Springe nei ynhâld

Willem Claess. Heda

Ut Wikipedy
Willem Claess. Heda
Moarnsiten mei kraab
, 1648
oaljeferve op doek, De Hermitage, Sint-Petersburch

Willem Claessoan Heda (1594 - ±1680) wie in keunstskilder út de Gouden Iuw dy't him spesjalisearre yn it skilderjen fan stillibbens.

Heda wurke yn Haarlim en wie dêr haad fan it Sint Lucasgilde en hie oare iepenbiere funksjes, mar fierders is der net folle bekend oer syn libben. Ien fan syn learlingen wie syn soan, Gerrit Willems Heda, en faaks ek Pieter de Ring. Hy wie in tiidgenoat en freon fan Dirck Hals.

Heda wie master yn it werjaan fan de stofútdrukking fan de dingen. Faak hawwe syn komposysjes in trijehoekige opset, mei it heechste punt oan ien kant fan it doek. Heda brûkte net safolle kleur yn syn wurk, guon neame it wat monogroom. De stillibbens wurde wol oantsjut mei de term banketjes. Yn dat opsicht wurdt er wol fergelike mei Pieter Claess.. Heda brûkte ek faak deselde foarwurpen yn syn skilderijen.

Der binne sa'n 70 wurken fan Heda bekend, dy't ûnder oaren yn it Ryksmuseum yn Amsterdam, yn Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam, en in it Museum foar Skoandere Keunsten yn Gint te finen binne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem Claesz. Heda fan Wikimedia Commons.