Springe nei ynhâld

Stedhûs fan Hylpen

Ut Wikipedy
Stedhûs fan Hylpen
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
Súdwest-Fryslân
plak Hylpen
adres Dykwei 3
Nije Weide 1
koördinaten 52° 56' 35.5" NB 5° 23' 55" EL (Dykwei 3)
52° 56' 29" NB 5° 24' 6" EL (Nije Weide 1)
bysûnderheden
type bouwurk stedhûs
boujier 1683 (Dykwei 3)
1795 (Nije Weide 1)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22174 [1] (Dykwei 3)
22173 [2] (Nije Weide 1))
Earder stedhûs oan de Dykwei 1
Earder stedhûs oan de Dykwei 1
Earder stedhûs oan de Nieuwe Weide 1
Earder stedhûs oan de Nieuwe Weide 1
Stedhûs fan Hylpen (Hylpen)
Dykwei 3
Dykwei 3
Nije Weide 1
Nije Weide 1
Lokaasje Hylper stedhuzen

It Stedhûs fan Hylpen wie it gemeentehûs fan 'e eardere Gemeente Hylpen, dat yn de rin fan de jierren op twa lokaasjes fêstige wie. Oant 1919 wie er fêstige yn it gebou oan de Dykwei 3 en fan 1919 oant 1984 yn it gebou oan de Nije Weide 1.

Foar 1919 wie it stedhûs fan de eardere gemeente Hylpen fêstige mei twa sealdakken komt fan 1683 oan de Dykwei 3 húsmanne ek in waach. Yn 1823 waard de yngong fan it gebou ferhuze nei de eastkant. De yn in list sette doar stiet boppe in parredis. Boppe de doar is in timpaan mei dêrboppe in byld fan Frouwe Justitia. Yn it sûterrên wie in finzenis. Yn 1917 krige de doetiidske gemeente Hylpen de keunst- en antyksamling mei in grutte kolleksj fan Hylper guod oanbean troch Hidde Nijland. As betingst by syn skinken moast de kolleksje útstald wurde yn it stedhûs oan de Dykwei. De gemeente naam de kolleksje oan en moast sykje nei in oar ûnderkommen foar it stedhûs. It gebou oan de Dykwei waard ynrjochte as museum en krige de namme Hidde Nijland Museum, dy't fan 2008 ôf Museum Hindeloopen neamd waard. It pân is in ryksmonumint.

Fan 1919 oant 1984 wie it stêdhûs fêstige yn in hearehûs oan de Nije Weide 1. Dat hûs waard yn 1795 boud yn opdracht fan Auke Wiggerts. It hûs is fiif traveeën breed en hat yn wolvedak mei twa hoekskoarstiennen. De buorden boppe de skoarstiennen hawwe siersels. De kroanlist oan de foar- en efterkant hat in timpaan mei ornaminten yn Loadewyk XIV-styl. Njonken it hûs is in lytser hûs (likhûs), dy't nei alle gedachten as simmerhûs tsjinne hie. Doe't de gemeente Hylpen by de grutte geeentlike weryndieling fan 198 opgie yn de nije gemeente Nijefurd waard it stedhûs oerstallich. Ek waard dat gebou erkend as ryksmonumint

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Stedhuzen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum
· · Berjocht bewurkje
Waachgebouwen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
AldeboarnBoalsertDokkumFrjentsjerDe GordykHarnsHylpenKollumLangwarDe LemmerLjouwertLjouwert (beurs)MakkumSleatWarkum
· · Berjocht bewurkje