Stasjon De Westereen
Stasjon De Westereen station De Westereen | ||
Stasjon De Westereen (2022) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dantumadiel | |
plak | De Westereen | |
adres | Stasjonswei | |
koördinaten | 53° 14' 54" NB, 6° 2' 9" EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dwe | |
iepening | 1 oktober 1885 | |
boujier | 1885 1e stasjonsgebou 1955 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | jierren 50 1e stasjonsgebou 2003 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1955 Koen van der Gaast 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline B (Spoar fan Ljouwert nei Grins) | |
Stasjon De Westereen, doe noch offisjeel "Zwaagwesteinde" yn 1955 | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon De Westereen (Dwe) is it stasjon fan De Westereen. It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins (Steatsline B) en wurdt betsjinne troch Arriva.
Sûnt 1885 stoppe der yn De Westereen twa kear deis in trein en stie der in ienfâldich stasjonsgeboutsje, mar yn maaie 1902 waard it in offisjeel stasjon en waard it ienfâldige gebouke ferfongen troch in echt stasjonsgebou, dat yn 1952 sloopt waard.
Yn 1955 waard in nij gebou set neffens in ûntwerp fan spoararsjitekt Koen van der Gaast, dat lykwols yn 2003 sloopt en ferfongen waard troch in abry.
Ein fan de 20e iuw is it spoar ferdûbele en lizze de perrons foar elkoar oer. De line line wurdt eksploaitearre troch Arriva, dy't der mei de WINK-treinen rydt.
Treintsjinsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûte | Tsjinst | Undernimmer | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
Ljouwert - Grins | Stoptrein | Arriva | 2x it oere - sneins: 1x it oere nei 21:00 (2022)* |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stasjon De Westereen fan Wikimedia Commons. |
Spoarstasjons yn Fryslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea | ||
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion | ||
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke | ||
· · |