Fonograaf
De fonograaf is de foarrinder fan de grammofoan. De fonograaf waard patintearre troch Thomas Alva Edison op 19 febrewaris 1878 en foarseach yn de earste mooglikheid om lûd op te nimmen en wer ôf te spyljen. De fonograaf fan Edison is grif baseare op in fonautograaf dy't yn 1860 troch de Paryske útfiner Édouard-Léon Scott de Martinville boud waard.
It earste fonografyske dokumint dat Edison sels makke wie in opname fan it Ingelske berneferske "Mary had a little lamb".
Wurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de fonograaf wurde troch in membraan en in stielen nille de lûdstrillings fêstlein, trochdat de skerpe punt fan de nille in groef fan wikseljende djipte lûkt yn in metaallaach dy't om in rûndraaiende silinder oanbrocht is. Nei de opname wurdt de nille nei it begjin fan de silinder brocht en yn it lûdsspoar setten. Troch dêrnei de silinder rûn te draaien waard it opnomde lûd fia in hoarn ôfspile.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Phonographs fan Wikimedia Commons. |