Springe nei ynhâld

Magadan (oblast)

Ut Wikipedy
Magadan oblast

Магаданская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Fiere Easten
ekonomyske regio Fiere Easten
haadplak Magadan
grutste plak Magadan
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 81,49%
Oekraïners 6,28%
Evenen 1,68%, Tataren 0,9%
Wyt-Russen 0,70% (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 137.767 (2022)
oerflak 462.464 km²
befolkingstichtens 0,3 ynw./km²
oar
stifting 3 desimber 1953
tiidsône UTC+11:00, MSK+8
koördinaten 62° 54' N 153° 42' E
webside www.magadan.ru

De oblast Magadan (Russysk: Магаданская область; Magadanskaja oblast) is in bestjoersdistrikt yn it fiere easten fan Ruslân.

It gebiet is tige tin befolke en mear as de helte fan alle ynwenners wenje yn de haadstêd mei deselde namme.

Lânskip rajon Jagodnoje

De oblast leit oan de See fan Ochotsk en omfiemet in diel fan it East-Sibearyske Berchlân, fral it Kolymaberchtme. Likernôch de helte fan it gebiet ûntwettert op de See fan Ochtotsk, de oare helte op de Kolyma. It oerflak is mei 462.464 km² net folle grutter as Sweden.

De Russyske kolonisaasje sette yn de 17e iuw útein. Yn de Sovjet-Uny stie dit diel fan it lân op in minne namme troch it grutte tal strafkampen. De stêd Magadan waard yn 1939 stifte as in stasjon, dêr't twangarbeiders fierder nei de minen transportearre waarden. Folle mear as oare gebieten fan de Russyske Federaasje wenje de measte minsken yn de oblast Magadan yn stêden. Yn 2020 wie dat 97,73%.

It al tin befolke gebiet hat sûnt 1989 in hiel soad ynwenners ferlern. Fan 1989 oant 2010 rûn it ynwennertal mei wol 60% tebek. Ek minderheden lykas Oekraïners, Wyt-Russen en Tataren binne yn grutte tallen ferhûze.

Oant yn de tiid fan Joazef Stalin wennen der hast gjin minsken. By in earste folkstelling yn de Sovjet-Uny wennen yn it hiele gebiet mar 7000 minsken. De befolking naam troch de deportaasje fan twangarbeiders ta en neffens de folkstelling fan 1939 wennen der al 149.712 minsken.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny binne hiele doarpen ûntfolke. Ek de stedsbefolking is sûnt 1989 sterk ôfnommen. It oandiel fan de stedske befolking yn de oblast is lykwols wol tanommen.

Jier 1927 1930 1940 1950 1961 1970 1980 1990 2000 2010 2020 2022
Ynwennertal* 12.000 20.200 178.000 161.700 245.000 352.481 478.000 390.276 201.974 156.996 140.149 137.767

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022

Lânseigen befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Oktoberrevolúsje bestie de befolking fan it gebiet hast allinne út de oarspronklike bewenners, ek al hearde it gebiet doe al mear as 200 jier by it Russyske Ryk. Nei't Stalin mei de deportaasje nei de strafkampen begûn en it ûntdekken fan grûnstoffen feroare dat. Tsjintwurdich foarmet de lânseigen befoking mar in lytse minderheid fan likernôch 6.000 minsken (2002: 5995, 2010: 5854).

Mynbou is de belangrykse pylder fan de ekonomy fan it gebiet. Benammen goud, sulver en tin wurdt fûn. Ek is de fiskerij en de enerzjywinning fan belang.

Yn de oblast is der njonken Magadan noch de stêd Sûsûman. Dêrnjonken wiene der noch 28 plakken mei in stedsk karakter, mar troch it tebekrinnende ynwennertal hawwe guon dêrfan dy status yntusken formeel ferlern.

Magadan
Gruttere plakken
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal (1989) Ynwennertal Wapen Lokaasje
Jagodnoje Ягодное 11.024 2.767 (2022)
gjin
62° 31' N 149° 37' E
Magadan* Магадан 151.652 91.432 (2022) 59° 34' N 150° 48' E
Ola Ола 10.122 5.985 (2022) 59° 34' N 151° 18' E
Omsûktsjan Омсукчан 9.873 3.565 (2022)
gjin
62° 30' N 155° 46' E
Palatka Палатка 10.496 3.751 (2022)
gjin
60° 06' N 150° 56' E
Sokol Сокол 8.011 4.779 (2022)
gjin
59° 54' N 150° 43' E
Sûsûman* Сусуман 16.818 4.195 (2022) 62° 47' N 148° 09' E
Ust-Omtsjûg Усть-Омчуг 11.343 2.659 (2022)
gjin
61° 09' N 149° 38' E

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Magadan


Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje