Akwitaanje
Appearance
| ||||
Haadstêd | Bordeaux | |||
Arrondisseminten | 18 | |||
Kantons | 235 | |||
Gemeenten | 2296 | |||
Departeminten | Dordogne (24) Gironde (33) Landes (40) Lot-et-Garonne (47) Pyrénées-Atlantiques (64) | |||
Oerflakte | 41.308 km² | |||
Ynwenners - Totaal - Befolkingstichtens |
2.908.359 (1999) 70 ynw/km² | |||
Folksliet | {{{folksliet}}} {{{folksliet}}} | |||
webstee | {{{webstee}}} |
Akwitaanje (Frânsk: Aquitaine, Okkitaansk: Aquitània, Baskysk: Akitania, Poitevin-Saintongeais: Aguiéne) wie fan 1982 oant 1 jannewaris 2016 in bestjoerlike regio yn it súdwesten fan Frankryk, mei Bordeaux as haadstêd. No makket it gebiet diel út fan 'e nije regio Nij-Akwitaanje. Earder wie Akwitaanje efterienfolgens in Romeinske provinsje, in keninkryk en in hartochdom. De namme, dy't wetterryk gebiet betsjutte soe is ôflaat fan it Latynske aqua (wetter) en feroare yn 'e rin fan de tiid yn Guyenne. Under de namme Guyenne-Gascogne wie it in Frânske provinsje oant de Frânske revolúsje.