Springe nei ynhâld

Idzegea

Ut Wikipedy
Idzegea
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 30 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' NB, 5° 32' EL
Kaart
Idzegea (Fryslân)
Idzegea
Kaart
Himrik fan Idzegea (grien) yn 'e eardere gemeente Wymbrits.

Idzegea is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân tusken Aldegea en de Gaastmar. It doarp 30 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Tsjerke fan Idzegea yn Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735.

Idzegea ûntstie yn 'e midsiuwen en waard Ed(d)eswald op 'e listen út 1132, 1243 en 1245 mei kapellen en tsjerken fan it Odulfuskleaster neamd. De tsjerke wie oan Sint-Mauritius of Sint-Martinus wijd. Grut wie Idzegea net en op 1716 stiene op 'e kaart yn 'e atlas fan Schotanusatlas allinne de tsjerke en twa hûzen by it Tsjerkehop en dêrbûten noch twa pleatsen en twa hûzen.[3] De tsjerke bestiet net mear, mar it tsjerkhôf oan 'e Klokhúsdyk is er noch en op in grêfhichte dêr stiet in klokkestoel mei sealtek en waarhoanne.

Oan it fytspaad om 'e Aldegeaster Brekken leit it archeologysk monumint "Joadsk tsjerkhôf". Dêr lizze lykwols gjin joaden begroeven, mar nei alle gedachten swalkers út it tiidrek fan 1463 oant de reformaasje yn 1580, doe't it nonnekleaster Nazareth dêr stie. Omrinnend folk waard eartiids oantsjutten as 'joaden'.

Tusken 1881 en 1929 stie oan 'e Feandyk de stellingmole Op Hoop fan Zegen. Oarspronklik wie dat in poldermole út 1670, dy't mei oare mûnen de Wassenaarsepolder by Leimuiden droegmakke. Doe 't yn 1880 in gemaal dat wurk oernaam, kocht Hantje Tjeerds van der Meer de mole oan en boude dy as in stelling-, wetter- en nôtmole wer op yn Idzegea.

Oant 2011 lei Idzegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Idzegea is mei Sânfurd sterk op it tichtby lizzende Aldegea oriïntearre.

Ferienings (mei Aldegea en Sânfurd)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynformaasje oer de ferienings is ôfkomstich fan 'e hiemside fan it doarpsbelang fan Aldegea; sjoch foar de meast aktuele gegevens op: www.oudega-swf.nl

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020
Ynwenners 149 228 188 164 144 27* 30 21 26

(*) Nei grinswiziging mei Heech.
Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015, 2020: Alle Cijfers

  • Johannes Walinga - Tussen Brek en Skuttel (Aldegea-Idzegea en Sânfurden) I + II
  • Op it begraafplak mei klokkestoel leit Jan Tjittes Piebenga begroeven.
  • Idzegea leit yn 'e Skriezekrite Idzegea, ien fan 'e bêste greidefûgelgebieten yn Fryslân. Op likernôch 1.750 ha briede alle jierren likernôch 350 skriezepearkes. Yn 2006 wûn it gebiet de Sulveren Skries.
  • Idzegea leit oan 'e Idzegeaster Poel, in poel dy't net folle betsjutting hat foar de wettersport omdat it hast gjin ferbining hat mei oare wetters. Der is wol in camping by.
  • Tusken de Tsjerkesleat en it Ringwiel leit in kanorûte.

Feandyk, Klokhúsdyk, Tsjerkewei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje