Richard Corliss
Richard Corliss | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Richard Nelson Corliss | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 maart 1944 | |
berteplak | Philadelphia (Pennsylvania) | |
stoarn | 23 april 2015 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus, filmhistoarikus, tydskriftredakteur, publisist | |
jierren aktyf | 1966 – 2015 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Richard Corliss (folút: Richard Nelson Corliss; Philadelphia, 6 maart 1944 – New York, 23 april 2015) wie in Amerikaansk sjoernalist, tydskriftredakteur, filmkritikus, filmhistoarikus en publisist. Hy waard benammen bekend as filmkritikus foar it tydskrift Time.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Corliss waard yn 1944 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de soan fan Paul William Corliss en dy syn frou Elizabeth Brown McCluskey. Hy groeide ek op yn Philadelphia, dêr't er nei de middelbere skoalle fierder learde oan it Sint-Joazefskolleezje (no de Sint-Joazefsuniversiteit). Dêr ûntfong er in bachelortitel foar't er oan 'e Columbia Universiteit yn New York in mastergraad yn filmstúdzjes behelle.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Corliss begûn syn karriêre yn 'e sjoernalistyk doe't er yn 1966 yn 'e tsjinst kaam fan it tydskrift National Review, dêr't er oant 1970 bleau. Hoewol't dat blêd de namme hie konservatyf te wêzen, beskôge Corliss himsels as in progressyf. Yn 'e 1970-er jierren skreau er foar New Times, Maclean's en it SoHo Weekly News. Teffens wied er fan 1970 oant 1990 haadredakteur fan Film Comment, in blêd dat publisearre waard troch de Film Society of Lincoln Center. Yn dy hoedanichheid holp er om mear omtinken te skeppen foar de senarioskriuwer yn it filmproses.
Yn 1980 kaam Corliss as filmkritikus yn 'e tsjinst by it foaroansteande tydskrift Time. Yn dy hoedanichheid gied er elts jier nei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn 'e mande mei oare foaroansteande Amerikaanske filmkritisy, lykas Roger Ebert en Todd McCarthy. Hy wie ek in fêste gast op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Hy siet yn it bestjoer fan it Filmfestival fan New York, mar stapte yn 1987 op nei't syn freon Richard Roud oan 'e kant set wie as direkteur.
Behalven foar Time skreau Corliss ek foar oare tydskriften en hied er û.m. in kollumn oer nostalgyske popkultuer mei as namme That Old Feeling. Yn 'e 1990-er jierren wied er út en troch te gast yn it praatprogramma fan Charlie Rose, faak yn 'e mande mei û.o. Janet Maslin. Fierders skreau Corliss ferskate non-fiksjeboeken oer de skiednis fan 'e filmyndustry, wêrûnder in biografy fan aktrise Greta Garbo en in yngeande stúdzje fan 'e film Lolita fan regisseur Stanley Kubrick en it boek fan Vladimir Nabokov dêr't dy film op basearre is.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Corliss wenne nei it ôfrûnjen fan syn stúdzje altyd yn New York. Hy troude op 31 augustus 1969 mei Mary Elizabeth Yushak, dy't konservator fan it foto-argyf fan it Museum of Modern Art wie.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Richard Corliss kaam op 23 april 2015 yn syn wenplak New York ûnder palliative soarch yn in hospys te ferstjerren nei't er in oerhaal hân hie. Hy waard 71 jier.
Publikaasjes (ûnfolsleine opsomming)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1974 – Talking Pictures: Screenwriters in the American Cinema, 1927-1973
- 1974 – Greta Garbo
- 1995 – Lolita
- 2000 – ynlieding fan Ang Lee en James Schamus, Crouching Tiger, Hidden Dragon: A Portrait of the Ang Lee Film
- 2014 – Mom in the Movies: The Iconic Screen Mothers You Love (and a Few You Love to Hate)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |