Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Holmen (Kopenhagen)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Holmen

Holmens Kirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
plak Kopenhagen
adres Holmens Kanal 21
koördinaten 55° 40'N 12° 35'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Kopenhagen
Arsjitektuer
arsjitekt Leonhard Blasius
boujier 1563-1619
boustyl renêssânse
Webside
www.holmenskirke.dk
Kaart
Tsjerke fan Holmen (Kopenhagen)
Tsjerke fan Holmen

De Tsjerke fan Holmen (Deensk: Holmens Kirke) is in tsjerke yn it sintrum fan Kopenhagen, Denemark.

De tsjerke waard yn 1563 as in smidderij boud en yn 1619 troch kening Kristiaan IV feroare yn in tsjerke foar it personiel fan de Keninklike Marine. Yn 1614 waard de tsjerke troch de Deenske hofarsjitekt Leonhard Blasius fergrutte ta in krústsjerke. Yn de jierren 1705-1708 waard der in kapel oan de tsjerke tafoege, dêr't de ferneamde Deenske seeheld Niels Juel (1629-1697) mei syn frou en twa soannen yn byset waard.

De grutte stedsbrannen fan Kopenhagen fan 1728 en 1795 kamen net oan de Tsjerke fan Holmen ta. De Sweedske bombardeminten yn 1659 en de Ingelske bombardeminten yn 1807 op Kopenhagen brochten allinnich lichte skea oan it gebou.

Keningin Margareta II waard op 14 maaie 1940 yn dizze tjerke doopt en troude hjir op 10 juny 1967 mei prins Hindrik.

De namme fan de tsjerke ferwiist nei it doedestiidske eilân Holmen (ek: Bremerholm), dat yn de 16e iuw feroare waard yn in troch in grêft omsluten skiereilân. Op it skiereilân stifte kening Kristiaan III in skipmakkerij. Mei de ferhuzing fan de skipmakkerij nei Nyholm op Christianshavn krige it gebiet de namme fan Gammelholm, in namme dy't net in protte brûkt wurd. De grêft, Holmens Kanal, waard yn de jierren 1860 tichtsmiten en libbet troch yn de namme fan de strjitte Holmens Kanal.

  • It ryk bewurke alter fan ikehout waard yn 1691 makke troch Abel Schrøder;
  • De kânsel út 1692 is ek it wurk fan Abel Schrøder;
  • De behuzing fan it oargel datearret fan 1738; it oargel sels waard troch Marcussen & Søn yn 1956 ynboud en hat 56 registers.
  • It âlde doopfont waard yn 1646 makke;
  • De tsjerke besit in rige oan grêfmonuminten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: