Springe nei ynhâld

Tafelberch

Ut Wikipedy
Tafelbergen yn Utah, ferneamd as de Eilannen yn de Loft
De Tafelberch by Kaapstêd yn Súd-Afrika.

In Tafelberch of in mesa (Spaansk en Portegeesk foar tafel) is in berch of heuvel mei in platte boppekant en steile hellings. De namme komt fan de tafelfoarmige skaaimerk dêrfan.
In tafelberch komt almeast yn drûge geaen foar, lykas yn it súdwesten fan de Feriene Steaten: berchgeaen fan Washington, Oregon, Kalifornje, Noard- en Súd-Dakota, Wyoming, Utah, Kolorado en Arizona. Ek yn oare lannen wurde hja sjoen, lykas yn Súd-Afrika, Spanje, Sardynje, Araabje, Yndia en Austraalje.
De Tafelberch by Kaapstêd yn Súd-Afrika is ien fan de ferneamdste tafelbergen. Grand Mesa yn it westen fan Kolorado, Feriene Steaten en de Cerro Negro yn Argentynje binne oare foarbylden.