Springe nei ynhâld

Thornton (West-Yorkshire)

Ut Wikipedy
Bertehûs fan de susters Brontës, Marketstreet 74
Lizzing Thornton yn West-Yorkshire
Spoarfiadukt ûnder Thornton

Thornton is in plak yn it greefskip West-Yorkshire, en hat mei it tichteby lizzende Allerton in ynwennertal fan 15.003 (2001). Thornton leit oan de westkant fan Bradford, noch altyd fan Bradford troch grien. It plak heart sûnt 1974 wol ta de bestjoerlike ienheid "metropolitan borough" fan Bradford. It âlde sintrum is bewarre; Thornton is in typysk stedsje út it Penninysk berchtme, mar de mei nije wenwiken rûnom.

Thornton wurdt al neamd yn it Domesday Book út de 11e iuw, doe't it ferneatige wie troch troepen fan Willem de Oermasterer op strafekspedysje.

Thornton bloeide op yn de Yndustriële Revolúsje út reden fan de oanwêzigens fan stienkoal, izererts, sânstien, de oanlis fan it spoar en yn de 19e iuw troch de wolhannel. Ymport út it bûtenlân, it ferdwinen fan it spoar en moderne feroaringen sûnt WOII hawwe it plak redusearre tan net folle mear as in foarstêd fan Bradfort.

Thornton Viaduct

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Thornton-fiadukt is in lang net brûkt spoarfiadukt by it doarp. It is 300m lang en hat 20 bôgen. It wie part fan de line Queensbury-Keighley; 1955 wie it dien mei it passazjiersferfier, mar it frachtferfier gie troch oant yn de 60er jierren. De reels binne fuorthelle.

Thornton Viaduct is yn 2008 op 'en nij iepene as part fan de kuierrûte Great Northern Railway Trail tusken Cullingworth en Queensbury along the trackbed in 2008.

Berne yn Thornton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]