2008
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2008 MMVIII |
Ab urbe condita | 2761 |
Armeenske kalinder | 1457 ԹՎ ՌՆԾԷ |
Etiopyske kalinder | 2000 – 2001 |
Hebriuwske kalinder | 5768 – 5769 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2063 – 2064 |
- Shaka Samvat | 1930 – 1931 |
- Kali Yuga | 5109 – 5110 |
Iraanske kalinder | 1386 – 1387 |
Islamityske kalinder | 1429 – 1429 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4704 – 4705 甲亥 – 乙子 |
2008 is in skrikkeljier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2008.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris
- 1 - Syprus en Malta fiere de euro yn as muntienheid.
- 21 - Effektebeurzen oer de hiele wrâld stoarte yn it ramt fan 'e Bankekrisis yn, út eangst foar in resesje yn 'e Feriene Steaten.
- febrewaris
- 4 - Iraan lansearret syn earste ûnbemanne raket yn 'e romte.
- 13 - Yn Austraalje biedt premier Kevin Rudd út namme fan it regear formeel syn ûntskuldigings oan foar de Stellen Generaasjes, de Aborizjinal-bern dy't út rasistyske motiven by harren âlden weihelle waarden om troch blanken of yn weeshuzen grutbrocht te wurden.
- 17 - Kosovo ropt de ûnôfhinklikheid út, en wurdt erkend troch in grut part fan 'e Westerske en islamityske wrâld. Servje wegeret dat te akseptearjen en hâldt deroan fêst dat it gebiet in yntegraal ûnderdiel fan Servje útmakket.
- maart
- 2 - Nei in ynfal fan Kolombiaanske troepen op it grûngebiet fan Ekwador, dy't rjochte wie tsjin 'e guerriljastriders fan 'e FARC, rinne de spannings tusken Kolombia en syn buorlannen heech op. Ekwador en Fenezuëla stjoere troepen nei de Kolombiaanske grinzen.
- 24 - Yn Bûtan wurde de alderearste ferkiezings holden nei de ynfiering fan in grûnwet en de omfoarming fan it lân fan in absolute monargy nei in demokrasy mei in mearpartijestelsel.
- 25 - By de ynvaazje fan Anzjûan falt it Komoreeske leger, stipe troch troepen fan 'e Afrikaanske Uny, it opstannige eilân Anzjûan binnen. It regear fan 'e rebellen wurdt ôfset en it eilân komt wer ûnder Komoreesk bestjoer.
- april
- 27 - Yn 'e saak-Fritzl wurdt yn Eastenryk in man oppakt, Josef Fritzl, dy't syn dochter 24 jier lang yn in kelder finzen holden en seksueel misbrûkt hat.
- maaie
- 2 - De fulkaan de Chaitén, yn Sily, begjint foar it earst sûnt likernôch 1640 mei in rige útbarstings.
- 3 - De sykloan Nargis treft de kust fan Birma ekstreem hurd. De stoarm soarget dêr foar mear as 138.000 deaden en rjochtet foar $10 miljard oan skea oan.
- 12 - By in swiere ierdbeving yn 'e Sineeske provinsje Sichuan komme likernôch 87.000 minsken om.
- 23 - De Andeaanske Mienskip en Mercosur geane op yn 'e nije Uny fan Súdamerikaanske Naasjes.
- 28 - It parlemint fan Nepal stimt mei oerweldigjende mearderheid foar de ôfskaffing fan 'e 240 jier âlde monargy en foar de ynstelling fan in republyk.
- 30 - Yn 'e Ierske haadstêd Dublin wurdt de ynternasjonale Konvinsje oangeande Klustermunysjes oannommen.
- juny
- 11 - Yn Kanada biedt premier Stephen Harper út namme fan it Kanadeeske regear formeel syn ûntskuldigings oan 'e Yndianen oan foar it Kanadeeske Yndiaanske kostskoallesysteem, dat desennia lang lânseigen bern oan 'e soarch fan harren âlden ûntskuorde om op ynternaten grutbrocht te wurden, mei as doel om harren har eigen taal, godstsjinst en kultuer te ûntnimmen.
- 12 - By in referindum wiist 53,4% fan 'e befolking fan Ierlân it Ferdrach fan Lissabon fan 'e Jeropeeske Uny ôf.
- 14-14 septimber - Yn it Spaanske Saragossa wurdt de wrâldtentoanstelling Expo 2008 holden.
