Springe nei ynhâld

Rob Roy MacGregor

Ut Wikipedy
Rob Roy MacGregor
persoanlike bysûnderheden
echte namme Raibeart Ruadh MacGriogair
oare namme Robert Roy MacGregor
nasjonaliteit Britsk
berne 7 maart 1671 (doop)
berteplak Glengyle (Skotlân)
stoarn 28 desimber 1734
stjerplak Balquhidder (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amt feehâlder
aktyf as opstanneling
jierren aktyf 16891734
reden
  bekendheid
ferneamd Skotsk folksheld

Rob Roy MacGregor (útspr.: [rɔ:b roi̭ mɛk'ɡrɛgər], likernôch: "rôb roi mekgregger"; folút: Robert Roy MacGregor; eins, Skotsk-Gaelysk: Raibeart Ruadh MacGriogair; Glengyle, doopt 7 maart 1671Balquhidder, 28 desimber 1734) wie in Skotsk boer, opstanneling en feedief dy't ferneamd waard as folksheld. As de laird fan Inversnaid wied er in lieder (hoewol net it haad) fan 'e Clan MacGregor, en yn dy hoedanichheid naam er diel oan 'e jakobityske opstannen fan 1689, 1715 en 1719. Rob Roy ûntjoech him ta in respektearre feehâlder oant er troch omstannichheden bûten syn macht yn 'e finansjele swierrichheden rekke. Syn besittings waarden yn beslach nommen om't er syn lienings net werombetelje koe en sels waard er fûgelfaai ferklearre. Neitiid libbe er ferskate jierren as bandyt en hold himsels en syn folgelingen mei dieverij fan fee itende. Rob Roy wurdt gauris beskôge as de Skotske wjergader fan 'e Ingelske folksheld Robin Hood.

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rob Roy waard yn 1671 berne te Glengyle, oan de noardkant fan Loch Katrine. Syn namme is in anglisearring fan it Skotsk-Gaelyske Raibeart Ruadh, dat letterlik "Reade Robert" betsjut, in oantsjutting dy't ornaris ferwiisd nei read hier. Hy wie de jongste soan fan Donald MacGregor fan Glengyle, de haadman fan 'e sept (subclan) Ciar Mhor fan 'e Clan Gregor (of MacGregor), en dy syn frou Margaret Campbell, dochter fan William Campbell fan Glenfalloch. Doe't er folwoeksen wie, waard Rob Roy it lângoed Inversnaid taparte, sadat er ek wol bekendstiet as MacGregor fan Inversnaid.

Jakobityske Opstân fan 1689

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Clan Gregor wie fûleindich jakobitysk, en nei't kening Jakobus II en VII (fan Ingelân en Skotlân) yn 1688 by de Glorieuze Revolúsje troch syn dochter Marije II en har man Willem III fan Oranje ôfset wie, joegen de MacGregors har sadwaande by it leger fan John Graham fan Claverhouse, boarchgreve fan Dundee, dy't besocht Skotlân foar it Hûs Stuart te behâlden. Hoewol't de jakobiten yn 1689 de Slach by Killiecrankie wûnen, sneuvele Dundee, letter byneamd Bonnie Dundee, dêr op it slachfjild, wat de ein fan 'e jakobityske kampanje yn Skotlân betsjutte.

Ek de jonge Rob Roy, dy't doe noch mar achttjin jier wie, focht mei by Killiecrankie, dêr't er syn earste oarlochsûnderfining opdie. Nei de slach waard syn heit Donald, as ien fan 'e lieders fan 'e MacGregors, troch it nije willemityske rezjym twa jier lang finzenset foar ferrie. Yn dy snuorje rekke it mei de sûnens fan Rob Roy syn mem yn 'e minnichte, en doe't Donald úteinlik yn 1691 frijlitten waard, wie syn frou al ferstoarn. Rob Roy syn heit wie dêrnei in brutsen man.

It saneamde Factor's Island, yn Loch Katrine, dêr't Rob Roy ienris de rintmaster fan 'e hartoch fan Montrose finzen hold.

Yn jannewaris 1693 troude Rob Roy op it boerespultsje Corrie Arklet, yn 'e neite fan Inversnaid, mei Mary Helen MacGregor, de dochter fan 'e laird MacGregor fan Comar. Hja krigen fjouwer soannen: James Roy MacGregor, byneamd James Mhor ("Grutte James"), Ranald, Coll en Robert, dy't bekendstie as Robin Oig ("Jonge Rob"). Rob Roy en de frou namen ek in jongere neef fan him oan, dy't fan Duncan MacGregor hiet.

