Edwardiaanske arsjitektuer
Appearance
Edwardiaanske arsjitektuer is de boustyl dy't populêr wie yn de regearperioade fan Edward VII fan it Feriene Keninkryk (1901-1910), mar ek noch oant 1914 (it Edwardiaansk tiidrek).
Gebouwen yn Edwardiaanske styl binne net safolle fersierd as dy yn de heech- of lette-Fiktoariaanske arsjitektuer útsein de Edwardiaanske barokarsjitektuer. De Edwardiaanske styl wurdt fierder skaaimerke troch it gebrûk fan ljochte kleuren en ienfâldiger patroanen. De arsjitekten waarden foar in part ynspirearre troch de Fiktoariaanske arsjitektuer, mar ek troch Georgiaanske en klassisistyske stilen en fan de deroan foarôfgeande Jugendstil of Art Nouveau.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Edwardiaanske huzen yn Sutton, Grut-Londen
-
Catts Farm, Kingsclere, Newbury, ûntwerp fan H. Launcelot Fedden (1869-1910)
-
Country Life Offices yn Londen