Springe nei ynhâld

Skânsk

Ut Wikipedy

Skânsk of Skaansk (Skånsk) is de streektaal yn de súdlike provinsjes fan Sweden, Skâne, Blekinge en foar in part Halland, en fan it eilân Bornholm yn Denemarken. De taal is in East-Skandinavyske taal, fan ûntstean tichter besibbe oan Deensk as oan Sweedsk, mûglik om't it suden fan it hjoeddeiske Sweden foar 1658 Deensk wie. Troch Sweden wurdt lykwols in polityk fierd dêr't Skânsk allinnich as dialekt fan it Sweedsk yn sjoen wurde mei.

It wichtichste argumint dat Skânsk in dialekt fan it Sweedsk wêze soe, is dat it Skânsk gjin taal wêze kin om't sprekkers fan Standertsweedsk en Skânsk elkoars taal begripe kinne. De measte minsken út Skandinaavje kinne lykwols elkoars taal begripe, dat út dat argumint soe fuortkomme dat der mar ien Skandinavyske taal is. It Skânsk, dat as earste fan de Skandinavyske talen fêstlein is, soe dan de ienichste taal wêze, wylst de oare talen yn Sweden, Denemarken en Noarwegen as dialekten dêrfan beskôge wurde moatte.

De ISO 639-3 taalkoade foar Skânsk is cpy.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.