- 16 - De Amerikaanske steat Kalifornje fiert it homohoulik yn.
- 21 - De tyfoan Fengshen lit op syn trochgong oer de Filipynske Fisaya-eilannen it skip de MS Princess of the Stars sinke, wêrby't mear as 800 opfarrenden ferdrinke.
- july
- 2 - De Kolombiaanske politika Íngrid Betancourt en 14 oare gizelders wurde troch de Kolombiaanske troepen rêden út finzenskip fan 'e rebellebeweging FARC.
- 5-27 - De Omgong fan Frankryk wurdt holde. De tocht begjint yn Bretanje.
- 10 - Yn Fryslân wurdt de earste muorrekeatsferiening oprjochte, MKF De Wide Stege.
- 21 - Yn 'e Servyske haadstêd Belgrado wurdt de eardere Bosnysk-Servyske lieder Radovan Karadžić arrestearre, dy't 12 jier ûnderdûkt sitten hat. Hy wurdt socht troch it Joegoslaavjetribunaal op oanklacht fan oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid.
- 31 - De romtesonde Phoenix, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA befêstiget de oanwêzigens fan wetter op 'e planeet Mars.
- augustus
- 1 - By de ramp op de K2 komme yn Pakistan op ien dei 11 berchbeklimmers fan ynternasjonale ekspedysjes om op 'e K2, de op ien nei heechste berch fan 'e wrâld.
- 6 - By in steatsgreep yn Mauretaanje wurdt presidint Sidi Oeld Sjeich Abdallahi ôfset troch it leger.
- 7 - It Georgyske leger falt it de facto ûnôfhinklike Súd-Osseesje binnen, dat him yn 1991 fan Georgje ôfskaat hat. Russyske troepen komme de Súdosseten te help en de Russysk-Georgyske Oarloch brekt út.
- 8-24 - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Peking, yn Sina.
- 12 - Yn it ramt fan 'e Russysk-Georgyske Oarloch moat Georgje de striid opjaan nei't de Russen it lân mei help fan 'e Súdosseten en de Abgazen in swiere nederlaach tabrocht hawwe.
- 18 - As gefolch fan 'e politike krisis yn Pakistan, dy't ûntstien is nei de moard op Benazir Bhutto, moat presidint Pervez Musharraf ôftrede.
- 20 - It ferkearsfleantúch Spanair-flecht 5022 stoart yn Spanje del op 'e Lofthaven Madrid-Barajas, wêrby't 154 minsken omkomme.
- 26 - Abgaazje en Súd-Osseesje, de facto selsstannige steatsjes dy't har oan it begjin fan 'e jierren '90 losmakke hawwe fan Georgje, wurde formeel troch Ruslân as ûnôfhinklike lannen erkend.
- 26-4 septimber - De orkaan Gustav feroarsaket op Hispanjoala, Jamaika, de Kaaimaneilannen en Kuba en yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Louisiana teminsten 153 deaden en rjochtet foar $6,6 miljard oan skea oan.
- septimber
- 6-13 - De orkaan Ike feroarsaket op 'e Turks- en Kaikoseilannen, de Bahama's, Hispanjoala en Kuba en yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Teksas teminsten 195 deaden en rjochtet foar $37,5 miljard oan skea oan.
- 6-17 - De Paralympyske Simmerspullen wurde holden yn Peking, yn Sina.
- 14 - De Amerikaanske bank Lehman Brothers giet fajyt as gefolch fan 'e Bankekrisis. It is it grutste fajisemint ea.
- 20 - By in bomoanslach op it Marriott Hotel yn 'e Pakistaanske haadstêd Islamabad komme teminsten 54 minsken om en reitsje nochris 266 ferwûne.
- 28 - De Falcon 1 fan it bedriuw SpaceX berikt as earste kommersjeel ûntwikkele romtefear in baan om 'e Ierde.
- 29 - Op 'e Effektebeurs fan New York stoart de Dow Jones-yndeks yn it ramt fan 'e Bankekrisis 777,68 punten omleech (it grutste ferlies ea op ien dei). Dat bart nei de fajisseminten fan 'e Amerikaanske banken Lehman Brothers en Washington Mutual.
