Springe nei ynhâld

William Royall

Ut Wikipedy
William Royall
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút William Bedford Royall
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 april 1825
berteplak Halifax County (Firginia)
stoarn 13 desimber 1895
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18461848
18551887
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang brigadegeneraal (sûnt 1890)
befel Am. 4e Kavaleryrezjimint
konflikt(en) Meksikaansk-Amer. Oarloch
Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Hanover
Slach by Old Church
Slach oan de Rosebud

William Royall (folút: William Bedford Royall; Halifax County (Firginia), 15 april 1825Washington, D.C., 13 desimber 1895) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf. Hy focht yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848), de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) en yn 'e Grutte Sû-Oarloch (1876-1877).

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Royall waard yn 1825 berne yn in begoedige maatskiplik fermidden op it plattelân fan Halifax County, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, as de soan fan John B. Royall (1788-1744) en dy syn frou Pamela Williamson Price (1800-1891). Hy wie in ôfstammeling fan John Price, ien fan 'e stifters fan 'e Jamestown-koloanje yn 1620, it alderierste begjin fan Firginia. Royall hie fjouwer bruorren en susters: Albert Royall (18??-18??), Mary Jane Royall Switzler (1820-1879), John Price Royall (1831-1908) en Virgina Lafayette Royall Henderson (1841-1921). Yn 1840, doe't Royall fyftjin jier wie, ferfear it gesin nei Columbia, yn 'e steat Missoury, dêr't Royall heger ûnderwiis genoat oan 'e pleatslike universiteit.

Militêre karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1846 de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch útbriek waard in Sterling Price, út Chariton County yn Missoury, mooglik famylje fan Royall, troch presidint James Polk oansteld om in frijwilligersrezjimint op te rjochtsjen dat it Amerikaanske Leger yn 'e striid ûnderstypje moast. De doe 21-jierrige Royall waard op 31 july 1846 yn dat rezjimint (it 2e Ynfanteryrezjimint fan Missoury) beneamd ta earste luitenant ûnder in kaptein McMillan. Syn kompanjy ûnderskate him troch dapperens yn ferskate slaggen mei de Meksikanen. Op 14 augustus 1847 waard Royall oerpleatst nei it Santa Fe-bataljon fan it geregelde leger, wêrnei't er oan 'e ein fan 'e oarloch, op 20 oktober 1848, ôfswaaide út militêre tsjinst.

Op 3 maart 1855 naam Royall lykwols op 'e nij tsjinst yn it Amerikaanske Leger mei de rang fan earste luitenant. Hy waard tafoege oan it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint en op 21 maart 1861, oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, befoardere ta kaptein. Under de Boargeroarloch focht Royall foar it Noarden, ek al wied er yn de Súdlike steat Firginia berne. Hy waard op 27 maaie 1862 befoardere ta majoar foar dapperens yn 'e Slach by it Gerjochtsgebou fan Hanover, yn noardlik Firginia. Op 13 juny fan dat jier folge in promoasje ta de rang fan luitenant-kolonel foar moed yn 'e Slach by Old Church, en koart foar de ein fan 'e oarloch waard er op 13 maart 1865 noch befoardere ta kolonel.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Royall yn rang weromset ta majoar, om't der fanwegen de ôfslanking fan it leger yn fredestiid in oerskot oan ofsieren bestie. Hy tsjinne by it Amerikaanske 3e Kavaleryrezjimint, oan 'e Amerikaanske frontier, yn it Wylde Westen, en waard op 2 desimber 1875 befoardere ta luitenant-kolonel. Under de Grutte Sû-Oarloch focht Royall op 17 juny 1876 ûnder generaal George Crook mei yn 'e Slach oan de Rosebud, yn súdlik Montana, tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen. Dêrby kaam er mei seis kompanjyen soldaten yn 'e swierrichheden trochdat er de fijân te fier efterfolge en dêrtroch hast ôfsnien rekke fan Crook syn haadmacht. Op 1 novimber 1882 krige Royall mei de rang fan kolonel it befel taparte oer it Amerikaanske 4e Kavaleryrezjimint. Nei't er op 19 oktober 1887 mei pinsjoen gien wie, waard er op 27 febrewaris 1890 foar syn rol yn 'e Slach oan 'e Rosebud noch befoardere ta brigadegeneraal.

Priveelibben en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Royall wie troud mei in Elizabeth Coxe Howell (1827-1903), mei wa't er in dochter hie, Agnes Stockton Royall Parsons (1861-1934), dy't letter troude mei in Arthur Jeffrey Parsons. Royall kaam op 13 desimber 1895 te ferstjerren yn 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., en waard krekt oer de grins mei Firginia begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: