Willem Baudartius
Willem Baudaert of Baudartius (Deinze, 13 febrewaris 1565 - Sutfen, 15 desimber 1640) wie in Nederlânsk teolooch.
Willem Baudartius waard as Willem Baudart berne yn Deinze (Flaanderen) út protestantske âlden, dy't doe't Alva, de Nederlannen ûntflechten en nei Sandwich yn Ingelân ferfarden.
Baudartius wie in fûl kontra-remonstrant en waard om syn grutte kennis fan it Hebriuwsk frege om mei te dwaan oan de Steatefertaling.
Hy studearre yn Canterbury, Gint, Leien, Frjentsjer en Heidelberch en waard predikant te Kampen (1593), Lisse (1596) en Sutfen.
Baudartius skreau ûnder oaren in samling spreuken (Apophthegmata Christiana, ofte gedenckweerdige, leerzame en aerdige spreucken... (1605, 1620) en in pamflet tsjin it Tolvejierrich bestân (Morghen-Wecker der vrye Nederlantsche provintien (1610).
Yn 1622 waard syn "Polemographia Auraico Belgica" útbrocht.
Dêryn wurdt it barren beskreaun en sjen litten út de begjinjierren fan de Tachtichjierrige Kriich. It waard útjûn troch Michael Colinius te Amsterdam. De gravueres binne foar in grut part ferlytse kopyen fan wurk troch Frans Hogenberg.
Ofbylden út Polemographia Auraico Belgica
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bredevoort
-
It ynnimmen fan Den Briel, 1572
-
Seeslach by Bergen op Zoom, 1574
-
Rotterdam, 1572
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn Sutfen is in kristlike middelbere skoalle nei him neamd: it Baudartius Kollezje.