- oktober
- 3 - Yn it ramt fan 'e Bankekrisis ûndertekenet de Amerikaanske presidint George W. Bush de op 'e nij besjoene Emergency Economic Stabilization Act, wêrmei't it Troubled Asset Relief Program ûntstiet. Dat is in pot fan $700 miljard om wifkjende banken op te keapjen.
- oktober
- 1 - De Bitcoin, de earste digitale kryptofaluta, wurdt yntrodusearre.
- 4 - De Demokratyske kandidaat Barack Obama ferslacht by de Amerikaanske presidintsferkiezings syn Republikeinske tsjinstanner John McCain en wurdt keazen as de earste swarte presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 4 - De filmstudio Hustler Video, fan produsint Larry Flynt, bringt op 'e dei fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings de pornofilm Who's Nailin' Paylin? út, wêryn't fise-presidintskandidate Sarah Palin (spile troch Lisa Ann) parodiëarre wurdt.
- 5 - De rjochter ferklearret de ynfiering fan it homohoulik yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje ûnjildich.
- 12 - De Amerikaanske steat Konettikut fiert it homohoulik yn.
- 26-29 - By in fjouwer dagen duorjende rige oanslaggen troch islamistyske terroristen op ferskate doelen (wêrûnder it Taj Mahal Palace Hotel) yn 'e Yndiaaske stêd Bombay komme 175 minsken om.
- desimber
- 10 - Sark, ien fan 'e Kanaaleilannen en in ôfhinklik gebiet fan it Feriene Keninkryk, hâldt syn alderearste demokratyske ferkiezings en wurdt dêrmei it alderlêste part fan Jeropa dat it feodale stelsel ôfskaft.
- 21 - Op de Fryske Wikipedy wurdt de 10.000-ste side skreaun: Schotanusatlas.
- 23 - By in steatsgreep yn Guinee wurdt koart nei it ferstjerren fan presidint Lansana Conté it regear fan it lân ôfset troch it leger.
- 27 - It oanhâldende Belis fan de Gaza-stripe troch Israel lokket raketbesjittings fan Israelyske stêden út troch Hamas en oare militante Palestynske groepearrings. Yn reäksje dêrop fiert it Israelyske leger in langduorjende ynvaazje fan 'e Gaza-stripe út.
- 27 - De Frysktalige band Van Wieren wurdt keazen as 'bêste dialektband fan Nederlân' op it Dialektpop Festival Nederlân yn Heinkenszand.
- 31 - Oan 'e ein fan it jier wurdt in skikkelsekonde tafoege. De lêste kear dat dat barde, wie yn 2005.
Berne
bewurkje seksjeFerstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 7 - Hans Monderman, Frysk ferkearsdeskundige (* 1945)
- 11 - Edmund Hillary, Nijseelânsk berchbeklimmer en ûntdekkingsreizger (* 1919)
- 14 - Lento Goffi, Italjaansk skriuwer en sjoernalist (* 1923)
- 17 - Bobby Fischer, Amerikaansk-Yslânsk skaker (* 1943)
- 20 - Lolle van Houten, Frysk bokser en sportskoallehâlder (* 1944)
- febrewaris
- 7 - John Wright, Ingelsk sjonger (* 1947)
- 21 - Joe Gibbs, Jamaikaansk reggaeprodusint (* 1943)
- 22 - Rubens de Falco, Brazyljaansk akteur (* 1931)
- 24 - Anny Bosma-Banning, Frysk leararesse en taalaktiviste (* 1913)
- 27 - Iwan Rebroff, Dútsk sjonger (* 1931)
- 28 - Max Nord, Nederlânsk dichter en sjoernalist (* 1916)
- maart
- 10 - Marten van der Leest, Frysk keatser (* 1923)
- 19 - Hugo Claus, Flaamsk dichter, skriuwer (* 1929)
- april
- 3 - Flip Soolsma, Frysk keatser (* 1947)
- 5 - Ellen Moves Camp, Amerikaansk minskerjochte-aktiviste (* 1930)
- 6 - Mathieu Sprengers, Nederlânsk sportbestjoerder (* 1938)
- maaie
- 1 - J.J. Voskuil, Nederlânsk folkekundige en skriuwer (* 1926)
- 5 - Alma Hogan Snell, Amerikaansk skiedkundige en krûdekundige (* 1923)
- 12 - Irena Sendler, Poalsk fersetsstrydster (* 1910)
- 12 - Robert Rauschenberg, Amerikaansk keunstner (* 1925)
- 12 - Jan Sipkema, Frysk sportbestjoerder, âld-foarsitter fan de Feriening De Fryske Alve Stêden (* 1933)
- 15 - Youssef Idilbi, Frysk akteur (* 1976)
- 31 - Ria Postma-Stolk, Nederlânsk-Frysk skriuwster en foardrachtskeunstneresse (* 1927)
- juny
- 1 - Yves Saint Laurent, Frânsk moadeûntwerper (* 1936)
- 7 - Sjirk Frânses van der Burg, Frysk bistedokter en frisiast (* 1917)
- 10 - Dieuwke de Graaff-Nauta, Frysk politika (* 1930)
- 14 - Kees Fens, Nederlânsk literatuerkritikus en letterkundige (* 1929)
- 24 - Tine Leiker-Kooijmans, Nederlânsk skriuwster en oersetster (* 1915)
- 29 - Frédéric Bastet, Nederlandsk archeolooch en skriuwer (* 1926)
- july
- 2 - Bo Diddley, Amerikaanske sjonger (* 1928)
- 2 - Chris Arlman, Nederlânsk politikus (* 1944)
- 3 - Jan Charisius, Frysk hurdfytser, hurdrider en sportbestjoerder (* 1926)
- 13 - Chantilly Lace, Amerikaansk pornoaktrise (* 1968)
- 14 - Riek Schagen, Nederlânsk aktrise (* 1913)
- 17 - Hiele Walinga, Frysk dammer (* 1927)
- 20 - Piet Keijzer, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner (* 1918)
- 23 - U.G. de Jong, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1925)
- augustus
- 3 - Aleksander Solzjenitsyn, Russysk skriuwer en minskerjochte-aktivist (* 1918)
- 3 - Martha Wieringa, Frysk hurdrydster (* 1935)
- 20 - Joets, Frysk muzikant (* 1931)
- 28 - Phil Hill, Amerikaansk autokoereur (* 1927)
- 31 - Bert Kiewiet, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1918)
- septimber
- 15 - Richard Wright, Ingelsk toetsenist (* 1943)
- 27 - Onno Meijer, Frysk akteur en keunstrider (* 1960)
- oktober
- 7 - Diet Huber, Frysk berneboekeskriuwster en -yllustratrise (* 1924)
- 9 - Piet de Boer, Frysk hynsteman (* 1928)
- 28 - Buck Adams, Amerikaansk pornoakteur en -regisseur (* 1955)
- novimber
- 1 - Jimmy Carl Black, Amerikaansk sjonger en drummer (* 1938)
- 8 - Hendrik Miedema, Nederlânsk heechlearaar nammekunde (* 1922)
- 11 - María Elena Marqués, Meksikaansk aktrise (* 1926)
- 14 - Norbert Schmeltzer, Nederlânsk politikus (* 1921)
- 19 - Herman Kuiphof, Frysk sportsjoernalist en -ferslachjouwer (* 1919)
- desimber
- 1 - Jacobus Zantema, Frysk taalkundige en wurdboekskriuwer (* 1918)
- 3 - Anita Andriesen, Frysk politika (* 1957)
- 4 - Akke Radsma, Frysk toanielspylster en foardrachtskeunstneresse (* 1922)
- 13 - Horst Tappert, Dútsk akteur (* 1923)
- 16 - Wesley C. Dykstra, Amerikaansk predikant en filosoof (* 1922)
- 19 - Lenze Meinsma, Frysk dokter en bestjoerder (* 1923)
- 21 - Wim Molenaar, Frysk fuotballer (* 1924)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- Patricia Briggs, Cry Wolf
- Juliet Marillier, Heir to Sevenwaters
- Patricia Briggs, Iron Kissed
- Julie E. Czerneda, Riders of the Storm
- Lois McMaster Bujold, The Sharing Knife: Passage
- Jim Butcher, Small Favor
- Paul Kearney, The Ten Thousand
- Tanya Huff, Valor's Trial
- Elizabeth Moon, Victory Conditions
- novelles
- ferhalebondels
- Kevin J. Anderson (red.), Blood Lite
- Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner (red.), Wolfsbane and Mistletoe
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, Backup
- Jim Butcher, Day Off
- Patricia Briggs, The Star of David
Films
bewurkje seksje
Tillefyzje
bewurkje seksje
Jierren: | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|