Springe nei ynhâld

Gregoarius fan Nazianze

Ut Wikipedy
Gregoarius fan Nazianze
   hillige
18e iuwsk fresko yn it Simonopetra-kleaster op Atos
18e iuwsk fresko yn it Simonopetra-kleaster op Atos
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Gregoarius
nasjonaliteit Byzantynsk
bertedatum ± 329
berteplak Arianzos by Nazianze
stjerdatum 25 jannewaris 390
stjerplak Arianzos by Nazianze
wurkpaad
berop biskop, metropolyt
hillichferklearring
sillich ferkl. ûnbekend
hillich ferkl. ûnbekend
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
hjeldei 2 jannewaris (RK, Anglikaanske Tsjerke); 25 jannewaris
attributen as biskop mei boek of skriftrol, somtiden mei in do
patroan fan dichters, foar in goede rispinge

Gregoarius fan Nazianze (* ± 329 yn Arianze by Nazianze (eastlik fan it hjoeddeiske Aksaray yn Turkije) yn Kappedoasje; † 25 jannewaris 390) wie biskop fan Sasima (it tsjintwurdige Turkske Çavdarlı) yn Kappadoasje en foar koarte tiid metropolyt fan Konstantinopel. Mei Basilius de Grutte en dy syn broer Gregoarius fan Nyssa is er ien fan de saneamde trije Kappedoasyske faars. Alle trije setten hja mei harren útiensettings oer de lear fan de Trije-ienheid yn de 4e iuw in beslissend stimpel op de kristlike teology.

Gregoarius fan Nazianze is ien fan de fjouwer grutte Grykske tsjerkelearaars fan it iere kristendom, dy't offisjeel de titel fan "De Teolooch" ferliend waard (de twa oaren binne de apostel Jehannes en Simeon de Nije Teolooch). Tegearre mei Basilius de Grutte en Jehannes Krysostomos is er ien fan de trije hillige hiërargen.

Gregoarius waard in pear jier nei it Earste Konsylje fan Nicea op it lângoed Arianze berne, de tsjintwurdige Kleasterdelte by Güzelyurt yn Turkije. Yn dy tiid hie it konsylje it arianisme feroardiele, mar benammen troch it leger, it keizerhûs en de haadstêd Konstantinopel bleau dat arianisme yn de polityk en maatskippij in allesoerhearskjende rol spyljen.

Gregoarius fan Nazianze op in ikoan út 1408 fan Andrej Rûbljov (Untsliepeniskatedraal (Vladimir))

De mem fan Gregoarius, Nonna, wie in fromme kristinne. Hja hie har man, dy't ek Gregoarius hiet (Gregoarius fan Nazianze de Aldere), bekeard ta it kristendom. Likernôch mei de berte fan Gregoarius yn 329 waard syn heit biskop fan Nazianze. Syn âlden lieten him yn Nazianze, Caesarea (tsjintwurdich Kayseri), Aleksanderje en Atene studearje. Yn syn stúdzjetiid yn Atene, dêr't er fanôf 348 retoryk studearre, kaam er yn de kunde Basilius fan Caesarea, mei wa't er in libbenslange freonskip ûnderhold, en ek mei Flavius Claudius Julianus, de letter keizer en kristenferfolger Julianus Apostata. Yn de grêfrede foar Basilius soe Gregoarius letter in libbene beskriuwing jaan fan it doedestiidske studintenlibben.

Nei syn stúdzje foege er him by freon Basilius, dy't mei in pear oaren oan de Irisrivier (tsjintwurdich de Yeşilırmak) by Neoceasarea ûnder strange kleastertucht yn iensumens de tiid troch brocht mei wurk, gebed en bibelstúdzje.

Tsjin it sin waard er troch syn 85 jier âlde heit weromroppen nei Nazianze (yn it tsjintwurdige distrikt Gülağaç) om him dêr te helpen by de lieding fan it bisdom. De lokale kristlike mienskip wie dêr fanwegen teologyske kwestjes spjalte. Muontsen en oanhingers fan it arianisme beskuldigen de oan it Earste Konsylje fan Nicea trouwe biskop fan ketterij, mar de yntusken ta preester wijde Gregoarius slagge der mei diplomasy yn om it skeel del te bêdzjen. Gregoarius hie him leaver oan it aksetyske libben yn iensumens wijd en dy ynderlike striid beskriuwt er yn in preek, dy't oer de ferantwurdlikens fan it preesteramt hannele en noch jimmeroan yn de katechismus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke oanhelle wurdt.

Yn 370 waard Gregoarius' freon Basilius metropolyt fan Caesarea, dy't him talei op de striid tsjin it arianisme. Basilius beneamde syn broer Gregoarius en syn freon Gregoarius ek ta biskop om him te helpen yn dy striid. Gregoarius waard biskop fan Sasima yn Kappadoasje.

