Thijsje Oenema
Thijsje Oenema | ||
sporter | ||
Thijsje Oenema (2013) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thijsje Oenema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 6 juny 1988 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan, koartebaan | |
trener | Marianne Timmer | |
earste titel | NK ôfstannen, 500 meter, 2011 | |
O.S. | Fankoever 2010 | |
debút | 2005 | |
karriêre-ein | 2016 |
Thijsje Oenema (It Hearrenfean, 6 juny 1988) is in Nederlânske langebaan- en koartebaanrydster fan De Jouwer. Har spesjaliteit lei op de koarte ôfstannen. Se is lid fan iisklup S.T.D. Sint Nyk. Se ried fan 2012/2013 ôf foar Team Liga, dat oergie yn Team Continu. Earder ried se foar Team Op=Op Voordeelshop (2011-2012), Team Anker (2010-2011) en de VPZ-reedridersploech (2007-2010). Oenema is yn 2017 ôfstudearre ta Master Finance en Master International Financial Management.
Begjintiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2006 en 2007 waard se al Nederlânsk kampioen 100. Yn 2009 pakte Oenema de koartebaantitel op de iisbaan fan Lekkerkerk de supersprinttitel yn Ynskedee en wurdt hja twadde yn it Wrâldbekerklassemint 100 meter efter de Dútske Jenny Wolf.
Seizoen 2009-2010
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it seizoen 2009/2010 pleatste Oenema har foar de Olympyske Spullen op de 500 meter. Dy pleatsing twong se ôf yn in skate-off tsjin Marianne Timmer. Op de Olympyske Spullen einige se as 15e op de 500m. Yn it wrâlbekerklasssemint op de 500 meter helle se in 8e plak. Se waard boppedat twadde yn it einklassemint fan de wrâldbeker op de 100 meter.
Seizoen 2010-2011
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it seizoen 2010/2011 waard Oenema fyfte op it NK Ofstannen. Hjirmei pleatste se har opnij foar de wrâldbekerwedstriden op de 500 meter. Op it NK sprint 2011 berikte se hat bêste risseltaat oant dan, se waard 5e. Dêrmei rûn se pleatsing mis foar it WK sprint.
Seizoen 2011-2012
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn seizoen 2011/2012 bruts Oenema definityf troch op it NK Ofstannen troch neist de titel op de 500 meter ek de 1000 meter op har namme te skriuwen. Benammen de 1000 meter kaam as in ferrassing, omdat Oenema earder nea fierder kaam as in 9e plak op it NK Ofstannen. De reden hjirfoar is dat Oenema foar it earst sûnt har sykte fan Pfeiffer wer hielendal fit wie en sûnt de simmer fan 2011 wer folút trene koe. [1]. Mei de oerwinning op de 1000 meter pleatste se har tagelyk foar de earste kear foar wrâldbekerwedstriden op de 1000 meter.
Yn it earste diel fan de wrâldbekerwedstriden helle hja in twadde plak op de 500 m yn de earste Wrâldbeker yn Tsjeljabinsk. By de Wrâldbekerwedstryd yn Astana helle se in twadde plak op de 1000 m en in tredde plak op de 500 m. By it NK sprint helle se har earste poadiumplak efter Margot Boer. Dit twadde plak levere har tagelyk in startbewiis op foar it WK sprint. Har 1000 m fan dat kampioenskip wie net genôch foar de twadde syklus wrâldbekerwedstriden op de 1000 m. Wol pleatste Oenema har foar it WK Ofstannen dat jier op It Hearrenfean. Hjir ferraste se troch in brûnzen medalje te heljen.
Seizoen 2012-2013
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it NK Sprint einige Oenema as fjirde en mocht mei nei it WK Sprint yn Salt Lake City. Dêr ferbettere hja op 26 jannnewaris it Nederlânsk rekôr op de 500 meter mei 37,38, dat 4000 dagen earder op namme komd wie fan Andrea Nuyt. In dei letter skerpe se dat oan ta 37,06. Uteinlik waard Oenema fjirde (dêrmei bêste Nederlânske). De lêste ôfstân waard se hindere troch de fal fan de Japanske Nao Kodaira.
Seizoen 2013-2014
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oenema pleatste har yn seizoen 2013/2014 mei in tredde tiid op de 500 meter foar de wrâldbekers. Fiif wiken earder liet se in leverplak weihelje, wêrnei 't de dermatolooch witte liet dat dit in melanoom wie. Uteinlijk waard de kwea-aardige swolm twa wike foar it NK Ofstannen weihelle. Mei trettjin hechtings op har pols ried se yn in brace om de wûne goed hielje te litten. Pas op 27 oktober 2013 liet se nei har 1000 meter witte dat dit de reden wie om mei in brace de treningsrûntsjes te riden.[2]
Seizoen 2014-2015
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oenema begûn it seizoen 2014/2015 goed mei in twadde plak op it NK Ofstannen, en pleatste har dêrmei foar de earste rige wrâldbekerwedtriden. Yn jannewaris waard se yn it Grinzer Kardinge Nederlânk kampioene sprint. Letter dat jier waard se njoggende op it WK Sprint yn it Kazachske Astana.
Seizoen 2015-2016
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it seizoen 2015/2016 pleatste Oenema har foar de earste rige Wrâldbekerwedstriden oer 500 meter. Op 6 novimber 2015 liet se operatyf in kyste yn har ûnderliif weihelje, dy 't dêrnei diagnostisearre waard as útsiedde melanoomkanker.[3]
Earmbân as steunbetsjûging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de wedstriden droech Team Continu it fierdere seizoen in pearse aarmbân mei dêrop in spesjaal teken foar Oenema, in ôflate fan de Vulcan Greet ("live long and prosper", libje lang, far wol) út Star Trek betocht troch Leonard Nimoy.[4] Ek in soad oare riders út meardere lannen droegen de pearse earmbân by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell en It Hearrenfean.
Ferfolch sûnens en aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oenema krige in ymmúnteararpybehanneling yn it Antoni van Leeuwenhoeksikehûs yn Amsterdam, dy't oan like te slaan. Kontrôle om de fjouwer moannen blykte needsaaklik. [5][6] By RTL Late Night joech se omtinken oan de Stichting Melanoom dy 't wiist op de gefaren fan tefolle sinneljocht. [7][8][9] Se joech lêzings om de jongerein bewust te meitsjen fan de risiko’s op hûdkanker troch de gefolgen fan in tefolle oan sinne en ferbaarnen fan de hûd. [10][11]
Op 7 oktober 2017 is Oenema ôfstudearre as Master Finance en Master International Financial Management oan de Ryksuniversiteit Grins.[12] Sûnt septimber 2017 docht se fiif dagen yn de wike in managementtraineeship (trije jier) yn in financial controllerteam op de ôfdieling Health Systems African market by Philips yn Eindhoven. Neist har stúdzje yn Grins ried se twa winters en in simmer mei mei de froulje fan RTC (Regionaal Talentencentrum) Noord/Gewest Fryslân KNSB.[13]
Sûnt novimber 2017 is Oenema aktyf binnen it wedstrydsekretariaat fan it Organisaasje Komitee Thialf dat de Nasjonale en Ynternasjonale langebaanwedstriden yn Thialf organisearret.
Koartebaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist it langebaanriden wie Oenema ek aktyf op de koartebaan. Yn 2006 en 2007 weaard se al Nederlânsk kampioene 100 meter. Yn 2009 pakte Oenema de Nederlânske koartebaantitel op de iisbaan fan Lekkerkerk. [14] en de supersprinttitel yn Ynskedee yn in nij Nederlânsk punterekôr en boppedat waard se twadde yn it Wrâldbekerklassemint 100 meter efter de Dútske Jenny Wolf.
Yn it seizoen 2010-2011 waard Oenema Nederlânsk kampioene koartebaan op 30 desimber 2010, diskear op De Lemmer. [15]. Dêrneist waard se Nederlânsk kampioene supersprint op 19 febrewaris 2011. Op dit kampioenschap ried se trije Nederlânske rekôrs: op de 100 meter, 300 meter en it punteklassemint oer 100 en 300 meter. [16]
Persoanlike rekôrs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 100m - 10,47 (19 febrewaris 2011, Ynskedee)
- 300m - 24,64 (14 febrewaris 2009, It Hearrenfean)
- 500m - 37,06 (27 jannewaris 2013, Salt Lake City)
- 1000m - 1.14,22 (26 jannewaris 2013, Salt Lake City)
- 1500m - 2.02,13 (16 febrewaris 2011) It Hearrenfean)
- 3000m - 4.38,67 (7 jannewaris 2007, It Hearrenfean)
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | NK Koartebaan |
NK Supersprint |
NK Ofstannen |
NK Sprint |
WK Sprint |
WK Ofstannen |
Olympyske Spullen |
Wrâldbeker |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
2006 | 2x 100m | 16e 500m |
||||||
2007 | 2x 100m | 11e 500m |
||||||
2008 | 8e | 13e 500m 16e 1000m |
||||||
2009 | 500m |
16e | 100m 17e 500m | |||||
2010 | 4e 500m 9e 1000m |
NS3 (, 9e, NS, -) |
15e 500m | 8e 500m | ||||
2011 | 5e 500m 18e 1000m |
5e (4e, 10e, , 8e) |
12e 500m | |||||
2012 | 500m 1000m |
(, 6e, , 6e) |
10e (12e, 8e, 9e, 8e) |
500m | 5e 500m 13e 1000m | |||
2013 | 500m 13e 1000m |
4e (, 5e, , 6e) |
4e (4e, 8e, , 10e) |
5e 500m | 6e 500m | |||
2014 | 500m 10e 1000m |
(6e, 6e, 4e, 7e) |
7e (7e, 6e, 6e, 9e) |
8e 500m 21e 1000m | ||||
2015 | 500m 11e 1000m |
(, , , 6e) |
9e (6e, 8e, 5e, 9e) |
4e 500m | 7e 500m 19e 1000m |
Medaljespegel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kampioenskip | Goud |
Sulver |
Brûns |
---|---|---|---|
NK Ofstannen | 0 |
0 |
1
|
NK Supersprint | 4 |
0 |
0
|
NK Koartebaan | 2 |
0 |
0
|
Wrâldbeker | 0 |
1 |
0
|
NK Sprint | 1 |
1 |
1
|
WK Ofstannen | 0 |
0 |
1
|