Springe nei ynhâld

Roeselare

Ut Wikipedy
Roeselare
Stedhûs Roeselare
Stedhûs Roeselare
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 65.381 (01.01.2022)[1]
Oerflak 60,4 km²
Befolkingsticht. 1.082 ynw./km²
Oar
Postkoade 8800
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 56' N 3° 07' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Roeselare (West-Flaanderen)
Roeselare

Roeselare (Westflaamsk: Roeseloare, Frânsk: Roulers) is in stêd yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd hat 65.381 ynwenners (01/01/2023) en leit sintraal yn de provinsje West-Flaanderen. De stêd hat fan âlds in hannelsstêd west en stiet ek wol bekend as de 'Rodenbachstêd'. U.o. de klokketoer en it Lyts Seminaarje binne it besjen wurdich.

Roeselare waard al yn 847 neamd as Rollare en wie sûnt de 10e iuw in wichtich yndustry- en hannelsplak, dat yn 1250 stedsrjochten en privileezjes krige.

Om 1260 hinne waard oan de Merk in klokketoer en in halle boud. Om't de stêd gjin muorren hie wie it maklik doel foar plonderers. Dêrom waarden der al gau skuttersgilden stifte, dy't lykwols net in soad by te setten hiene as it om kriichgeweld gyng. Yn 1488 en 1492 waard de stêd troch it leger fan Maksimiliaan fan Eastenryk ferneatige. Sa goed as alle iermidsiuwske bouwurken waarden mei de grûn lyk makke. De stêd waard lykwols om 1500 hinne wer opboud, mar oars as foarhinne.

Sint-Michaeltsjerke

In skoft wie der frede yn Roeselare, mar op 26 augustus 1566 fûn de byldestoarm plak yn 'e stêd. Ferskate bylden út de Sint-Michielstsjerke waarden fernield. Nei it útbrekken fan de Tachtichjierrige Oarloch ferdwûn de eartiids bloeiende tekstylyndustry folslein út Roeselare en folge der in tiid fan ekonomyske delgong. Dy tsjustere tiid hie lykwols ek in ljochtpuntsje: yn Feneesje waard Adriaan Willaert út Roeselare in ferneamd komponist.

Yn 1609 waard de Tolvejierrich Bestân útroppen en Roeselare koe wer rommer sykhelje, mar net foar lang want yn 1640 wie it fannijs kriich.

Troch de Frede fan Nijmegen yn 1678 waard Roeselare diel fan Frankryk en in grinsstêd. Roeselare waard in beruchte smokkelrûte. De stêdskas wie leech, dat der wie gjin jild om it belfort en de lekkenhal te restaurearjen. Dat resultearre yn it ynstoarten fan de klokketoer op 30 oktober 1704. Mei de fal waard ek it grutste part fan de hal fernield. Mei it pún waard wer in nije, mar lytsere toer boud, dy't lykwols yn 1749 ôfbaarnde. De kelders fan it eardere belfort lizze noch ûnder it merkplein.

Alhoewol't de stêd yn syn skiednis in soad besocht waard troch geweld en fernielings, bleau de Sint-Michielstsjerke yn ridlik goede steat. De toer stoartte lykwols yn troch in fûle stoarm op 19 jannewaris 1735. De toer waard ferboud; inkele tsientallen meters koarter. De trije grutte rampen ferklearje foar in grut part dat de tsjerke trije bouststilen kent. Om 1770 hinne waard it gemeentehûs boud yn rokokostyl.

Nei de Slach by Waterloo waard Roeselare wer Nederlânsk oant de ûnôfhinklikens fan Belgje. De ûnôfhinklikens brocht lykwols ek earmoede, mar de sitewaasje ferbettere nei de oanlis fan it spoar Kortrijk-Brugge (1838) en nei de útfining fan de stoommasine. Ek it graven fan in kanaal nei de Leie tusken 1862 en 1872 droech by oan ekonomyske foarútgong. It kanaal soarge foar nije yndustry en befolkingsoanwaaks.

Byld Albrecht Rodenbach op it De Coninckplein

Under lieding fan Albrecht Rodenbach briek op 28 july 1875 in studinteopstân út tsjin it brûken fan it Frânsk yn it ûnderwiis. De skriuwer en dichter Rodenbach stifte in tal studinteferienings en waard yn Roeselare sa populêr, dat der nei him sels in krante ferneamd waard. De opstân gie yn Belgje de skiednis yn as de Groote Stooringe.

De stêd hie yn de Earste Wrâldkriich slim te lijen fan it alliearde artilleryfjoer. Op 19 oktober 1914 folgen Dútske wraakaksjes fanwegen it ferset dat oan de besetter bean wie. De Dútsers stieken 252 hûzen yn 'e brân en fermoarden likernôch 240 boargers. De besetters gyngen der fan út dat de minsken fan Roeselare op harren sketten hiene. Der hie wjerstân west, mar dy kaam fan in kompanjy fan Frânske Dragonders om it weromlûken fan harren kameraden te dekken.

De weropbou fan de stêd wie pas wer foltôge doe't de Twadde Wrâldkriich begûn. Roeselare hie yn de Twadde Wrâldoarloch net it measte lêst en waard befrijd troch de Poalen. Dêrfan tsjûgje tsjintwurdich it Poalenplein, earder de Houtmarkt, en de monuminten foar de fallen Poalske soldaten.

