, Headamsterwei, Hearrewei, Keechsdyk, Kleasterwei, Koudenburgerreed, Lytse Buorren, Moarsterwei, Skyligerwei, Teatske Alzumstrjitte, Tsjerkestrjitte, Weardwei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Moarre - in mar yn súdwest Fryslân.
- Fryske doarpen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|