Springe nei ynhâld

Redbone (band)

Ut Wikipedy
Redbone
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1969 - No
âld-leden Lolly Vasquez-Vegas gitaar (1969–2010) †
Tony Bellamy gitaar (1969–2008) †
Peter DePoe drums (1969–1972)
Butch Rillera drums (1973–1977)
Tracy Lee Nelson gitaar (1975–1977)
leden
Bas &
Sang
Pat Vasquez-Vegas

Redbone is in Amerikaanske popgroep út de jierren santich fan de 20e iuw dy't ynternasjonaal súkses hie.

De groep waard yn 1969 yn Los Angeles oprjochte troch de bruorren Pat Vegas (basgitaar en sjonger) en Lolly Vegas (gitaar en sjonger), twa Native Americans.
Redbone tekene yn 1969 in kontrakt mei it Epic-label en waard begjin 1971 bekend mei de single Maggie. Oare hits, mei it measte súkses bûten De Feriene Steaten, wiene: The Witch Queen Of New Orleans (1971), We Were All Wounded At Wounded Knee (1973; skreaun nei oanlieding fan de besetting fan Wounded Knee) en Come and Get Your Love (1974). Dy lêste helle dat jier de Top 5 fan de Amerikaanske Billboard Hot 100.

De groep is noch altyd aktyf, mei Pat Vegas as iennich oarspronklik lid. Peter DePoe waard yn 1973 ferfongen troch Butch Rillera, dy't al yn 1975 by de groep weigie. Lolly Vegas ferliet de groep yn 1995 nei in beroerte († 4 maart 2010, 70 jier); justjes letter ferliet ek Tony Bellamy († 25 desimber 2009) de groep.

  • Redbone - 1970
  • Potlatch - 1970
  • Message from a Drum - 1971 (ek as The Witch Queen of New Orleans útbrocht, 1972)
  • Already Here - 1972
  • Wovoka - 1973
  • Beaded Dreams Through Turquise Eyes - 1974
  • Come and Get Your Redbone - 1975
  • The Best of Redbone - 1976
  • Cycles - 1977
  • Redbone Live - 1994 (opnames út 1977)
  • Great Songs (Come and Get Your Love) - 1995
  • Golden Classics - 1996
  • To the Bone - 1998
  • Redbone and Wet Willie: Take Two - 2002
  • The Essential Redbone - 2003
  • One World - 2005
  • Peacepipe - 2009
  • Crazy Cajun Cakewalk Band - 1970
  • Maggie - 1970, 1971 und 1972
  • Light as a Feather - 1971
  • The Witch Queen of New Orleans - 1971 (Sjoch ek: Marie Laveau)
  • Message from a Drum - 1972
  • Fais Do - 1972
  • When You Got Trouble - 1972
  • Niji Trance - 1972
  • Poison Ivy - 1973
  • We Were All Wounded at Wounded Knee - 1973. (Skreaun nei oanlieding fan de besetting fan Wounded Knee)
  • Wovoka - 1973 (sjoch ek: Wovoka
  • Come and Get Your Love - 1974
  • One More Time - 1974
  • Suzi Girl - 1975

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]