Fryske Parsepriis
De Fryske Parsepriis waard sûnt 13 novimber 1965 jierliks útrikt op it Fryske Parsebal. Doe't de belangstelling foar it Parsebal werom rûn is der yn 2008 ek in punt setten efter de Fryske Parsepriis. Yn 2011 waard de Parsebaltradysje wer ynsteld mei in gearkomst yn de Blokhûspoarte.
Fanwege it jierlikse Parsebal is healwei de jierren sechstich troch de Feriening fan Fryske sjoernalisten (VFJ, in ôfdieling fan NVJ), de beropsferiening en fakbûn fan de Nederlânske sjoernalisten, de Fryske Parsepriis ynsteld. In troch de VFJ oanwiisde sjuery rikte de Fryske Parsepriis jierliks út oan in persoan (of organisaasje) dy't yn it (Fryske) nijs stien hat, "sûnder dêrby de parse te sykjen of te mijen".
Yn de ferpyldere jierren fyftich en sechtich hie elke gesinte har eigen deiblêd. It Friesch Dagblad wie der foar de protestanten, Ons Noorden foar de roomsken en Het Vrije Volk foar de sosjalisten (om It Hearrenfean noch de Friese Koerier) en foar neutralen de Ljouwerter Krante. Ek de sjoernalisten hienen harren eigen fermiddens sadat se elkoar komselden seagen of koenen. In tal sjoernalisten, wêrûnder Hennie Keikes en Henk van der Meulen fan de LC, Fenno Schouwstra fan it Vrije Volk en Arend Algra fan it FD rjochten yn in boppeseal fan hotel Bellevue oan de Nijstêd (yn 2012 sit dêr in winkel fan Bentex) de Vereniging van Friese Journalisten op. Neist it behertigjen fan harren belangen waard der foar de ynformele kontakten en ûnstspanning in sosiëteit oprjochte. Op 10 maart 1965 waard dy iepene troch kommissaris fan de Keninginne Linthorst Homan yn in boppeseal fan Amicitia. In jier letter wie it dien mei dizze sosiëteit dêr't spilers út De Harmonie ynterviewd waarden, oerlis mei radiokollega's wie en dêr't ek parsekonferinsjes hâlden waarden. It bal waard letter hâlden yn De Klanderij, De Harmonie, La Spunta (no Spinoza oan de Iewâl), it Bachkafee, Teäter Romein en De Bres yn de Skoalstrjitte.
Lêste winners
bewurkje seksje- 2014: Baukje de Vries, âld-foarsitter ôfdieling Fryslân fan Koninklijke Horeca Nederland. Se ferlear al har persoanlike besit by de grutte brân op De Kelders yn Ljouwert, mar wie dochs altyd ree om mei de media te praten
- 2013 - Jan Wagenaar en Sjoerd Hoekstra, foarsitters fan doarpsbelangen De Westereen en Aldwâld
- 2011 - Wiebe Wieling, Alvestêdefoarsitter yn syn kontakten mei de media yn de wiken fan in mooglike Alvestêdetocht
- 2008 - 2009 - 2010 net útrikt
- 2007 - Doutzen Kroes, ynternasjonaal topmodel, út Eastermar, ambassadeur fan de aksje "Praat mar Frysk".
- 2006 - Roy Wesseling, trener fan SK Cambuur Ljouwert.
- 2005 - Anita Andriesen, deputearre PvdA.
- 2004 - Karel Helder, wethâlder fan Wûnseradiel.
- 2003 - Jelke Nijboer, direkteur fan de skoalle fan de ûntfierde Lusanne van der Gun.
- 2002 - FFJ Bernlef, studinteferiening út Grins, makkers fan de alternative Kameleon-film.
- 2001 - Roel Cazemier, boargemaster fan Dongeradiel.
- 2000 - Gryt van Duinen, sjoernaliste by Omrop Fryslân en 'gewisse' fan Simmer 2000
- 1999 - Hans en Willem Anker, abbekaten.
- 1998 - Wim van Krimpen, direkteur Frysk Museum.
- 1997 - Ids Postma, hurdrider.
- 1996 - Henk Kroes, foarsitter Friesche Elf Steden en direkteur It Fryske Gea.
- 1995 - Foppe de Haan, Nes, trener SK It Hearrenfean.
- 1994 - Bob Nuys, direkteur/haadredakteur Friesch Dagblad.
- 1993 - Peter te Nuyl, artistyk lieder fan Tryater.
- 1992 - Henk Hornstra, foarsitter fan It Fryske Gea.
- 1991 - Alex Brinksma, foarsitter fan Sintrale Kommisje Skûtsjesilen.
- 1990 - Hero Werkman, riedslid en letter wethâlder Weststellingwerf.
- 1989 - Dick en Tiny Venema, âlden fan Jolanda, dy't festbûn siet yn in tehûs.
- 1988 - Klaas Dankert, Sint Anne, deputearre.
- 1987 - George Visser, Skylge, bestrider fan iisbear op Spitsbergen.
- 1986 - Dieuwke de Graaff-Nauta, Snits, deputearre, steatssekretaris en minister.
- 1985 - yr. Jan Sipkema, Snits, foarsitter Friesche Elf Steden.
- 1984 - Hans Visser út Maassluis en Anne Wadman ut Snits, skriuwers fan biografy oer Simon Vestdijk
- 1983 - Hilbert van der Duim, It Hearrenfean, reedrider.
- 1982 - Anton Visser, boargemaster Flylân, fanwege rel om it knoeien mei stimmen by ferkiezings.
- 1981 - Froulju Haulerwyk, foar striid foar it iepenhalden fan fabryk.
- 1980 - drs. Rinse Zijlstra, suvelfoaroanman, letter boargemaster.
- 1979 - yr. Sible de Boer, foar striid alternatyf Deltadyk Waadsee.
- 1978 - Sake van der Ploeg.
- 1977 - Luitzen Stellingwerf, lid tariedingskommisje ruilferkaveling.
- 1976 - drs. Stef de Haas, riedslid en letter wethâlder fan Boalsert.
- 1975 - dr. Jan Haagsma, ûntdekker fan it botulisme.
- 1974 - Wim Duisenberg, minister fan finânsjes, letter presidint De Nederlandsche Bank en presidint Jeropeeske Sintrale Bank.
- 1973 - Keninginne Juliana.
- 1972 - Cees van Eysinga, dûmny en keamerhear fan keninginne Juliana, foarsitter Frysk Hynder Stamboek.
- 1971 - Roel Oostra.
- 1970 - Geke Faber-Hornstra.
- 1969 - yr. C. van der Burgt.
- 1968 - Hendrik van der Wielen.
- 1967 - Jelle Zijlstra.
- 1966 - yr. Jacob Ritzema van Ikema fan it Condensfabryk dy't in dûbelede daam nei It Amelân oanlize woe.
- 1965, it earste jier fan oprjochting fan Vereniging van Friese Journalisten, de priis is doe noch net takend.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Webstee De Fryske Sjoernalist
- Ljouwerter Krante, 10 maart 2012, rubryk "Harje" fan Pieter de Groot