Springe nei ynhâld

Skriezen

Ut Wikipedy
Skries

De Skriezen (Limosa) binne in skaai út de famylje fan de Snipfûgels.

It binne meast grutte waadfûgels mei lange poaten en in lange snaffel. It binne echte trekfûgels, in wyfke fan de gewoane Skries hat ek it wrâldrekord fan de langste flecht sûnder stopjen fan de lânfûgels.

Utstoarne soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierder binne der ek twa fossilen fûn fan útstoarne skriezen. By Lompoc yn de Feriene Steaten is Limosa vanrossemi fûn. Ek yn Frankryk is in fossyl fûn dy't de namme Limosa gypsorum krige hat, mar it is net dúdlik at dit no in skries as in wylp wie. Miskien is dit ek wol in foarâlder fan de skriezen en wylpen en miskien ek wol oare snipfûgels.