Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip
Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | ||
Ingelsk | Shakopee Mdewakanton Dakota Community | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Minnesota | |
haadkertier | Prior Lake (Minnesota) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 330 (2010) | |
oprjochting | 1886 (erkend 1969) | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Shakopee Mdewakanton Ynd.res. | |
lokaasje | súdeastlik Minnesota | |
oerflak | 8,1 km² | |
ynwennertal | 660 (2010) | |
offisjele webside | ||
www.shakopeedakota.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.
|
De Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip (Ingelsk: Shakopee Mdewakanton Dakota Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In alternative namme is: Shakopee Mdewakanton Sû Mienskip (Shakopee Mdewakanton Sioux Community). De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1886, hat 330 leden, en it haadkertier is fêstige yn Prior Lake, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota, foar it meastepart fan 'e Mdewakanton-stamme, mei in hantsjefol Wahpekûte.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip is it lytse Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat (Shakopee Mdewakanton Indian Reservation) fan súdeastlik Minnesota, dat in oerflak hat fan mar justjes mear as 8 km², en dêr't yn 2010 likernôch 660 minsken wennen (sawol blanken as Yndianen).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada. Yn 1886 waard foar de Shakopee Mdewakanton-mienskip foar it earst in reservaat stifte, mar it duorre noch oant 1969 ear't se ek wier-wier federale erkenning krigen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |