Springe nei ynhâld

3 Days to Kill

Ut Wikipedy
3 Days to Kill
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur McG
produsint Ryan Kavanaugh
Marc Libert
senario Luc Besson
Adi Hasak
kamerarezjy Thierry Arbogast
muzyk Guillaume Roussel
filmstudio EuropaCorp
Wonderland Sound and Vision
distribúsje EuropaCorp (Jeropa)
Relativity Media (Noard-Amearika)
spilers
haadrollen Kevin Costner
Hailee Steinfeld
Connie Nielsen
byrollen Amber Heard
Tómas Lemarquis
Marc Andréoni
Eriq Ebouaney
Richard Sammel
Jonas Bloquet
skaaimerken
lân/lannen Frankryk
Feriene Steaten
premiêre 12 febrewaris 2014
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje-aksjeskriller
taal Ingelsk (ek in bytsje Frânsk en Dútsk)
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $53,3 miljoen

3 Days to Kill is in Frânsk-Amerikaanske spionaazje-aksjeskrillerfilm út 2014 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Kevin Costner, Hailee Steinfeld en Connie Nielsen. De titel betsjut "3 Dagen om te Deadzjen", mei in wurdboarterij om't dat sawol letterlik opfette wurde kin as oerdrachtlik, yn 'e sin fan it deadzjen fan tiid. It ferhaal giet oer spesjaal agint Ethan Renner fan 'e CIA, dy't ûntdekt dat er in terminale foarm fan kanker hat. Hy lûkt him út syn wurk werom om 'e lêste pear moannen mei syn fan him ferfrjemde teenagedochter en eks-frou troch te bringen, dy't yn Parys wenje. Troch in oare CIA-agint wurdt him lykwols in eksperiminteel medisyn oanbean dat syn libben ferlingje kin yn ruil foar syn help om 'e glûpske wapenhanneler te likwidearjen dy't bekend stiet as 'de Wolf'. 3 Days to Kill krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Ethan Renner is in spesjaal agint fan 'e CIA, dy't yn 'e Servyske haadstêd Belgrado gearwurket mei in team fan oare aginten om 'e Albino op te pakken. Dat is de rjochterhân fan in beruchte mar glûpske Dútske wapenhanneler dy't "de Wolf" neamd wurdt en fan wa't gjin sinjalemint bekend is. De Albino is yn Belgrado om in eigenmakke nukleêr wapen te ferkeapjen oan leden fan in terroristyske groepearring. Renner kringt de hotelkeamer fan 'e keapers yn en skeakelet harren út. It is dêrnei de bedoeling om 'e Albino yn 'e fâle rinne te litten, mar dyselde ken Yasmin werom, ien fan Renner syn kollega's dy't har yn it hotel as keamerfamke foardocht. Hy is har nammenlik in jier lyn yn Karachi tsjinkommen, dêr't se foar servearster trochgie. De Albino, dat in sadist is, nimt de tiid om Yasmin op útsochte wize te deadzjen, troch har mei de holle tusken de doarren fan 'e lift troch te lizzen en har troch de delgeande lift ûnthalzje te litten.

Underwilens beseft Renner, dy't de lêste tiid oanhâldend ferkâlden is en hoastet, dat er de jierdei fan syn dochter (wer) fergetten is. Dat, om 'e kommunikaasje fan syn team net te kompromitearjen, bejout er him nei in tillefoansel foar it hotel, dêr't er har opskillet. Hy is noch in boadskip op har voice-mail oan it ynsprekken as de Albino en syn trewanten harren al sjittend in wei út it hotel klearje. Dêrby komt hast it hiele CIA-team om. Renner lit de tillefoan gewurde en set de efterfolging yn. Hy wit de helpers fan 'e Albino te deadzjen, en de Albino sels sjit er yn 'e skonk, mar ear't er de man oppakke kin, begjint it him ynienen te draaien. Hy knoffelet del, en wylst it bloed him út 'e noas rint, rekket er bewusteleas. De Albino kin dêrnei al mankepoatsjend ûntkomme. Underwilens wurdt it hiele fiasko fan in ôfstân waarnommen troch Vivi Delay, in elite-slûpmoardneresse fan 'e CIA, dy't stjoerd is om 'e Wolf te deadzjen. Sy fermoedet dat Renner yn it hotel sûnder it te beseffen de Wolf sjoen hat en dat er dêrom de iennichste is dy't wit hoe't de wapenhanneler derút sjocht.

