Springe nei ynhâld

The Hateful Eight

Ut Wikipedy
The Hateful Eight
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Richard N. Gladstein
Stacey Sher
Shannon McIntosh
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk Ennio Morricone
filmstudio Shiny Penny
FilmColony
distribúsje The Weinstein Company
spilers
haadrollen Samuel L. Jackson
Kurt Russell
Jennifer Jason Leigh
voice-over Quentin Tarantino
byrollen Walton Goggins
Tim Roth
Michael Madsen
Bruce Dern
Demián Bichir
James Parks
Channing Tatum
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 desimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre westernskriller
taal Ingelsk
spyltiid 168 minuten (bioskoopferzje)
187 minuten (roadshow release)
budget en resultaten
budget $44-62 miljoen
opbringst $155,8 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
BAFTA

The Hateful Eight is in Amerikaanske western- en skrillerfilm út 2015 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Samuel L. Jackson, Kurt Russell en Jennifer Jason Leigh. De titel betsjut "De Unsympatike Acht", en is in ferwizing nei de westernklassiker The Magnificent Seven ("De Geweldige Sân"), út 1960. It ferhaal giet oer in preemjejager, dy't yn it Wylde Westen fan nei de Amerikaanske Boargeroarloch in frou finzennommen hat en wisberet is om 'e $10.000 te ynkassearjen dy't op har holle steane. Underweis nei de autoriteiten komt er yn in sniestoarm lykwols mei oare postkoetspassazjiers fêst te sitten yn in halteplak. The Hateful Eight krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en waard ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard yn 2016 nominearre foar trije Oscars en wûn de priis yn 'e kategory bêste orizjinele filmmuzyk foar de muzyk dy't skreaun wie troch Ennio Morricone. Dy wûn foar syn wurk oan The Hateful Eight datselde jiers ek in Golden Globe en in BAFTA.

Yn 1877 is majoar b.tsj. Marquis Warren in negroïde feteraan út it Leger fan 'e Uny yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't no as preemjejager wurket. Yn it winterske Territoarium Wyoming is er mei trije liken fan kriminelen mei in preemje op 'e holle ûnderweis nei de autoriteiten yn Red Rock as syn hynder fan útputting beswykt. Hy wit in lift te krijen yn in postkoets mei de koetsier O.B. op 'e bok en in oare preemjejager, John Ruth, yn it passazjierskompartimint. Ruth ferfiert sels ek in krimineel nei de autoriteiten: de froulike bandyt Daisy Domergue, op wa har holle mar leafst $10.000 stiet. Ruth stiet lykwols bekend as The Hangman ("De Boal") om't er syn kriminelen altyd libben by de autoriteiten ynleveret om ophongen te wurden. Warren fynt dat gekkewurk: der is gjin manear om sa gau oan jins ein te kommen as om in wanhopige finzene nei syn (of yn dit gefal har) wisse dea te eskortearjen.

Ruth is deabenaud dat oare preemjejagers him Daisy ûntstelle wolle om sels de hege preemje op har holle te ynkassearjen, en hy lit Warren inkeld yn 'e koets ta om't de beide mannen inoar ris earder troffen hawwe. Warren hat him doe ferteld dat er kunde hie oan 'e fermoarde presidint Abraham Lincoln, en hat him in brief fan 'e presidint oan himsels lêze litten. Ruth wol dat brief mei gragens nochris lêze. De postkoets pikt ûnderweis noch in passazjier op dy't yn 'e snie strâne is: Chris Mannix, in eardere strider foar de Ferlerne Saak fan 'e Konfederaasje (d.w.s. in Súdlik militêr yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't nei de kapitulaasje fan it Suden noch in skoft trochfochten hat). Hy beweart de nije sheriff fan Red Rock te wêzen en praat himsels sa de postkoets yn om't hy de man wêze soe by wa't Ruth en Warren harren kriminelen ynleverje en harren preemjes útbetelle krije moatte. Ruth fertrout Mannix lykwols mar heal, en hy en Warren prate ôf om gear te wurkjen om inoars preemjes te beskermjen.

Underweis reitsje Warren en Mannix yn in ferhjitte diskusje oer harren beider rollen yn 'e Boargeroarloch. Warren beskôget Mannix' Marauders, de Súdlike ienheid dy't ûnder lieding fan Mannix syn heit stie, as net mear as in kliber moardners. Dêrop docht Mannix in boekje iepen oer Warren syn eigen oarlochsferline: de majoar hat in kriichsfinzenekamp yn Firginia yn 'e brân stutsen, wêrby't net allinnich 47 Súdlike soldaten libben ferbaarnd binne, mar ek 37 Noardlike kriichsfinzenen. Warren is dêrnei ûnearfol ûntslein út it leger.

De postkoets jaget foar in sniestoarm út en arrivearret krekt op 'e tiid by it halteplak Minnie's Haberdashery, in mânske blokhutte mei in stikkene doar, dy't tichtholden wurde moat troch in plankje yn 'e doar en de doarpost te spikerjen. Dêr is dy deis al in postkoets oankommen wêrfan't de passazjiers har taflecht yn it halteplak socht hawwe. Ruth en Warren-en-dy wurde der ynhelle troch Bob, in Meksikaan, dy't seit dat de eigneresse, Minnie, fuort is om har mem te besykjen en him ûnderwilens de lieding oer it halteplak jûn hat. Warren, dy't wol faker yn Minnie's Haberdashery komt, hat fuortendaliks syn twifels oer dat ferhaal.

De passazjiers út 'e oare postkoets binne Oswaldo Mobray, in rûnreizgjende boal dy't ûnderweis is nei Red Rock om 'e moardner fan 'e sheriff dy't Mannix ferfange sil op te hingjen; Joe Gage, in cowboy dy't ûnderweis is om 'e kryst by syn mem op in boerespultsje in ein bûten Red Rock troch te bringen; en Sanford Smithers, in eardere Konfederearre generaal dy't yn Wyoming is om it (lege) grêf fan syn al jierren fermiste soan te berêden. Harren koetsier hat yn 'e neite fan it halteplak kunde oan in frou, en is dêr hinne gien om te wachtsjen oant de sniestoarm foarby is. De erchtinkende Ruth ûntwapenet alle oanwêzigen útsein Warren, dy't opmerkt dat der in snoepke op 'e flier leit en dat ien fan Minnie har potten mei snobbersguod ûntbrekt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As yn it halteplak it brief fan Lincoln oan Warren te praat komt, barst Mannix yn laitsjen út en seit dat it net oars kin as dat it in ferfalsking is. Warren jout ta dat dat sa is: it falske brief fan 'e fermoarde presidint is foar him in handich stik ark om in sympatike yndruk op blanken te meitsjen. Sa kin er bygelyks oan in rit yn in postkoets komme, wylst er oars efterlitten wêze soe om dea te friezen yn in sniestoarm. Ruth, dy't der moai ynstonken is, wurdt poerrazen, en it ynsidint soarget foar ferwidering tusken him en Warren.

Underwilens ken Mannix generaal Smithers werom. As Warren heart wa't de âldman is, beskuldiget er him fan oarlochsmisdieden, om't er nei ôfrin fan 'e Slach by Baton Rouge alle negroïde kriichsfinzenen deasjitte litten hat. Smithers, in fûleindich rasist, jout dat grif ta en skammet him der net foar. Warren wol him deasjitte, mar Mannix wiist derop dat de âldman gjin wapens hat en dat soks moard wêze soe, en dat er Warren dêrfoar ophingje moatte soe. Warren jout belies, mar in skoftke letter smyt er it oer in oare boech. Hy lit ien fan syn revolvers op it taffeltsje njonken de stoel fan Smithers efter en stekt dan in ferhaal ôf oer hoe't er de fermiste soan fan 'e generaal martele, ferkrêfte en úteinlik fermoarde hat. As Smithers op 't lêst nei de revolver grypt, sjit Warren him dea. Hy kin dan net ferfolge wurde foar moard om't it selsferdigening wie.

Wylst Warren op omslachtige wize syn ferhaal hold, hat immen de kofje fergiftige. Daisy Domergue is de iennichste dy't dat sjoen hat, mar hja hâldt har stil. John Ruth en O.B., de koetsier, drinke fan 'e kofje, en begjinne op in stuit hiele mûlfollen bloed op te jaan. O.B., dy't in hiele kop hân hat, rekket al rillegau dea, mar Ruth, dy't fan syn kop inkeld in pear lytse slokjes nommen hat, warskôget Mannix, dy't himsels ek ynskonken hie en op it punt stiet in slok te nimmen. Wylst er al stjerrende is, falt Ruth dêrnei Daisy oan, dy't er foar syn fergiftiging ferantwurdlik hâldt. Se wrakselje oer de flier foar't Daisy de revolver fan Ruth te pakken wit te krijen en him deasjit.

Neitiid wurdt se lykwols ûntwapene troch Warren, dy't har mei hânboeiens oan it lyk fan Ruth fêstsitte lit. Hy bedriget ek alle oaren mei syn revolver, om't er net wit wa't de kofje fergiftige hat. De iennichste dy't er fertrout is, iroanysk genôch, Mannix, om't dy op in hier nei ek fan 'e kofje dronken hat. Warren oppenearret no iepentlik syn wantrouwen foar Bob oer. Hy fertelt dat de swarte Minnie mei eltsenien opsjitte kin, útsein mei Meksikanen, tsjin wa't se in protte foaroardielen hat. It is dan ek net botte wierskynlik dat se it halteplak oan in Meksikaan op 'e noed jûn hat. Minnie har blanke partner Sweet Dave hie it foar de moade om frijwol de hiele dei yn syn stoel te sitten, en hoewol't Warren it fiersocht mar mooglik achtet dat Minnie op famyljebesite gien is by har mem, en dat se Sweet Dave meinommen hat, is er derfan oertsjûge dat as dat sa wêze soe, Sweet Dave perfoarst syn stoel meislepe soe. As er de pels fuortlûkt dy't oer de rêchlining fan 'e stoel hinget, blykt der yn 'e stof fan 'e rêchlining in grut bloedplak te sitten. Warren liedt dêrút ôf dat Bob in bedrager is dy't Minnie en Sweet Dave en eltsenien dy't de pech hie om op dat stuit yn it halteplak oanwêzich te wêzen, fermoarde hat. Dêrop sjit er Bob dea.

Mar om't Bob ûnder Warren syn monolooch oer it lot fan 'e soan fan Smithers it hiele skoft Stille Nacht op 'e piano sitten hat te spyljen, kin hy net dejinge wêze dy't de kofje fergiftige hat. As Warren driget om Daisy om hals te bringen, jout Joe Gage ta dat hy de kofjefergiftiger is. Sûnder erch is Warren lykwols op it kelderlûk stean gien, en in man dy't him al dy tiid yn 'e kelder beskûl holden hat, sjit him troch it lûk hinne yn 'e geslachtsdielen. Dêrop lûkt Mobray in ferburgen revolver en sjit Mannix del, dy't weromsjit en Mobray ferwûnet.

It ferhaal makket dan in stap werom yn 'e tiid. Earder dy deis arrivearje Bob, Mobray, Gage en Daisy har broer Jody Domergue mei de earste postkoets yn it halteplak mei it plan om John Ruth dêr op te wachtsjen en Daisy te befrijen. Se fermoardzje op ûnmeilydsume wize harren eigen koetsier Ed en dy syn byriidster Six-Horse Judy, Minnie, Sweet Dave, Minnie har tsjinstfaam Gemma en har stâlfeint Charly. Gemma lit dêrby in grutte glêzene pot fol snobbersguod oan diggels falle. Sweet Dave komt om yn syn dierbere stoel. Charly naait út en wurdt troch de doar hinne delsketten, wêrby't de doar nei gychem giet. De iennichste oerlibbene fan it bloedbad is generaal Smithers, dy't troch it oanboazjende waar al ferskate dagen yn it halteplak fêstsit. De banditen beslute him yn libben te litten, om't it echter lykje sil as net alle oanwêzigen jongemannen binne. Smithers beswart harren dat er der net waarm of kâld fan wurdt dat se Minnie-en-dy ombrocht hawwe en ûnthjit it spultsje mei te spyljen. Neitiid smite de banditen de liken fan harren slachtoffers yn 'e saad en romje de diggels en it fersille rekke snobbersguod op. Se himmelje de bloedplakken fan 'e houtene flier en hingje in pels oer it bloedplak yn 'e stoel fan Sweet Dave. Dêrnei ferskûlet Jody Domergue him yn 'e kelder, wylst Bob beart dat er de lieding oer it halteplak hat en Mobray en Joe Gage harren foardogge as strâne reizgers. Yn 'e fierte sjogge se de twadde postkoets al oankommen.

Werom yn 'e hjoeddeistige tiid binne Mannix, Warren en Mobray alle trije swierferwûne rekke. Mannix en Warren hâlde Daisy, Gage en Mobray ûnder skot, en as se dermei driigje om Daisy dea te sjitten, komt Jody út 'e kelder foar it ljocht om him oer te jaan. Warren sjit him daliks dea. Neitiid jout Daisy ta dat har broer de lieder fan 'e Domergue-binde wie. "Bob" wie eins Marco the Mexican, Mobray is English Pete Hicox en Gage is Grouch Douglass, allegear banditen mei in preemje fan $10.000 op harren hollen. As Daisy en Mobray Warren fergje, sjit er Mobray dea. Dêrop hellet Gage in revolver foar it ljocht dy't er ûnder de tafel oan in spiker ophongen hie, mar Mannix en Warren sjitte him dea. Warren wol Daisy ek deasjitte, mar dan docht bliken dat syn munysje op is. Warren is net by steat om fan it plak te kommen en in oar wapen te pakken, en Mannix wol it him net jaan.

Daisy wol mei Mannix ûnderhannelje en hy wol wol hearre wat se te bieden hat. Se fertelt dat de oare fyftjin leden fan 'e binde yn Red Rock wachtsje foar it gefal dat de befrijing fan Daisy yn it halteplak net slagje soe. Se biedt Mannix oan om him libben gean te litten mei alle deasketten bindeleden útsein har broer (sadat er de preemjes op harren hollen ynkassearje kin). Yn ruil dêrfoar moat er Warren deadzje en har gean litte. As er dêr net mei ynstimt, sil de binde Mannix fermoardzje en Red Rock plonderje. Mannix wiist har foarstel ôf, mei't er tinkt dat de oanwêzige bindeleden de hiele binde foarmen en dat de fyftjin oaren inkeld yn Daisy har fantasij besteane.

As er stean giet, falt er der lykwols hinne fan bloedferlies. Daisy fersleept it lyk fan John Ruth in lyts eintsje en wit in kavalerysabel te pakken te krijen, dêr't se Ruth de earm mei ôfhakket. Wylst Warren hieltyd wanhopiger Mannix opropt om wekker te wurden, hastiget Daisy har nei it lyk fan Gage ta om dy syn revolver te gripen. Krekt op it lêste momint komt Mannix wer by besleur en sjit har del. Neitiid bepraat Warren Mannix om har net dea te sjitten, mar ynstee ta eare fan John Ruth oan in bynt op te hingjen. Nei't se har op dy wize fermoarde hawwe, lizze de beide manlju stadichoan dea te gean fan bloedferlies. Mannix freget oft er it brief fan Lincoln ris sjen mei en as Warren it him oerjout, lêst er it lûdop foar, om Warren dêrnei te komplimintearjen foar de detailleardheid.

Samuel L. Jackson.
Kurt Russell.
Jennifer Jason Leigh.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
majoar Marquis Warren Samuel L. Jackson
John "The Hangman" Ruth Kurt Russell
Daisy Domergue Jennifer Jason Leigh


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Chris Mannix Walton Goggins
Oswaldo Mobray / English Pete Hicox Tim Roth
Joe Gage / Grouch Douglass Michael Madsen
generaal Sanford Smithers Bruce Dern
señor Bob / Marco the Mexican Demián Bichir
ferteller Quentin Tarantino
O.B. James Parks
Jody Domergue Channing Tatum
Minnie Mink Dana Gourrier
Six-Horse Judy Zoë Bell
Ed Lee Horsley
Sweet Dave Gene Jones
Charly Keith Jefferson
Gemma Belinda Owino
Chester Charles Smithers Craig Stark

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Quentin Tarantino regissearre The Hateful Eight nei in senario dat er sels skreaun hie. Hy kundige de film yn novimber 2013 oan, doe't er der noch in ferfolch fan meitsje woe op syn foargeande film, Django Unchained, út 2012. Hy woe de nije film de titel Django in White Hell ("Django yn 'e Wite Hel") meijaan, mar meitiid kaam er ta de konklúzje dat it personaazje fan Django net by it ferhaal paste. Nei't it senario yn jannewaris 2014 útlekte, besleat Tarantino fan it projekt ôf te sjen en it skript om te wurkjen ta in roman. Hy organisearre en regissearre in live foarlêzing fan it senario troch in protte (mar net alle) akteurs dy't neitiid ek foar rollen yn 'e film cast waarden yn it United Artists Theater yn Los Angeles. Mids 2014 betocht er him en besleat er de film dochs te meitsjen.

De opnamen setten úteinlik op 8 desimber 2014 útein yn 'e neite fan Telluride, yn Colorado. It regear fan dy Amerikaanske steat hie in subsydzje fan $5 miljoen tasein op betingst dat de film dêr opnommen wurde soe, en fan gefolgen hierde Tarantino in ranch yn it súdwesten fan Colorado. It budget waard net bekendmakke, mar skattings rûnen útinoar fan $44 miljoen troch de webside Box Office Mojo fia $54 miljoen troch it tydskrift Hollywood Reporter oant $62 miljoen troch it blêd Variety. As produsinten wiene by it projekt belutsen Richard N. Gladstein, Stacey Sher en Shannon McIntosh foar de filmstudio's Shiny Penny en FilmColony. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch de legindaryske Italjaanske komponist Ennio Morricone.

It wie de earste en iennichste film fan Tarantino dêr't Morricone de hiele filmmuzyk foar skreau, hoewol't Tarantino earder wol muzykstikken fan him brûkt hie foar de soundtrack fan syn film Kill Bill, Volume 1, Kill Bill, Volume 2, Death Proof, Inglorious Bastards en Django Unchained. Morricone skreau ek it orizjinele liet Ancora Qui foar dy lêste film, en hie dêrnei sein dat er nea wer mei Tarantino gearwurkje woe. Blykber betocht er him letter. The Hateful Eight wie de earste folsleine westernfilm yn 34 jier dêr't Morricone de filmmuzyk foar skreau (sûnt Buddy Goes West út 1981) en syn earste grutte Hollywood-film yn 15 jier (sûnt Mission to Mars út 2000). Neffens Variety skreau er de muzyk sûnder dat er de film sjoen hie.

It gitaarynsidint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gitaar dat yn 'e film troch it personaazje fan akteur Kurt Russell stikken slein wurdt, wie gjin rekwisyt, mar in echt antyk muzykynstrumint út 'e 1870-er jierren fan it merk C.F. Martin & Company, dat oan 'e produsinten fan The Hateful Eight yn brûklien jûn wie troch it Martin Guitar Museum. It wie de bedoeling dat it gitaar omwiksele wurde soe foar in rekwisyt foar't er stikken slein waard, mar dat wie blykber net oan Russell ferteld. De ûntsetting fan aktrise Jennifer Jason Leigh, wa't Russell it ynstrumint út 'e hannen skuorde, wie sadwaande echt en net spile. It gitaar bliek ta argewaasje fan it museum net mear te reparearjen. De fersekering fan 'e produsinten fergoede de wearde, mar sûnt wegeret it Martin Guitar Museum noch om gitaren yn brûklien te jaan foar de produksje fan films.

De distribúsje fan The Hateful Eight waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch The Weinstein Company. It wie de lêste film fan Tarantino dy't útbrocht waard fia dy filmdistributeur, mei't de regisseur syn gearwurking mei it bedriuw yn oktober 2017 beëinige nei't om produsint Harvey Weinstein hinne in seksueel misbrûkskandaal ûntstie.

De premiêre fan The Hateful Eight fûn plak op 7 desimber 2015 yn Hollywood. Op 25 desimber folge der in beheinde roadshow release fan in ferzje dy't in spyldoer hie fan 187 minuten, ear't de film op 30 desimber yn 'e bioskopen iepene yn in ferzje mei in spyldoer fan 168 minuten. De langere ferzje omfettet seis ekstra minuten aksje dy't hielendal net yn 'e koartere film foarkomme, mei dêropta mear lânskipsbylden, wylst ek ferskate sênes út oare hoeken wei opnommen binne. Nei eigen sizzen makke Tarantino de twa ferzjes om't er fûn dat guon bylden op lytsere skermen net ta har rjochte komme soene. Op 25 april 2019 waard de film op streamingstsjinst Netflix op 'e nij útbrocht as in wermontearre fjouwerdielige minysearje mei de titel The Hateful Eight: Extended Version.

De soundtrack fan The Hateful Eight waard op 18 desimber 2015 op cd útbrocht troch platemaatskippij Decca Records.

De filmkritisy wiene foar it meastepart goed te sprekken oer The Hateful Eight. James Berardinelli, bygelyks, omskreau de film as "in spannende skriller, fol masterlik yn byld brochte draaien yn 'e plot, gripende dialooch en in alderraarst fermaaklik ferhaal dat sa hurd fjouweret dat trije oeren foarbyhastigje as wie it mar in momint. Bêste film fan it jier? Jawis." Yn The Daily Telegraph wie ek Robbie Collin lôgjende entûsjast oer The Hateful Eight doe't er skreau: "Inkeld Tarantino kin dit dwaan, en hy hat it op 'e nij dien." Peter Bradshaw fan The Guardian joech de film 5 fan 5 stjerren en skreau dat The Hateful Eight "yntym en dochs op 'e iene of oare manear nuveraardich kolossaal" wie. Hy skreau ek "'Skriller' is in generyk label dat syn krêft ferlern hat. Mar The Hateful Eight lit jin skrilje."

Owen Gleiberman fan 'e BBC hie in ôfwikende miening en skreau: "Ik bin net de iennichste dy't fynt dat it de minste film fan Tarantino is: in mei slakkegong foarútkommende, fantasijleaze flop, dy't oerrint fan giftigens mar net fan fernimstigens." Yn The Irish Times skreau Donald Clarke: "Wat is it spitich dat dizze film eltse foarm fan karakter en ferheljende gearhing ûntbeare moat. Wat is it spitich dat sa'n grut part sa ferrekte ferfeelsum is." En A.O. Scott fan The New York Times murk op: "In diel fan 'e aaklikheden yn 'e film […] liket dom en min trochtocht, krekt as hawwe Tarantino syn yntellektuele ambysje en syn talint foar it fertellen fan ferhalen him tagelyk yn 'e steek litten."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Hateful Eight in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 332 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] biedt in nije, goed rjochte salvo fan 'e miks fan aksje, humor en oerdreaun geweld dêr't Quentin Tarantino om bekend stiet – dat alles wylst er sjen lit dat er de keunst fan it filmmeitsjen sels noch better ûnder de knibbel krigen hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Hateful Eight in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 51 resinsjes.

Parsekonferingsje fan 'e cast en regisseur fan The Hateful Eight yn 2015 op 'e San Diego Comic-Con.

Nei't regisseur Quentin Tarantino yn oktober 2015 in demonstraasje fan Black Lives Matter bywenne hie en him útspriek tsjin it oanhâldende plysjegeweld yn 'e Feriene Steaten dat benammen tsjin Afro-Amerikanen rjochte is, rôpen ferskate belangegroepen fan plysjeminsken op ta in boycot fan The Hateful Eight. Yn jannewaris 2016 neamde Richard Johnson de film yn in artikel yn 'e rjochtse krante de New York Post "in ramp yn 'e bioskopen", wat neffens him te tankjen wie oan 'e plysjeboycot. Yn in artikel dat dyselde moanne ferskynde yn it renommearre tydskrift Forbes skreau Scott Mendelson lykwols dat de The Hateful Eight miskien net sa súksesfol wie as Tarantino syn eardere titels, mar dat de film it yn 'e bioskopen prima die en dat de plysjeboycot dêr gjin grutte ynfloed op hie.

