It Amelân (Nederlânsk: Ameland) is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente, dy't in oerflak fan 268,5 km² beslacht (wêrfan 209,67 km² wetter), en in kustline fan 55,2 km hat. De gemeente hat 3.826 ynwenners (1 jannewaris 2024).

It Amelân

Dunen en see op it Amelân.
flagge wapen

Wapen fan It Amelân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Leo Pieter Stoel (VVD)
sifers en geografy
haadplak Ballum
grutste plak Hollum
ynwennertal 3.826 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 64 / km²
oerflak 268,50 km²
● wêrfan lân 58,83 km²
● wêrfan wetter 209,67 km²
tal doarpen 4
skiednis
oprjochte 1851
1814–1851 Gritenij It Amelân
oar
netnûmer 0519
postkoade 9161–9164
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Side home-ameland

It haadplak fan it eilân is Nes, en de oare plakken op it eilân binne: Ballum, Bueren en Hollum.

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Amelân.

Krekt hoe lang at it Amelân al bewenne wurdt, is net wis. It begjin fan de skiedskriuwing oer it Amelân is lykwols de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Oant 1405 hearde it eilân by Ferwerderadiel. Nei 1405 stribben de hearren fan it Amelân, it geslacht Van Cammingha ta in ûnôfhinklike steat, wat it eilân oant 1795 west hat. Nei de Frânske tiid waard it Amelân in gritenij fan Fryslân en by de ynfiering fan de gemeentewet, yn 1851, in gemeente.

It eilân hat yn de rin fan de tiid ferskate doarpen ferlern, oan de see en oan it sân. Yn de 18e iuw drige de Slinke it eilân sels yn twaen te brekken, mar minsk en natoer hawwe dit net barre litten. Fan 1872 oant 1882 hat It Amelân fia de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn west. Om't de see machtiger wie as de minsk, hat men de daam opjaan moatten, mar by leech wetter kin men der hieltiid noch parten fan lizzen sjen.

 
Kaart fan gemeente Amelân

Ferdieling gemeenteried

bewurkje seksje

De gemeenteried fan It Amelân bestiet út 11 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018[1] ferkiezings 2022[2]
% sitten % sitten
AMELAND1 42,9 5 36,5 4
ALGBEL AMELAND 20,4 2 23,3 3
CDA 12,5 1 11,9 1
PVDA 8,8 1 9,9 1
AMELAND '82 8,0 1 11,0 1
VVD 7,4 1 7,4 1
opkomst/totaal sitten 80% 11 71,2% 11

Op it Amelân wurdt Amelânsk sprutsen, ien fan de dialekten fan it Stedsk. Al is dit fan oarsprong in mingtaal tusken Frysk en Hollânsk, it Amelânsk stiet no sa fier fan it Frysk ôf dat de measte ynwenners gjin Frysk ferstean kinne.

Oftocht fan de daam, hat de ferbining fan it Amelân mei de wâl altyd in fear west. Dat fear giet fan Nes nei Holwert yn Dongeradiel. Oant likernõch 1940 hie West-Amelân in eigen fear, dat fan de Ballumer Bocht nei Swarte Harne gie.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

It Amelân is ek bekend fan de sêge fan Rikst fan it Oerd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  2. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
Keppelings om utens

             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·  
  It Amelân  
Doarpen:
BallumBuerenHollumNes
Buorskippen:
BallumerbochtKoaipleats
  ·   ·