Wilhelmina Bladergroen
Wilhelmina Bladergroen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wilhelmina Johanna Bladergroen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 july 1908 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 25 desimber 1983 | |
stjerplak | Glimmen | |
wurkpaad | ||
aktyf as | heechlearaar yn de ortopedagogyk. |
Wilhelmina Johanna Bladergroen (Amsterdam, 12 july 1908 - Glimmen, 25 desimber 1983) wie in Nederlânsk heechlearaar yn de ortopedagogyk.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wilhelmina Bladergroen wie in dochter fan kantoarboekhanneler Willem Frederik Bladergroen en Hendrika Maria Bruchner. Sy studearre nei it Barlaeus Gymnasium yn Amsterdam, MO-lichaamlike opfieding. Neist har wurk as dosinte sette hja yn 1932 út ein mei in stúdzje psychology.
Yn de Twadde Wrâldoarloch siet Wilhelmina Bladergroen in skoft fêst yn kamp Vught fanwege har help by de ûnderdûk fan Joadske bern.
Nei de oarloch ûntjoech se har ta in autoriteit op it mêd fan de ortopedagogyk. Hoewol't hja net promovearre wie waard se efter elkoar ta lektor en gewoan heechlearaar beneamd oan de Ryksuniversiteit Grins. Se wie de oprjochtster fan it Psychologysk Pedagogysk Ynstitút yn Amsterdam en fan de Stichting Ynstitút foar Remedial Teaching yn Grins. Beide ynstituten rjochten harren op bern mei swierrichheden by it learen en opbringen. Bladergroen har stribjen wie hieltyd om teöry en praktyk by elkoar te bringen. Kritisy fan har wurk wiene lykwols fan betinken dat har ideeën net genôch wittenskiplik ûnderboud wiene.
Wilhelmina Bladergroen stoar yn de âldens fan 75 jier yn Glimmen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Bladergroen, Wilhelmina J. (16e druk 1983, 1e druk 1966) Lichamelijke en geestelijke ontwikkeling van het kind ISBN 90-295-0210-X - Amsterdam - Arbeiderspers
- Bladergroen, Wilhelmina J. (1978) Nooit òf-òf, altijd èn-èn (ôfskiedskolleezje) ISBN 90-01-08251-3 - Grins - Wolters-Noordhoff
- Bladergroen, Wilhelmina J. (1967) Verantwoording van verkenning (ynaugurele rede Grins) - Grins - Wolters
- Bladergroen, Wilhelmina J. (1961) Waarmee spelen onze kleuters? - IJmuiden - Vermande
- Bladergroen, Wilhelmina J. (1960) Wie is "stout"? - Nijkerk - Callenbach
- Bladergroen, Wilhelmina J (1959) Bakvis en brasem - Nijkerk - Callenbach
- Bladergroen, Wilhelmina J. (1957) Speel goed met speelgoed - De Haach - Van Stockum
- Bladergroen, Wilhelmina J. (1949) Problemen der kinderdiagnostiek (ynaugurele rede Grins) Grins - Wolters
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|