Renner wurdt nei syn episoade foar in medyske keuring stjoerd, en de keuringsdokter fan 'e CIA stelt by him terminale harsenskanker fêst, dy't útsiedde is nei syn longen. Hy jout him noch in fearnsjier oant op syn heechsten fiif moannen te libjen. Renner nimt it berjocht ridlik lakonyk op en stelt fêst dat dit in jier sûnder kryst wurdt. Hy wurdt ûntslein fan alle fierdere ferplichtings as CIA-agint en reizget nei Parys ta, dêr't syn folslein fan him ferfrjemde teenagedochter Zooey en syn eks-frou Christine wenje. Hy wol it bytsje tiid dat er noch oer hat mei harren trochbringe. Christine fertelt er wêr't de stâle fêstsit, mar foar Zooey wol er syn medyske tastân foarearst geheim hâlde. Christine jout him tastimming om kontakt op te nimmen mei Zooey nei't er har besward hat dat er klear is mei syn wurk foar de CIA. It probleem is allinne dat Zooey net sit te wachtsjen op in nije relaasje mei har heit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens blike der kreakers yn Renner syn lang net brûkte Paryske appartemint te wenjen: de tige joviale en freonlike negroïde Jules en syn grutte húshâlding, dy't ymmigranten út Maly binne. Renner giet nei de plysje om dy lju derút smite te litten, mar dêr wurdt him ferteld dat der yn Frankryk regels binne dy't it ferbiede om kreakers by 't winter op 'e strjitte te setten, en dat er oer in pear moannen mar weromkomme moat. As Renner oppenearret dat er se der dan sels mar útsmite moat, wurdt him op it hert drukt om dat net te dwaan, want dan sil de plysje twongen wêze om hìm op te pakken en yn it tichthûs te goaien. Sadwaande is Renner twongen om syn appartemint mei Jules-en-dy te dielen.

De ferhâlding tusken Renner en Zooey giet mei hoarten en stjitten, mar as Christine foar har wurk in pear dagen nei Londen moat, wit Renner har te bepraten om ynstee fan in oppas oan te nimmen, hìm foar Zooey soargje te litten. Underwilens is Renner oansprutsen troch Vivi, dy't wol dat er de Wolf foar har opspoart en deadet. Yn ruil dêrfoar sil se him foarsjen fan in eksperiminteel medisyn dat syn libben ferlingje kin. Om't er dúdlik ferlet hat fan mear tiid om syn bân mei Zooey wer op 'e rails te krijen, giet Renner op har foarstel yn. Vivi fertelt him dat er de Wolf fine kin troch de Albino op te spoaren. Dy kin er fine fia syn boekhâlder, en de lokaasje fan 'e boekhâlder kin er oan 'e weet komme fan Mitat Yilmaz, de eigner fan in autoferhierbedriuw foar de ûnderwrâld.

Dat, Renner ûntfiert Yilmaz en martelet him om 'e lokaasje fan 'e boekhâlder út him te krijen, wêrby't er lykwols allegeduerigen ûnderbrutsen wurdt om 'e skoalproblemen fan Zooey op te lossen. Hy en Yilmaz witte harren relaasje profesjoneel te hâlden, en tusken de martelsesjes troch freget Renner syn slachtoffer, dy't heit fan twa teenagedochters is, om rie oer opfieding. Yilmaz besiket him oprjocht te helpen yn 'e hope dat er troch in bân te foarmjen Renner derfan wjerhâlde kin om him út 'e wei te romjen as er klear mei him is. Dat blykt yndie sa te wêzen, en Renner lit Yilmaz neitiid wer frij om't de man syn ferrie dochs net oan 'e Albino útbringe sil as er noch trochgean wol mei libjen. In selde senario werhellet him as Renner de boekhâlder, in Sisyljaan dy't Guido hjit, ûntfierd hat. Hy wurdt wer ûnderbrutsen troch Zooey, dy't dy jûns spagetty siede wol foar har frijer Hugh, en oft heit ek in resept foar spagettysaus wit. Heit skeakelet dêrop de help fan Guido yn, dy't er neitiid gean lit op it ûnthjit dat er linea recta weromgean sil nei syn mem yn Sisylje. Underwilens moat er der hieltyd om tinke dat syn hertslach net tefolle oprint, om't in bywurking fan it eksperimintele medisyn is dat er dan begjint te hallusinearjen.

As Zooey him foarliigd dat se in nacht útfanhûzje sil by in freondinne fan wa't Christine letter noch nea heard blykt te hawwen, giet Renner op 'e siik nei syn dochter. Syn iennichste oanknopingspunt is in kaartsje mei de ôfbylding fan in spinneweb en it wurd spider derop. Dat hy siket Yilmaz thús op, ta dy syn ôfgriis, om it kaartsje oan syn twillingdochters sjen te litten. Dy ferwize him daliks troch nei Soirée, in eksklusive nachtklub dêr't Renner binnenkomt troch de útsmiter yn 'e foet te sjitten. Hy is krekt op 'e tiid om Zooey te rêden, dy't troch fjouwer teenagejonges meinommen is nei it húske en op it punt stiet om ferkrêfte te wurden. Renner slacht de jonges, dy't him mei geweld besykje tsjin te hâlden, hielendal yninoar en draacht Zooey yn syn earms nei bûten ta. Neitiid betteret harren relaasje stadichoan op, oant Renner Zooey dûnsjen leart foar in deftich feest by har freon Hugh thús. Christine is ûnder de yndruk as se weromkeart út Londen en harren beiden by de dûnsles trappearret.

