Toef (fearren)
In toef is yn 'e ornitology in boskje opsteande fearren dat beskate fûgelsoarten boppe-op 'e kop hawwe. It is hiel wat oars as in kaam, in oarsoartige fersiering dy't beskate fûgels op 'e kop hawwe, mei't in kaam út fleisweefsel bestiet en in toef net. Foarbylden fan fûgels mei toefen binne: de ljip (Vanellus vanellus), de grize kroankraanfûgel (Balearica regulorum) en de hûpe (Upupa epops). Behalven by fûgels kamen toefen histoarysk ek foar by beskate no útstoarne soarten dinosauriërs. Dat is gjin tafal, want fûgels stamje ôf fan 'e dinosauriërs.
De fearren dy't in toef foarmje, binne faak plommiger as de rest fan it fearrekleed fan deselde fûgel. Se binne ornaris sêft en bûgber, sadat de fûgel der net efter stykjen bliuwe kin. It doel fan in toef is yn 'e regel om dermei pronkje te kinnen en dêrtroch in partner oan te lûken om mei te pearjen. Eins is it dus in evolúsjonêre oanpassing yn it foardiel fan 'e fuortplanting. Guon fûgels, lykas de hûpe en kakketoes, kinne harren toef nei beleavjen opsette en platlizze.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |