Springe nei ynhâld

Begjintitels

Ut Wikipedy
De begjintitels fan 'e film A Farewell to Arms, út 1932.

De begjintitels wurde by films, tillefyzjeprogramma's en fideospultsjes foarme troch de teksten dy't yn byld ferskine oan it begjin fan it wurk. Dêryn wurde de titel fan 'e produksje, de namme fan it bedriuw (of de bedriuwen) efter de produksje en de nammen fan 'e wichtichste leden fan cast en crew neamd. In mear útwreide list fan meiwurkers oan 'e produksje wurdt dan nei ôfrin fan it wurk jûn yn 'e ôftiteling (ek bekend as de eintitels). De begjintitels wurde yn 'e regel begelaat troch in titelsong of oare filmmuzyk. Benammen by tillefyzjesearjes (mar soms ek by films, lykas by guon films út 'e James Bond-rige) geane de begjintitels mank mei in koart filmke of in kompilaasje fan byldmateriaal út 'e searje. Soks hjit in yntrofilmke, of mei in Ingelsk lienwurd in leader.

Mear as in heale iuw lang wie it by films wizânsje om 'e hiele cast en crew en alle oare dingen dy't neamd wurde moasten yn 'e begjintitels op te nimmen. Dêrtroch koe it noch wolris in skoftke duorje ear't de film begûn. Yn Oliver!, út 1968, duorje de begjintitels bygelyks trije en in heale minút tsjin in eftergrûn fan wat autentike njoggentjinde-iuwske gravueres lykje (mar eins net binne) fan karakteristike Londenske strjitbylden. Yn 'e westernfilm Once Upon a Time in the West, ek út 1968, duorje de begjintitels sels fjirtijn minuten, hoewol't se dêr oer de iepeningssêne hinne plakt binne. Pas yn 'e iere 1970-er jierren waard it gewoante om inkeld noch de wichtichste nammen yn 'e begjintitels te neamen en de rest pas yn 'e ôftiteling te wer te jaan, dy't dêrtroch folle langer waard.

Yn 'e 2000-er jierren waard it moade om 'e begjintitels pas sjen te litten nei't der al in yntrosêne west hie, of om 'e begjintitels hielendal wei te litten. Yn films as Van Helsing, út 2004, en Batman Begins, út 2005, wurdt sels de filmtitel pas yn 'e ôftiteling neamd. Dejinge dy't úteinsette mei it minimalisearjen fan 'e begjintitels, wie de Amerikaanske regisseur George Lucas, dy't oan it begjin fan syn film Star Wars, út 1977, inkeld en allinnich de filmtitel toande, en itselde die yn 'e ferfolchfilm The Empire Strikes Back, út 1980. Om't er yn 'e begjintitels fan dy films ek de namme fan 'e regisseur weilitten hie, krige er fan it Directors Guild of America in boete oplein fan $250.000, wat derta late dat Lucas syn lidmaatskip fan dy organisaasje opsei.

Lucas syn films wiene lykwols lang net de earsten dy't amper begjintitels hiene. De alderearste lûdsfilm sûnder begjintitels wie nammentlik de tekenfilm Fantasia, fan Disney, dy't datearret fan 1940. Yn 'e bioskoopferzje waard dêr in byld mei de titel en de fermelding "Color by Technicolor" oan tafoege, mar fierders wiene der alhielendal gjin begjin- of eintitels, oant by de útjefte fan in VHS-fideo-edysje yn 1990 in ôftiteling taheakke waard. Oare foarbylden fan eardere films mei amper begjintitels binne Citizen Kane (1941), West Side Story (1961), 2001: A Space Oddyssey (1968) en The Godfather (1972). It werjaan fan inkeld de filmtitel yn 'e begjintitels rekke lykwols pas mids tachtiger jierren gongber ûnder ynfloed fan it súkses fan 'e films fan Lucas.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.