Rien
Appearance
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2009) | 132 | ||||
Webstee | De4doarpen.nl |
Rien is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp hat likernôch 140 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Rien diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de nije gemeente Littenseradiel. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Littenseradiel opdield en kaam Rien yn Súdwest-Fryslân te lizzen.
Rien wie earst in buorskip under Lytsewierrum mar is sûnt 1 maaie 1955 in selsstannich doarp. In tsjerke en skoalle hat Rien ek nea hân, derfoar moasten de minsken yn Lytsewierrum wêze.
Rien hat in beskerme doarpsgesicht en is bekend troch syn hynstemerk. De Hurddraversdyk kaam sa oan syn namme.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2009 - 130
- 1974 - 134
- 1969 - 154
- 1964 - 158
- 1959 - 177
- 1913 - 262
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buorren, De Opslach, Draversdyk, Molmawei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan Rien (De 4 doarpen)
- Fryske doarpen
- Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
- Kuiertochten by Rien