Martial fan Limoges
Martial fan Limoges | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
stjerdatum | 3e iuw | |
stjerplak | Limoges | |
wurkpaad | ||
berop | biskop | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | ûnbekend | |
hillich ferkl. | ûnbekend | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 30 juny | |
attributen | as biskop, somtiden mei in boek of skriftrol | |
patroan fan | Limoges |
Martial fan Limoges (of Martialis) wie de earste biskop fan de Frânske stêd Limoges. Hy wie ôfkomstich út de Oriënt en waard yn opdracht fan de paus yn de 3e iuw nei Kristus nei Limoges stjoerd. Sint-Martial wurdt ek wol de apostel fan de Galjers of de apostel fan Akwitaanje neamd.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Gregoarius fan Tours wie Martial ien fan de san biskoppen dy't yn it regear fan keizer Desius (249–251) yn Galje it evangeelje preken. Dionysius gyng nei Parys, Gatianus nei Tours, Trofimus nei Arles, Paulus nei Narbonne, Saturninus nei Toulouse, Stremonius nei Auvergne, Austremonius nei Clermont-Ferrand en Martial nei Limoges. Martial wist de ynwenners ta it kristendom te bekearenen oant tsjintwurdich wurdt er dêr noch jimmeroan fereare.
Yn de rin fan de tiid ûntstie der in soad legindefoarming en Martial waard fierder yn de tiid werom set. No soe Petrus him sels nei Galje stjoerd ha om net allinne yn Galje te preekjen, mar yn hiel Akwitaanje. Hy soarge foar it iene nei it oare mirakel en wist sels in deade man op te wekken troch him mei in stok oan te reitsjen dy't Petrus him meijûn hie. Yn de 11e iuw waard dêr nochris oan tafoege dat Martial doopt wie troch Petrus, ien fan de 72 dissipels west hie en ek noch oansitten hie by it Lêste Nachtmiel.
Martial ferstoar yn Limoges en waard bûten de romeinske stêd begroeven. De help fan Sint-Martial waard ynroppen by epidemiën, lykas yn 994 doe't Limoges troffen waard troch in epidemy as gefolch fan skimmel op it nôt.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn grêf waard jimmeroan mear besocht troch pylgers en yn 848 waard der in abdij boud dy't nei Martial ferneamd waard. De abdij krige in skriptoarium en in grutte bibleteek, sa grut dat allinne dy fan Cluny grutter wie. De 12e iuwske kronykskriuwer Godfried fan Vigeois wurke yn dy bibleteek.
De gebouwen fan dy abdij waarden yn it begjin fan de 19e iuw mei de Frânske Revolúsje ferneatige. Yn 1960 waard de krypte wer ûntdutsen mei de tombe fan Sint-Martial en dy fan Sint-Valeria, in legindaryske martler foar it leauwe út de 3e of 4e iuw.
Sint-Martial waard benammen fereare yn Bordeaux, dêr't syn biskopsstêf bewarre waard en yn prossesjes troch de stêd droegen waard om syn help yn te roppen as de stêd teheistere waard troch de pest. De hillige wurdt ek fereare yn Itaalje, dêr't de katedraal fan Colle di Val d'Elsa oan him wijd is.
Yn de lette midsiuwen ûnstie it ek tsjintwurdich noch libbene gebrûk om de reliken fan Martial ienris yn de sân jier troch de strjitten fan Limoges te dragen.
De feestdei fan Sint-Martial is op 30 juny.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Martial
|