Roeselare stie oant yn de 20e iuw bekend om in spesifike groep bewenners, dy't de Nieuwmarkters neamd waarden. Dat wie in mienskip fan handlers dy't om de Merk hinne yn in eigen wykje wenne. Hja hiene ek in eigen taal en koene gjin Frânsk, Ingelsk of Dútsk, mar wisten wol alles mei grutte winsten oan elkenien te ferkeapjen, ek al kamen de keapers út Walloanje of út it bûtenlân. Harren lytse hûskes binne noch jimmeroan te finen om de Blekerijstrjitte en it âlde begraafplak hinne.

Sûnt it ein fan de jierren 1940 waard de fruit- en grientefeiling REO yn gebrûk nommen. Dat is noch altiten de grutste fruit- en grientefeiling fan Flaanderen.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de stêd Roeselare bestiet de gemeente ek út de dielgemeenten Beveren, Oekene en Rumbeke. Yn 1965 waard Beveren by Roeselare yndield, yn 1977 folgen ek Oekene en Rumbeke.

Troch nijbou en bedriuwen binne Beveren en Rumbeke hjoed-de-dei fêstgroeid oan de bebouwing fan Roeselare. It lytse Oekene leit oan de súdlik grins fan Rumbeke. De stêdekloft fan Roeselare rint lâns it kanaal Roeselare-Leie hast oant de stêdekloft fan de tichteby lizzende lytsere stêd Izegem.

Yn de gemeente lizze ek ferskillende buorskippen. Under Rumbeke falt it plakje Zilverberg, dat oan de dyk nei Menen (N32) leit. De buorskip Beitem leit likernôch trije kilometer súdliker oan deselde dyk.

Nû. Plaknamme Westflaamsk Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(2022)
Kaart
I Roeselare Roeseloare 23,94 41.665
II Beveren Bevern 10,59 6.026
III Rumbeke
V - Zilverberg
VI - Beitem
Rumbeke
Den Oap
Beitem
19,91 14.932
IV Oekene Oukne 5,35 1.763

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grutte Merk
Kastiel fan Rumbeke
  • De Grutte Merk fan Roeselare.
  • It stedhûs bestiet út it foar in part yn rokoko-styl âlde diel út 1770-1771 en in modern diel út 1924 mei in klokketoer op 'e hoeke. Under de Grutte Merk lizze ek de oerbliuwsels fan de stedshal en de klokketoer út 1260, dy't op 30 oktober 1704 ynstoartte. By in werynrjochting fan de Grutte Merk waarden de resten wer ûntdutsen.
  • Brouwerij Rodenbach.
  • Tusken hûzen yn de Sint-Hubrechtsstrjitte de Dútske kommunikaasjebunker.
  • Krekt bûten it stedssintrum, yn Rumbeke, leit it kastiel Rumbeke op it domein Sterrebos.
  • It âlde stedsbegraafplak.

Religieuze monuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De letgoatyske Sint-Michaelstsjerke (Sint-Michielskerk) út 1504 is de wichtichste tsjerke fan Roeselare.
  • De Sint-Amandustsjerke is in neoromaanske tsjerke út 1869-1872.
  • De Hillich Herttsjerke (Hippoliet Spilleboutdreef 13) is in moderne tsjerke út 1933 mei art deco ynfloeden, dy't boud waard by de súdlike útwreiding.
  • De lytse protestantske tsjerke fan Roeselare wurdt ek wol Geuzetimpel (Geuzentempel) neamd en datearret fan 1877.
  • De Us-Leaffrouwetsjerke (Sint-Hubrechtsstraat 33) is in tsjerkegebou út 1867.
Lyts Seminaarje mei tsjerke
  • It Lyts Seminaarje (Klein Seminarie) wie oarspronklik in kleaster en is in gebouwekompleks mei dielen út de 17e oant 20e iuw. Yn 1806 waard it in skoalle, dêr't ea Guido Gezelle en Hugo Verriest ûnderwiisden. De tsjerke fan it Lyts Seminaarje waard yn de earste helte fan de 18e iuw boud.
  • De Sint-Godelievetsjerke is in modern tsjerkegebou út 1981.
  • De Sint-Joazefstsjerke waard yn 1951 boud.
  • It Kleaster fan de Susters fan de Earme Klaren (Klooster van de Zusters der Arme Klaren) waard yn 1867 stifte. Om 1871 hinne waard der in tsjerke by boud. Sûnt 2022 wurdt it kleaster net mear bewenne troch religieuzen.[2]
  • It Redemtoristenkleaster oan de Sint-Alfonsusstrjitte hat in yn de jierren 1872-1874 boude neogoatyske tsjerke.
  • It Kleaster fan de Godlike Foarsjennichheid is in earder kleaster dat oan de Arme-Klarenstraat stiet.
  • KOERS is in nasjonaal museum fan de fytssports; it is nei in restauraasje yn it âlde brânwachtarsenaal ûnderbrocht dat yn 2018 de doarren wer iepenee.
  • Muze’um L

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Roeselare


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje