Springe nei ynhâld

Crow Creek Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Crow Creek Yndianereservaat
Crow Creek Indian Reservation
It monumint foar de slachtoffers fan 'e hongersneed yn 1863-1865.
It monumint foar de slachtoffers fan 'e hongersneed yn 1863-1865.
polityk
haadplak Fort Thompson (Súd-Dakota)
stamme Crow Creek Sû Stamme
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
sifers
ynwenners 1.230 (2004)
oerflak 508,3 km²
bef.tichth. 2,4 / km²
oar
stifting 1862
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
kaart
It monumint foar de slachtoffers fan 'e hongersneed yn 1863-1865.
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Crow Creek is werjûn yn read.

It Crow Creek Yndianereservaat (Ingelsk: Crow Creek Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Crow Creek Sû Stamme (Crow Creek Sioux Tribe) yn 'e midden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, oan 'e eastigge fan 'e rivier de Missoury. It beslacht dielen fan trije countys, te witten: Buffalo, Hughes en Hyde.

Neffens gegevens út 2004 wennen der doe likernôch 1.200 minsken yn it Crow Creek Reservaat, dat in oerflak hat fan goed 500 km². It haadplak (en grutste plak) is Fort Thompson (fuortby de Big Bend-keardaam en it dêrefter opgarre Big Bend Reservoir), dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige is. It reservaat grinzget oan it Neder-Brulee Yndianereservaat, dat lyk oan 'e oare kant fan 'e Missoury leit.

Oars as de oare fiif reservaten fan 'e (Sioux) yn sintraal en westlik Súd-Dakota, dy't oarspronklik diel útmakken fan it yn 1868 stifte Grutte Sû Reservaat, hat it Crow Creek Reservaat dêr altyd los fan bestien. Feitliks is Crow Creek âlder as it Grutte Sû Reservaat, mei't it al yn 1862 stifte waard foar de Westlike Dakota. Koart neitiid krige it reservaat in tafloed fan Eastlike Dakota te ferwurkjen, dy't nei de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren heitelân yn súdlik Minnesota wei nei it westen ta deportearre waarden. Mei't der yn Crow Creek lang net genôch iten foar allegear wie, wiene de earste trije jier in tiid fan ûnk en lijen foar de Yndianen dêre. Tusken 1862 en 1865 kamen mear 1.300 minsken yn it reservaat om fan ûnderfieding en ûnderkuolling. Uteinlik waard de Eastlike Dakota yn 1866 tastien om har yn it Santy Yndianereservaat fan Nebraska nei wenjen te setten. In yn 2002 reekommen monumint deunby de Big Bend-keardaam hâldt de oantins oan dy snuorje en de slachtoffers yn libben.

It monumint foar de slachtoffers fan 'e hongersneed yn it reservaat yn 1863-1865.

Tusken 1862 en no is it Crow Creek Reservaat allinnich mar yn omfang krompen, wylst it persintaazje fan 'e grûn yn Yndiaansk eigendom sterk fermindere is troch allotment, in troch it federale regear yn Washington opleine proseduere wêrby't it mienskiplik grûnbesit fan 'e stamme omset waard yn perselen dy't eigendom binne yndividuële stamleden, wylst it lân dat oerbleau dan frijjûn waard foar kolonisaasje troch blanken.

It Crow Creek Reservaat omfiemet beskate leech leine lokaasjes oan 'e kant fan 'e Missoury dêr't de Mandan, Hidatsa en oare folken yn 'e achttjinde iuw sedintêre doarpen bewennen en lânbou bedreaune, foar't se yn 'e jierren 1772-1780 foar trijefearn útrûge waarden troch in pokke-epidemy, en har lân ynnommen waard troch de Sû. Hjoed oan 'e dei binne ferskaten fan dy doarpen archeologyske fynplakken, al is in protte fan it leechst leine lân ferlern gien doe't it Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger yn 1959-1963 de Big Bend-keardaam oanlei en in wichtich part fan it reservaat sadwaande ûnder it wetter strûpte fan it Big Bend Reservoir (ek wol Lake Sharpe neamd). Dêrfoar wie it sels nedich dat Fort Thompson en guon lytsere delsettings ferpleatst waarden nei hegere grûn, en de dochs al net florissante ekonomyske omstannichheden yn it reservaat waarden der allinnich mar minder op.

Tsjintwurdich wurdt it grutste part fan it reservaat pachte troch in pear famyljes dy't grutte ranches (feepleatsen) besitte. De wurkleazens is heech en de earmoede grut, ek al hat de stamme yn it reservaat, dat bûten it Súddakotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten (it Lode Star Casino and Hotel), dat, yn 'e mande mei de archeologyske fynplakken en it boatsjefarren en angeljen op Lake Sharpe, in protte toeristen lûkt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota