Springe nei ynhâld

Sykte fan Crohn

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Crohn
Plakken dêr't Crohn foarkomt yn 'e terms.

De sykte fan Crohn heart, tegearre mei colitis ulcerosa by de groanyske ûntstekkingsreaksjes fan it maach-termkanaal. Hy komt troch de hiele terms foar, mar it meast yn it lêste diel fan 'e tinne term en it begjin fan 'e dikketerm.

"Crohn" komt by likernôch ien op de tûzen minsken foar. Fan de ûntsteanswize is net sa'n soad bekend. Flaters yn de NOD2/CARD15-genen en it smoken fan sigaretten jouwe in heger risiko. Der binne ek oanwizings dat it iten fan in soad sûker ek in ferhege risiko jaan kin.

Der binne allinnich klachten as de sykte aktyf is, dat wol sizze as de ûntstekking aktyf is. Tuskentiids hoecht immen der gjin lêst fan te hawwen. De klachten binne dan foaral pinebúk, diarree en ôffalle. Fierder is der it algemiene siik wêzen, net lekker fiele mei koarts.

Dêrneist kinne ek klachten ûntstean dy't yn earste ynstânsje net sa'n soad mei it maach-termkanaal te krijen hawwe. Sa binne gewrichtsklachten, eachûntstekkings en nierstiennen bekende klachten by Crohn. In bykommend probleem is dat ûnder aktiviteit de opname fan fiedingsstoffen troch de terms ôfnimt wêrtroch tokoarten ûntsteane.

Wat by Crohn faak foarkomt binne ferbinings, fistels tusken term en omlizzende organen. Bygelyks kin der in ferbining ûntstean tusken term en blaas, term en fagina of in iepen ferbining tusken term en hûd by de anus-iepening (peri-anale fistel).

Fierders kinne de terms ôfsluten wurden troch obstruksje, wêrtroch de terms dan útsette kinne. Der kinne absessen yn de term komme dy't knappe kinne, wêrtroch de termynhâld frij komt.

Endoskopie fan term. Giele plakken op de wand fan de term. Dit wiist yn 'e rjochting fan in ûntstekking.

Meastentiids wurdt der bloed ôfnommen en ûndersocht op ûntstekkingsferskynsels. Faak is it tal wite bloedsellen heger as normaal en is it bloedgehalte leger (bloedearmoede). Derneist is faak it aaiwytgehalte (albumine) ferlege.

Bloedûndersyk allinnich is net genôch om mei wissens de diagnoaze te stellen; hjirfoar is in endoskopy nedich. Mei in fleksibele buis dêr't in kamera en paktankje yn sittte, wurdt de term fan de binnenkant besjoen. As nedich kinne der ek lytse stikjes term útknipt wurde (biopt), wat ûndersocht wurde kin.

Oant no ta kin de sykte net genêzen wurde. De behanneling bestiet der dan ek út om de ûntstekking te ûnderdrukken en oare ferfelende klachten, lykas diarree, pinebúk of mislikens te ferbetterjen.

Pasjinten ha minder lêst fan oanfallen en oare klachten at se in goed dieet folgje. Om de ûntstekking te ûnderdrukken wurde der ûntstekingsremmers jûn. Yn de lichte gefallen binne dit sulfasalazine middels en yn slimmere gefallen kortikosteroïden (lykas prednison). Derneist krije pasjinten faaks in antibiotikumkuer om mooglike baktearjes út te skeakeljen.

Somtiden kin in operaasje nedich wêze. Dat part fan de terms dat troch de sykte net goed mear wurket wurdt dan fuorthelle. De beide losse einen kinne wer oanelkoar hechte wurde (anastomose) of de pasjint krijt in stoma.

  • De Merck Manual: Ziekte van Crohn