Sies Bleeker
Sies Bleeker (It Hearrenfean, 12 desimber 1941 – dêre, 5 maaie 2014) wie in byldzjend keunstner.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sies Bleeker wie in soan fan de fersetsstriders Johan Bleeker en Fokje Dijkstra. Nei de HBS op it Hearrenfean studearre Bleeker oan de Akademy Minerva yn Grins; ûnder oaren by Evert Musch en Diederik Kraaijpoel. Hy makke de oplieding lykwols net dien en ûntjoech him fierder as autodidakt mei as partner ûnder oaren Boele Bregman.
Hy makke yn it earstoan tekeningen, akwarelllen, kollaazjes en etsen, wêryn't blau arsearre boartlike minskjes de romte ferkenden. Om 1970 hinne ferskine skilderijen wêryn hy noch meast yn blauwen, de yntinsiteit fan it ljocht ûndersocht.
It optysk eksperimint fersobere en waard yn de romte útwreide ûnder oare by in muorreyndieling yn it gebou fan Rykswettersteat, oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert (1973).
Eksposeare op ferskate plakken yn binnen- en bûtenlân. Wurk fan him waard oankocht troch it ryk, de provinsje fryslân, it Steedlik Museum Schiedam, it Sintraal Museum yn Utert, en Museum It Prinsessehof yn Ljouwert. Monumintale opdrachten fierde er ek út yn ferskillende Fryske gemeentes, ûnder oare tegearre mei Harmen Abma, in terreinyndieling om de rabobank yn Jorwert en in berneboartersplak yn Ternaard.
Tusken 1987 en 1993 wie Bleeker gastdosint oan Akademy Vredeman de Vries en yn de jierren 2004 o/m 2012 wie er adviseur en kurator foar de gemeente Weststellingwerf.
Ald-plakgenoat Willem Winters publisearre weromsjend it boekje Libje yn liende tiid, in kollaazje oantinkens oan en petearen mei Sies.[1]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beeldende kunstenaars in Friesland, Frysk Keunstynstitút, útj. Friese Pers Boekerij bv. 1992, ISBN 978 90 330 1428 4
- Het klavecimbel in de twintigste eeuw, Willem Derks, útj. Sybren Hellinga Stichting 1994, ISBN 90 800332 27
- Verleidingen, Edt. Foppe Huismans, útjouwer van Wijnen Frjentsjer 1998, ISBN 90 5194 177 3
- De kleur van Friesland, beeldende kunst na 1945, Huub Mous, Friese Pers Boekerij Ljouwert 2008, ISBN 978 90 330 0691 3
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|