Nei de dea fan syn âlden kearde er werom nei de iensumens, mar yn 379 waard er troch in lytse otterdokske gemeente beroppen yn it troch it arianisme regearre Konstantinopel. Om't him de tagong yn de arianyske tsjerken ûntsein waard, sette er yn in kelder útein te preekjen. Under dy preken wiene ek de fiif teologyske ferhannelings, dêr't er nei syn dea yn it Konsylje fan Efeze de titel fan "De Teolooch" foar krije soe, dy't er tegearre mei de apostel Jehannes, de skriuwer fan it fjirde evangeelje, en de lettere Simeon, de nije teolooch, krige. As ien fan de alderbêste sprekkers fan de iere tsjerkskiednis wist er in jimmeroan waaksjend publyk te lûken. Oanhingers fan it arianisme beantwurden dy tanimmende populêrens fan Gregoarius net allinne mei ferbaal geweld, mar ek mei oanfallen dy't him it libben kostje koene. Syn tsjinstanners koene lykwols net tefoarren komme dat de stêd troch it tadwaan fan Gregoarius wer nei de trinitaryske otterdoksy begûn oer te heljen. Ien fan syn learlingen yn dy tiid wie Hiëronymus, de lettere tsjerkfaar en oersetter fan de Fulgata.

It grutte súkses fan Gregoarius makke dat er yn 380 yn de Hagia Sofia ta metropolyt fan Konstantinopel beneamd waard. Hy hie grutte ynfloed op de besluten fan it Earste Konsylje fan Konstantinopel, dy't er ynearsten ek foarsiet. Oan wurke syn posysje as patriarch fan Konstantinopel ferfrjemdzjend foar it gewoane folk. As patriarch hied er as eardere akseet út de provinsje dy't alle lúkse strang ôfkarde no te meitsjen mei it hôf en de hegere geastlikens, dy't oant foar koart noch yn 'e mearderheid arianysk west hiene. Hy wie boppedat by lange nei net opwoeksen tsjin de ûnbedimme yntriges fan de hegerein en al yn 381 loek er him út it amt fan metropolyt werom.

De rest fan syn libben wenne er as hermyt op in stikje fan it eardere lângoed fan syn heit. Syn erfenis hied er lykas syn freon Basilius nei de dea fan syn heit foar it measte oan de earmen jûn. De iennige lúkse dy't er dêr noch hie wie in boarne en in stikje bou. De tiid dêr brûkte er om te skriuwen en him ta te lizzen op teologyske fraachstikken, benammen wat de lear fan de Trije-ienheid oanbelanget. Jierrenlang wied er slim siik, oant de dea him yn 390 dêrfan ferloste.

Sint-Joariskatedraal yn Istanbûl-Fener

Gregoarius waard begroeven yn Arianze, mar yn 956 waard syn omskot nei Konstantinopel brocht en yn de Hagia Sophia byset. Yn 1204 waarden de reliken yn de Fjirde Krústocht stellen mei nommen nei Rome, dêr't se in plak krigen yn in nij kleaster mei in kapel dêr't hjoeddedei de Santa Maria della Concezione in Campo Marzio stiet. Yn 1580 ferhûzen de reliken fan Gregoarius nei de Sint-Piter, dêr't se oant 2004 bleaune. Yn dat jier joech paus Jehannes Paulus II de reliken fan Gregoarius oan it patriarchaat fan Konstantinopel werom, dy't se bewarret yn de Sint-Joariskatedraal yn it Istanbûlske stedsdiel Fener. Ek yn Moskou wurde reliken fan de hillige bewarre.

Ikoan fan de hillige Trije Hiërargen (Novgorod); 15e/16 iuw

Fan Gregoarius bleaune fyftich preken en redes bewarre, ek guon dy't tige persoanlik en biografysk binne. Dêrûnder binne û.o. grêfredes foar syn âlden, bruorren en susters en foar syn freon Basilius. Yn teologysk opsicht binne de fiif redes fan 379 it meast belangryk, dy't er yn Konstantinopel hold en wêryn't er de Trije-ienheid fan it Konsylje fan Nicea definiearre en útlei. Yn it oekumenyske Konsylje fan Efeze krige Gregoarius foar dy fiif preken de titel "De Teolooch".

Mear dan 200 brieven binne oant yn ús tiid fan Gregoarius oerlevere. Teologysk binne de brieven oer it debat mei Apollinarius wichtich. Biografysk binne it grutte tal brieven oan Basilius en histoarysk weardefol de brieven oan syn broer Caesarius oan it keizerlike hôf en ferskate hegere amtners. Gregoarius brieven binne stylistysk perfekt formulearre en foarmje faak in spegel fan syn karkater en syn ynderlike striideraasjes. Se binne humoristysk (Gregoarius wie de iennige dy't de opljeppene en autokratyske Basilius doarst te wjersprekken) maar ek skerpsinnich debattearjend.

Gregoarius wie ek in dichter en wol sa dat er ta de bêste Grykske dichters út dy tiid rekkene wurdt. Yn in relatyf koart, 334 sinnen tellend gedicht "Tsjin de Poetsdrift fan Froulju" polemisearret er benammen tsjin it opmeitsjen fan froulju. Dêrby ferbynt er in kristlike libbenshâlding mei klassike ideeën. Hy easket foar de tsjerkegong ienfâldigens en fierder gjin optutterij. Hy fersiert it gedicht mei in poetyske taal en past oer it tema ryklik de oerlevere skat ta fan de Grykske literatuer dy't by Homêros, Hesiodos, de grykske filosofen, de grykske komedy ensafuorthinne te finen is.

Ien fan syn gedichten waard op muzyk makke yn in Taizéliet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gregor von Nazianz