Springe nei ynhâld

The Acolyte (telefyzjesearje)

Ut Wikipedy
The Acolyte
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Leslye Headland
ûntwikkele troch Leslye Headland
Rayne Roberts
produsint Rayne Roberts
Damian Anderson
útfierend
   produsint
Leslye Headland
Kathleen Kennedy
Simon Emanuel
Jeff F. King
Jason Micallef
regisseur(s) Leslye Headland
Alex García López
Kogonada
senario Leslye Headland
Charmaine DeGraté
Cameron Squires
basearre op Star Wars fan George Lucas
kamerarezjy James Friend
tillefyzjestudio Lucasfilm
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Amandla Stenberg
Lee Jung-jae
Carrie-Anne Moss
skaaimerken
foarm live-action-minysearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer
seizoenen 1
jierren 2024
tal ôfl. 8
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek guon fiktive talen)

The Acolyte, of Star Wars: The Acolyte, is in Amerikaanske minysearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut "De Akolyt" (in akolyt is in soarte fan learling). Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De earste ôfleverings fan The Acolyte kamen op 4 juny 2024 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.

By de premiêre fan 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, yn desimber 2019, waard senarioskriuwster foar tillefyzjesearjes Leslye Headland frege nei har ynteresse foar de Star Wars-franchise. Se antwurde dat se in grutte fan wie en dat se in protte ideeën foar fierdere films hie, oan 'e produksje wêrfan't se mei gragens meiwurkje wolle soe as se dêrfoar frege waard.

Neitiid naam Kathleen Kennedy, de algemien direktrise fan filmstudio Lucasfilm, kontakt mei har op foar in oriïntearjend petear. Tsjin april 2020 wie Headland as senarioskriuwster en produsinte ferbûn oan 'har eigen' live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Op 10 desimber fan dat jier makke Kennedy bekend dat it gie om in searje mei in froulike haadpersoan dy't spylje soe oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk. Ek waard de titel buorkundich makke, dy't The Acolyte wêze soe.

The Acolyte waard ûntwikkele troch Leslye Headland en Rayne Roberts. Hja putten dêrfoar ynspiraasje út ferskate romans en fideospultsjes fan 'e Star Wars-franchise. Roberts en Damian Anderson wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm. Yn 'e mande mei Kathleen Kennedy, Simon Emanuel, Jeff F. King en Jason Micallef hie Headland as útfierend produsinte it tafersjoch oer de hiele produksje. The Acolyte waard makke op basis fan senario's skreaun troch Headland, Charmaine DeGraté en Cameron Squires.

De opnamen foar The Acolyte setten op 30 oktober 2022 útein mei Headland, Alex García López en Kogonada as regisseurs fan elts ferskate ôfleverings, en mei James Friend as kameraregisseur. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Shinfield Studios yn it Ingelske greefskip Berkshire. In protte fan 'e bûtendoarsênes waarden dêr ek opnommen troch gebrûk te meitjsen fan 'e troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic foar de searje The Mandalorian ûntwikkele StageCraft-technology. (Dêrby wurde firtuele filmsets brûkt tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen.) Fan mids maart 2023 oant de ein fan dy moanne fûnen der bykommende opnamen op lokaasje plak op it Portegeeske eilân Madeara.

De distribúsje fan The Acolyte waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje hie de foarm fan in minysearje fan acht ôfleverings, dy't útbrocht waard fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. De earste ôfleverings koene dêr op 4 juny 2024 besjoen wurde.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Acolyte spilet oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk, likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De haadpersoan is in út 'e Jedi Oarder stapte padawan, dy't weriene wurdt mei har eardere Jedi-master om in rige misdriuwen te ûndersykjen yn in wrâld dêr't âlde geheimen oan it ljocht komme en de tsjustere kant fan de Krêft him stadichoan iepenbieret. De machten dy't de beide haadpersoanen mei harren ûndersyk op it spoar komme, binne folle sinisterder as se ea tinke kinnen hiene.

personaazje akteur/aktrise
Osha en Mae Aniseya (twilling) Amandla Stenberg
Sol Lee Jung-jae
Yord Fandar Charlie Barnett
Jecki Lon Dafne Keen
Vernestra Rwoh Rebecca Henderson
mem Aniseya Jodie Turner-Smith
Indara Carrie-Anne Moss
Qimir Manny Jacinto
Torbin Dean-Charles Chapman
Kelnacca Joonas Suotamo
mem Koril Margarita Levieva
Mog Harry Trevadwyn
Rayencourt David Harewood
Tasi Lowa Thara Schöön
Rane Amy Tsang
Eurus Abigail Thorn
Ki-Adi-Mundi Derek Arnold
Bazil Hassan Taj


seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 8 4 juny 2024 16 july 2024 Disney+

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)