Feehâlderij en fûgelfaaiens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rob Roy ûntjoech him yn 'e 1690-er jierren ta in bekend feehâlder, dy't yn 'e Skotske Heechlannen heech yn oansjen stie yn in tiid dat de measte boeren it net sa nau namen mei de wet, en feedieverij en it ferkeapjen fan beskerming tsjin dieverij (in foarm fan sjantaazje) dêr skearing en ynslach wiene. Omtrint 1712 liende er in grut jildbedrach om syn eigen feebeslach te fergrutsjen, mar rekke yn 'e swierrichheden doe't syn foarman op 'e weromreis fan 'e merk dêr't in grut part fan it fee ferkocht wie, mei opbringst en al weiwaard. Der is gauris oer spekulearre wat der fan 'e man en it jild wurden is; hy soe útpykt wêze kinne en de boat nei Amearika nommen hawwe kind om dêr mei it jild in nij bestean op te bouwen, mar likegoed kin er oerfallen en fermoarde wêze, wylst it jild yn 'e bûsen fan strûkrôvers ferdwûn is.

Hoe dan ek, it jild wie wei, en Rob Roy koe syn lienings net ôfbetelje. Fan gefolgen waard er fûgelfaai ferklearre en moast er ûnderdûke. Neffens de leginde dy't letter om syn persoan hinne groeide, soene guon wettsjinners dy't yn syn ôfwêzichheid syn hûs besochten, syn frou oantaast hawwe, wêrnei't sy har man oanfitere om wraak te nimmen. It is lykwols net dúdlik oft dêr wat fanoan is, of dat it der letter bybetocht is. Yn elts gefal waarden syn frou en bern út harren wente set, wêrnei't it hûs platbaarnd waard. De lânerijen fan Rob Roy waarden dêrnei yn beslach nommen troch syn wichtichste skuldeasker, James Graham, 1e hartoch fan Montrose. Wisberet dat dyselde gjin foardiel hawwe soe fan wat er as it stellen fan syn lân beskôge, sette Rob Roy doe mei in stik as tweintich folgelingen útein mei in bloedfete tsjin Montrose, wêrby't hy en syn binde libben fan 'e kij dy't se fan 'e hartoch stielen.

Neffens ien ferhaal soe Rob Roy ris de rintmaster fan Montrose, in Graham fan Killearn, oer it mad kommen wêze yn in herberge dêr't dyselde de pacht fan 'e boeren dy't it lân fan 'e hartoch bewurken, oan it ynjen wie. Hoewol't Rob Roy by dy gelegenheid mar ien man by him hie, rôp er foar't er deryn gie mei lûde stim dat har twa mannen by elts finster, twa by eltse hoeke en fjouwer by elts fan 'e beide doarren opstelle moasten, sadat it foar de lju yn 'e herberge liek as wie it gebou besingele troch tweintich man. Dêrnei oardere Rob Roy alle oanwêzigen om sitten te bliuwen, stiel sa kalm as mar koe de pacht fan 'e rintmaster, en liet de rintmaster kwitânsjes oan 'e pachters útskriuwe dy't bewiisden dat se it jild betelle hiene dat se skuldich wiene. Dêrnei bestelde er iten, dinearre, dronk noch in pear rûntsjes mei de oanwêzigen, betelle doe foar allegear de rekken en joech him ôf. Deselde rintmaster (Skotsk-Ingelsk: factor), Graham fan Killearn, waard letter in hoart troch Rob Roy gizele holden op it saneamde Factor's Island yn Loch Katrine.

De ruïne fan Rob Roy syn hûs yn Glen Shira.

Jakobityske Opstân fan 1715

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jakobityske Opstân fan 1715.

Under de Jakobityske Opstân fan 1715 fochten de MacGregors as clan net oan 'e side fan 'e opstannelingen, mar de sept Ciar Mhor, dêr't Rob Roy ta hearde, wol. De lieder fan 'e MacGregors wie hjirby net Rob Roy, mar syn omkesizzer Gregor MacGregor fan Glengyle, byneamd Ghlune Dhu, "Swartknibbel", nei in maal op syn knibbel dy't yn syn Heechlânske kilt altyd sichtber wie. Ek ferskate lju dy't net ta de Clan Gregor hearden, lykas Leckie fan Croylechie, dy't mei Rob Roy syn suster troud wie, joegen harren by har. It kin suver net misse dat Gregor MacGregor, dy't doe noch hiel jong wie, swier op 'e advizen fan syn omke stipe.

Yn 'e Slach by Sheriffmuir fochten de MacGregors fan Ciar Mhor ûnder John Erskine, greve fan Mar. Hja wiene yndield yn ien rezjimint mei leden fan 'e clans Macpherson en MacKinnon, dat op 'e uterste lofterfleugel fan it jakobityske leger sitewearre wie. Hoewol't de slach eins yn in ympasse einige, behellen de regearingstroepen, ûnder lieding fan John Campbell, 2e hartoch fan Argyll, in strategyske oerwinning, wat de ein fan 'e opstân betsjutte.

Under beskerming fan Argyll

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as by oare foaroansteande jakobiten dy't behelle wiene yn 'e Opstân fan 1715 it gefal wie, koene de besittings fan Rob Roy neitiid net ûnteigene wurde om't er al fûgelfaai wie. Lykwols waarden hy en de hiele Clan Gregor letter spesifyk útsletten dan 'e Amnestywet fan 1717, wêrmei't fierders in generaal pardon ôfkundige waard foar lju dy't oan 'e opstân dielnommen hiene.

Yn 1716 sette Rob Roy him nei wenjen yn Glen Shira, dêr't er ûnder beskerming stie fan John Campbell, 2e hartoch fan Argyll, de haadman fan 'e Clan Campbell. Dat wie deselde dêr't er by Sheriffmuir tsjin fochten hie, en in fier famyljelid fan syn mem. Argyll beävensearre foar Rob Roy in tydlike amnesty foar feedieverij en it net ôfbeteljen fan lienings yn ruil foar it opjaan fan syn wapens. Neffens de leginde soed er dêrfoar lykwols inkeld in grutte foarrie oan roastich âld wapenark krigen hawwe, dat al by minskewitten net mear yn 'e striid brûkt wie.

It grêf fan Rob Roy, syn frou Mary Helen en syn soannen Coll en Robert, yn Balquhidder.

Jakobityske Opstân fan 1719

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jakobityske Opstân fan 1719.

De Jakobityske Opstân fan 1719 wie in deaberne oangelegenheid wêrby't in Britsk leger yn 'e Slach by Glen Shiel koarte metten makke mei in healslachtige ynfal troch Spaanske troepen en de fûleindige jakobiten dy't har by dy útlanners jûn hiene. De MacGregors fan Ciar Mhor wiene hjirby op 'e nij fan 'e partij, en Rob Roy rekke yn 'e striid by Glen Shiel slim ferwûne.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid wenne Rob Roy in skoft op 'e pleats Monachyle Tuarach, by Loch Doine, wylst er him letter op Inverlochlarig Beag fêstige, in boerespultsje yn 'e neite fan Balquhidder. Hy sette syn fete mei de hartoch fan Montrose troch oant 1722, doe't er twongen wie en jou him oer. Hy brocht ferskate jierren yn it tichthûs troch, mar fanwegen syn oanwaaksende ferneamdheid krige yn 1727 graasje fan kening George I, krekt foar't er nei de koloanjes deportearre wurde soe. Dêrnei kearde er werom nei Balquhidder, dêr't syn frou noch altyd tahold, en dêr't er sels yn 1734 kaam te ferstjerren. Syn ôfstammelingen setten har letter nei wenjen yn MacGregor, yn 'e Amerikaanske steat Iowa, dêr't yn 1849 Rob Roy syn segelring opdoek yn it besit fan in Alex MacGregor.

Rob Roy yn fiksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al by syn libben wie Rob Roy in leginde, en yn 1723, wylst er yn it tichthûs siet, waard der in romantisearre ferslach fan syn libben publisearre ûnder de titel The Highland Rogue ("De Heechlânske Skelm"). Yn 1803 skreau de Ingelske dichter William Wordsworth in gedicht oer him, mei as titel Rob Roy. De roman Rob Roy, fan sir Walter Scott, dy't útkaam yn 1817, makke de man noch bekender, en folle de gatten yn syn leginde op. Scott syn boek ynspirearre de komponist Hector Berlioz om in ûvertuere oan Rob Roy te wijen. Yn it tiidrek fan 'e film waard yn 1922 it ferhaal fan Rob Roy foar it earst ferfilme as de stomme film Rob Roy. Yn 1953 adaptearren de Disney-studio's de leginde ta de film Rob Roy, the Highland Rogue. De bekendste ferfilming is tsjintwurdich lykwols de film Rob Roy, fan regisseur Michael Caton-Jones, mei de Ierske akteur Liam Neeson yn 'e titelrol en Jessica Lange as Mary Helen MacGregor.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.