Sandor van der Heide
Sandor van der Heide (Ysbrechtum, 30 maart 1978) is in eardere Nederlânsk proffuotballer dy't foar it lêst útkaam foar earstedifyzjonist SC Cambuur-Leeuwarden. Hy spile earder foar it Dútske SV Waldhof Mannheim en amateurklub ONS Sneek.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Heide waard berne yn it Fryske doarp Ysbrechtum. Hy sette útein mei fuotbaljen by de amateurklup LSC 1890 út Snits, dêr't hy kaam te wenjen en ferruile dizze klup foar it gruttere VV Sneek. Troch sc Heerenveen waard syn talint foar fuotbaljen opmurken en kaam terjocht op har talinteskoalle. Nettsjinsteande dat mocht er net bliuwe en foel ôf mar de oare profklup fan Fryslân Cambuur wie wol yn him ynteressearre en dêr trochrûn hy de hiele jeugdopleiding. Op 19-jierrige leeftyd debutearre hy yn it betelle fuotbal.
Opkomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn earste seizoen by Cambuur spile Sandor as oanfaller 13 wedstriden, en promovearre mei de klup nei de Earedifyzje. Fan de bondscoach Han Berger krige hy in útnûging om diel út te meitsjen fan de seleksje Jong Oranje, mei destiids ûnder mear Mark van Bommel, Jan Vennegoor of Hesselink, Wilfred Bouma, Niels Oude Kamphuis, Kevin Hofland, Kiki Musampa, Nordin Wooter en Robin Nelisse. It bleau lykwols mar by ien wedstryd en inkele treningsstaazjes.
Nei Dútslân en wer werom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2000 degradearre Cambuur nei de Earste Difyzje. Van der Heide skoare dat seizoen yn 22 wedstriden 12 kear, en ferskate klups hienen ynteresse yn him. In oergong nei AZ ketste ôf en úteinlik keas Sandor foar it Dútske SV Waldhof Mannheim, dat útkaam yn de twadde Budesliga. Lykwols fielde hy him by de klup út Mannheim net op syn plak. Hy krige gjin oansluting by syn meispilers, koe net oerwei mei de protte rintreningen en wie ûnwennich. Nei wat friksjes waard syn kontrakt ûntbûn en mocht werom komme by Cambuur.
Yn Ljouwert fûn Sandor syn foarm werom, spile 24 wedstriden, dêr't hy 7 kear it net yn fûn. Lykwols hied er syn nocht fan it betelle fuotbaljen en besluet it jier dêrop as prof. Nettjinsteande goede oanbiedings fan oare klups keas er foar de earsteklasse ONS Sneek.
Oerstap nei it amateurfuotbal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Snits groeide Van der Heide út ta ien fan de dragende spilers en mei troch syn goede spul promovearre ONS Sneek yn 2004 nei de Haadklasse fan de amateurs. Mei Snits waard hy twa jier letter kampioen.
Werom yn Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cambuur bliuw lykwols freegjen oft er werom komme woe en yn 2007 makke hy syn comeback yn it betelle fuotbal.
Statistiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seizoen | Klup | Lân | Kompetysje | Wed. | Goals |
---|---|---|---|---|---|
1997/98 | Cambuur Leeuwarden | Earste Difyzje | 13 | 0 | |
1998/99 | Cambuur Leeuwarden | Earedifyzje | 26 | 5 | |
1999/00 | Cambuur Leeuwarden | Earste Difyzje | 27 | 7 | |
2000/01 | Cambuur Leeuwarden | Earste Difyzje | 22 | 12 | |
2001/02 | SV Waldhof Mannheim | 2. Bundesliga | 0 | 0 | |
Cambuur Leeuwarden | Earste Difyzje | 24 | 7 | ||
2007/08 | SC Cambuur-Leeuwarden | Earste Difyzje | 23 | 3 | |
2008/09 | SC Cambuur-Leeuwarden | Earste Difyzje | 33 | 9 | |
2009/10 | SC Cambuur-Leeuwarden | Earste Difyzje | 4 | 2 | |
Totaal | 172 | 45 | |||
Bywurke oant | 21 oktober 2009 |