Springe nei ynhâld

Wartsjerke

Ut Wikipedy
Wartsjerke yn Wimy, Thiérache, Frankryk

In Wartsjerke is in tsjerke dy't ferdigene wurde koe. De doarpsbewenners koene har yn sa'n tsjerke warre tsjin plonderjende binden lykas de fiktaaljebruorren. Faak waarden tsjerken earst yn de 15e of 16e iuw foar in part fersterke, of somtiden mei beskate ferdigeningseleminten optúgd. Hat de tsjerke in massive muorre dy't geskikt is om jin te ferdigenjen, sa't dy ek by oare festingswurken te sjen is, dan wurdt der sprutsen fan in Tsjerkeboarch.