Carl von Ossietzky
Carl von Ossietzky (Hamburch, 3 oktober 1889 – Berlyn, 4 maaie 1938) wie in Dútsk sjoernalist, pasifist en demokraat, dy't in boechbyld fan ferset tsjin Hitler waard. Yn 1935 waard him de Nobelpriis foar de Frede takend foar it oan it ljocht bringen fan it klandestyn op 'en nij bewapenjen fan Nazy-Dútslân.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ossietzky waard berne as soan fan Carl Ignatius von Ossietzky (1848–1891), in protestant fan Boppe-Sileezje, en Rosalie (berne Pratzka), in fromme katolyk dy't leafst hawwe wollen hie dat Carl muonts waard. Heit wie stenograaf op kantoar fan in abbekaat en senator, mar hy stoar al doe't Carl twa jier wie. Ossietzky boaske augustus 1913 oan de Ingelske Maud Lichfield-Woods (Hyderabad, 11 desimber 1888 - Berlyn, 1974), dy't aktyf wie yn de Ingelske frouljusbeweging.
Pasifist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei militêre tsjinst yn de Earste Wrâldoarloch, hy wie ûnder mear by de Slach om Ferdun, waard Ossietzky oertsjûge pasifist en demokraat. In stikmannich jierren letter wie er sekretaris fan de Deutsche Friedensgesellschaft en besocht middels publikaasjes en foardrachten it Dútske folk in 'fredesbewustwêzen' by te bringen. Hy waard redakteur fan de Berliner Volkszeitung en yn 1926 haadredakteur fan de Weltbühne, wêrfan't er tegearre mei Kurt Tucholsky ek de útjouwer wie. Sadwaande hie er in wichtich platfoarm foar syn ferset tsjin de temûke Dútske herbewapening dy't yn striid wie mei it Ferdrach fan Fersailles.
Ferfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de nasjonaalsosjalisten oan de macht kamen en de deltwang fan de joaden yn Dútslân op gong kaam wegere er it lân te ferlitten, omdat er fan betinken wie dat er fanút it bûtenlân te min ynfloed útoefenje koe. Yn 1927 en 1932 siet er totaal acht moanne yn de finzenis. Op 28 febrewaris 1933, de dei nei de brân yn de Ryksdei, waard er op 'en nij oanholden en doe feroardiele ta twangarbeid yn in konsintraasjekamp. Fan de Spandaufinzenis yn Berly, oer kamp Sonnenburg kaam er yn it kamp Esterwegen telâne (sjoch:Iemslânkampen).
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Von Ossietzky krige de Nobelpriis foar de Frede yn 1935. Dat wie in impuls foar de ynternaskonale kampanje om him frij te krijen. Hy krige lykwols gjin tastimming om de priis yn Sweden op te heljen, sadwaande koe dy net útrikt wurde. It reglemint seit dat de laureaat of syn famylje de priis yn Stokholm yn ûntfangst nimme moat. Fan doe ôf oan ferbeane de nazy's eltse Dútser it opheljen en sadwaande ek it erkennen fan de Nobelpriis. Yn 1992 de universiteit yn Aldenboarch nei Carl von Ossietzky ferneamd. De universiteit keas dizze ferzetsstrider ûnder mear om reden fan syn finzenskip yn it tichteby lizzende konsintraasjekamp Esterwegen.
De ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Von Ossietzky waard siik yn 1938. Hy hie tuberkuloaze yn in terminaal stadium. Hy stoar 4 maaie 1938 yn it sikehûs.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Carl von Ossietzky fan Wikimedia Commons. |
- Dútsk sjoernalist
- Dútsk kranteredakteur
- Dútsk polityk aktivist
- Dissidint yn nazy-Dútslân
- Dútsk krimineel
- Persoan feroardiele foar lânferrie
- Dútsk spion
- Dútske adel
- Dútsk frijmitselder
- Dútsk pasifist
- Winner fan de Nobelpriis foar de Frede
- Dútsk persoan fan Poalsk komôf
- Persoan fan Silezysk-Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1889
- Persoan stoarn yn 1938