Springe nei ynhâld

Short 184

Ut Wikipedy
Short 184


Rol Bomme- en torpedosmiter
Makker Bruorren Short
Untwerper Horace Short
Earste flecht 1915
Yn tsjinst 1915
Ut tsjinst 1933 (Estlân)[1]
Tal makke 936
Grutste brûkers Feriene Keninkryk (1915-1922); Estlân; Sily; Grikenlân; Japan
Farianten Mann Egerton Type B
De cockpitseksje fan Short 184
Short Type 184, de mânske radiator is goed te sjen

De Short 184 wie in Britske twa-sits wetterfleanmasine, in bomme- en torpedosmiter en ferkenningsfleanmasine, dy't ûntwurpen waard troch Horace Short fan fleantúchfabryk Short Brothers foar de Royal Naval Air Service. It tastel maake syn earste flecht yn 1915 en bleau yn tsjinst nei de ein fan de Earste Wrâldkriich yn 1918. In Short 184 wie de earste fleanmasine dy't in skip te sink brocht mei in torpedo; in oar tastel wie it iennichste Britske tastel dat meidie yn de Seeslach by Jutlân.

De 184 stie op twa grutte houten driuwers dêr't in torpedo tusken hingje koe. In tredde driuwer siet ûnder de sturt en hie in roer. De fleugels koene ynklapt wurde. De 184 foel fierders op troch in grutte radiator dy't boppe op de motor fêstmakke wie.
De earste 184s hiene in Sunbeam-motor fan 225 pk. Lettere ferzjes hiene sterkere Sunbeam-motors fan 240 en 260 hk, Rolls-Royce motors fan 250 pk of Renault-motors fan 240 pk. De krêftichste motor op in 184 wie de Sunbeam Maori III fan 275 pk.

Der binne goed 900 fan makke. In tal 184s waarden nei de oarloch levere oan Estlân, Grikelân, Sily en Japan. De Nederlânske Marine Loftfearttsjinst hie fan 1917 oant 1920 ien Short 184, de "K-1".

Short 184
Feiten
Langte 12,40 m
Spanwiidte 19,40 m
Fleugeloerflak 63,9 m²
Hicht 4,10 m
Oandriuwing Ien V12-motor Sunbeam Maori fan 260 Hk
Topfaasje 140 km/o (op 610 m.)
Fleanberik 320 km
Bemanning 2 (piloat en observator/skutter)
Tsjinstplafond 2.743 m
Gewicht leech 1680 kg
Maks. fleangewicht 2433 kg
Bewapening ien 7,7-mm-Lewis-Masinegewear, ien 356-mm-torpedo of 236 kg bommen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy
  1. Gerdessen 1982, s.76