Singer Laren
Singer Laren is in museum en teäter yn Laren. Se binne de erfenis fan de Amerikaanske keunstsamler William Singer (1868-1943).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]William Singer wie in soan fan in stielmiljonêr út Pittsburgh. Tegearre mei syn oare helte Anna Spencer Brugh reizge er troch Jeropa. Yn 1901 sette er him nei wenjen yn in de keunstenerskoloanje Laren. Dêr lieten se yn 1911 filla De Wilde Zwanen sette, part fan it hjoeddeiske Singer Laren.
Nei it fertsjerren fan William yn 1943 brocht Anna Singer de kolleksje yn in stichting ûnder ta oantins fan har man. Om de waaksjende samling foar it publyk tagonklik te meitsjen waard de filla yn 1953-1956 útwreide mei in konsertseal en in museumfleugel, ûntwurpen troch de Larenske arsjitekt Wouter Hamdorff.
De fêste samling fan it Singer Museum, de Singer Kolleksje, hat ûnder mear wurk fan Albert Neuhuys, Bart van der Leck, Eddy Roos, William Singer, Hein Kever, Evert Pieters, Ferdinand Hart Nibbrig, Lou Loeber, Chris Beekman, Gustave De Smet, Auguste Rodin en Jan Sluijters. It Singer Museum organisearret teffens alle jierren in tal spesjale tentoanstellings.
Anna Singer wie in entûsjaste pianiste, dêrom liet se yn 1956 in konsertseal bouwe oan de filla 'De Wilde Zwanen'. It Singer teäter ferfolde in unike rol by it opkommen fan de telefyzje yn Nederlân, mei pioniers as Willem Duys en Mies Bouwman. Rechtstreeks vanuit de Singer Concertzaal….. kamen mear as 3000 bekende programma’s. It ynearsten as konsertseal ornearre teäter is yn de rin fan de jierren útwaakst ta in teäter mei in folweardige teäterprogrammearring mei in protte bekende toanielspilers, kabaretiers en musisy. De teäterseal is yn 2000 folslein oanpast oan moderne easken en techniken.
Webstee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|