Yn in fraachpetear mei it blêd GQ sei Tarantino dat de Amerikaanske rasseproblematyk in ûntûntkomber ûnderdiel foarmet fan syn kreätyf proses. Oan 'e Britske krante The Daily Telegraph fertelde er dat er mei The Hateful Eight besocht hie om 'e beladen rasseskiednis fan 'e Feriene Steaten wer te jaan, û.o. mei de opspjalting fan 'e postkoetshalte yn in noardlik en in súdlik diel en troch ien fan 'e personaazjes in monolooch hâlde te litten oer de gefaren fan "frontier justice" (it lynchen fan fermiende kriminelen yn it Wylde Westen, sûnder se te berjochtsjen). De foaroansteande filmkritikus A.O. Scott skreau yn The New York Times dat Tarantino yn The Hateful Eight de westerntradysje fermyt dy't de rasseskiednis fan 'e Feriene Steaten negearret, mar hy fûn de wize dy't Tarantino brûkte om mei sokke gefoelige kwestjes om te gean "dom en ûntrochtocht". Ek skreau er dat Tarantino "net sasear films makket dy't oer ras geane, as wol dat er besiket mei kamera en pinne it yngewant fan it Amerikaanske rasisme yn te dûken. Der is gjin manear om dat te dwaan en sels net besmodzge te reitsjen."

Guon resinsinten hiene krityk op 'e behanneling fan it personaazje fan Daisy Domergue (spile troch Jennifer Jason Leigh), dat yn 'e film oanhâldend it slachtoffer wurdt fan mishanneling en ferbale úthalen fan benammen it personaazje fan Kurt Russell. Dat kulminearret úteinlik yn har ophinging troch de personaazjes fan Samuel L. Jackson en Walton Goggins yn in sêne dy't neffens Matt Zoller Seitz "mei suver pornografyske fassinaasje talmet by Daisy har dea." A.O. Scott wie fan miening dat de film "mutearret fan in ferkenning fan rasiale animositeiten ta in orgy fan omslachtich ferantwurde frouljushaat." Laura Bogart neamde de behanneling fan Daisy Domergue "in ferrie" fan 'e positive froulike personaazjes yn eardere films fan Tarantino, lykas de Kill Bill-duology. Ferskate oare froulike filmkritisy brochten fierhinne itselde op 't aljemint.

Oan 'e oare kant priizge Courtney Bissonette fan it tydskrift Bust Tarantino om't er al syn personaazjes gelikens (d.w.s. like min) behannele: "Dit is gelikensens, man, en it is feministysker om derfan út te gean dat in krimineel itselde behannele wurdt nettsjinsteande har sekse. Se behannelje har net as in mearkesprinsesse om't se in frou is, se behannelje har as in moardner om't se in moardneresse is." Ferskate oare feministen beärgumintearren fierhinne itselde. Matthew Stogdon fûn dy riddenearring lykwols twifelich, om't de misdieden fan Daisy Domergue nea útlein wurde, en nimmen dus mei wissichheid sizze kin dat se de deastraf fertsjinnet.

The Hateful Eight brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $54,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $101,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $155,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan op syn heechsten $62 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $93,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn The Hateful Eight de measte konkurrinsje fan 'e science fiction-film Star Wars Episode VII: The Force Awakens en de komeedzje Daddy's Home, dy't tagelyk yn 'e bioskopen draaiden.

The Hateful Eight waard yn 2016 nominearre foar trije Oscars, wêrûnder de prizen foar bêste kamerarezjy (Robert Richardson) en bêste byrol fan in aktrise (Jennifer Jason Leigh). De Oscar foar bêste orizjinele filmmuzyk waard wûn troch Ennio Morricone. Dyselde wûn mei The Hateful Eight ek de Golden Globe, de BAFTA en de Critics' Choice Award foar bêste filmmuzyk. Dêropta waard er nominearre foar de Saturn Award yn dyselde kategory. Leigh waard fierders foar har rol nominearre foar in Golden Globe, in BAFTA, in Critics' Choice Award en in AACTA International Award.

De hiele cast waard nominearre foar in Critics' Choice Award foar bêste akteurs-'ensemble' en wûn de Hollywood Film Award foar 'ensemble' fan it jier. Quentin Tarantino waard foar syn senario nominearre foar in Golden Globe, in BAFTA, in Critics' Choice Award en in Empire Award. De film sels waard nominearre foar de Empire Awards foar bêste film en bêste soundtrack en de Saturn Award foar bêste skrillerfilm. Robert Richardson waard nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste kamerarezjy. Samuel L. Jackson waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste akteur, en Walton Goggins foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.