Mei de ynformaasje dy't er fan Guido krigen hat, spoart Renner de Albino en de Wolf op. Nei in wylde auto-efterfolging troch Parys dy't einiget mei harren auto op 'e kop op 'e kade fan 'e Seine, folget er de beide mannen nei in metrostasjon, dêr't er lykwols op 'e nij in episoade kriget. Wylst er dêr helpeleas leit, besiket de Albino him te fermoardzjen troch him mei de holle oer de râne fan it perron te maneuvrearjen, sadat de oandaverjende metro syn holle derôf ride sil. Dêrby slacht er de oprop fan 'e Wolf, om Renner gewoan dea te sjitten, yn 'e wyn. Krekt foar't de metro arrivearret, smyt Renner de Albino lykwols oer him hinne op 'e rails, sadat er deariden wurdt. De Wolf wit te ûntkommen en jout neitiid syn trewanten opdracht om him by syn sakepartner te bringen, dy't him Parys en Frankryk útsmokkelje sil.

Dy jûns wurdt ek it feest by Hugh thús holden, dat organisearre is troch Hugh syn âldelju. Renner en Christine binne dêr, as de âldelju fan Hugh syn faam, ek foar útnûge. As se by Hugh arrivearje, bringt dy harren yn 'e kunde mei syn heit en mem, en syn heit stelt Renner en Christine foar oan syn sakepartner: nimmen oars as de Wolf. It feest rint al rillegau út op in sjitpartij, wêrby't Renner alle trewanten fan 'e Wolf omleit en de lift wêryn't de man sels besiket te ûntsnappen, nei de grûnferdjipping falle lit. De Wolf oerlibbet dat, mar rekket slim ferwûne. As Renner yn 'e lobby fan it appartemintekompleks komt, falt er der sels ek wer hinne. Vivi komt opdaagjen en wol dat hy de Wolf deasjit. Mar Renner, dy't him skuldich fielt oer alle skea dy't er tabrocht hat oan 'e libbens fan syn frou en dochter, wegeret. Dêrop sjit Vivi de Wolf sels dea.

Kevin Costner.
Hailee Steinfeld.
Connie Nielsen.

Yn in epilooch is it kryst, en Renner libbet noch, dat it medisyn hat blykber fertuten dien. Hy bringt de feestdagen mei Zooey yn in strânhûs troch, dêr't se besykje harren skansearre relaasje op te kallefaterjen. Christine komt del om krystkado's foar him en Zooey te bringen en ek in kado dat foar him oer de post kommen is. Renner wit har te bepraten om te bliuwen. As er letter it kado útpakt, blykt it fan Vivi te wêzen: der sit in nij fleske fan it antykankermiddel yn. Vivi sels stiet op in heuvel efter it hûs en sjocht mei in fierrekiker troch it finster ta hoe't Renner har pakje iepenmakket.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
CIA-agint Ethan Renner Kevin Costner
Zooey Renner Hailee Steinfeld
Christine Renner Connie Nielsen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
CIA-aginte Vivi Delay Amber Heard
de Albino Tómas Lemarquis
Mitat Yilmaz Marc Andréoni
Jules Eriq Ebouaney
de Wolf Richard Sammel
Hugh, Zooey har frijer Jonas Bloquet
direkteur fan 'e CIA Raymond J. Barry
Louis Jonathan Barbezieux
Hugh syn heit Rupert Wynne-James
Guido Bruno Ricci
Yasmin Maï Anh Lê

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

3 Days to Kill waard regissearre troch McG nei in senario fan Luc Besson en Adi Hasak. As produsinten wiene Ryan Kavanaugh en Marc Libert by it projekt belutsen foar de filmstudio's EuropaCorp en Wonderland Sound and Vision. De film wie dêrmei in Frânsk-Amerikaanske ko-produksje. Der wie in budget fan $28 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Thierry Arbogast en de filmmuzyk waard fersoarge troch Guillaume Roussel. De opnamen fan 3 Days to Kill setten op 7 jannewaris 2013 útein en duorren oant yn april. Der waard foar it meastepart filme yn Parys, mar in diel fan 'e begjinsênes waard opnommen yn 'e Servyske haadstêd Belgrado, foar it gebou fan Hotel Jugoslavija.

De distribúsje fan 3 Days to Kill waard yn Frankryk en oare Jeropeeske lannen fersoarge troch EuropaCorp, en yn 'e Feriene Steaten en Kanada troch Relativity Media. De film gie op 12 febrewaris 2014 yn Los Angeles yn premiêre, wêrnei't er op 21 febrewaris iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen en op 19 maart yn dy yn Frankryk.

Fan 'e filmkritisy krige 3 Days to Kill oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Geoff Berkshire yn it tydskrift Variety: "de lauwe gesinsdynamyk is ûnnoflik njonken aksjesênes pleatst, dy't ek al gjin yndruk meitsje." Yn 'e Britske krante The Guardian part Mark Kermode 3 Days to Kill 1 fan 5 stjerren ta, en omskreau de film as "erbarmlik".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie 3 Days to Kill in leech goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 119 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fermingt op knoffelige wize technysk heechsteande aksjesênes mei in ûnderûntwikkele famyljekonflikt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 3 Days to Kill in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 30 resinsjes.

3 Days to Kill brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $30,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $22,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $53,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $25,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.