Springe nei ynhâld

Pietje Feitsma

Ut Wikipedy
Pietje Feitsma
Reedrider
Pietje Feitsma (1933)
Pietje Feitsma (1933)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 desimber 1918
berteplak Hilaard
stjerdatum 14 april 1991
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdiel Koartebaanriden

</noinclude> Pietje Hornstra-Feitsma (Hilaard, 9 desimber 1918 - It Hearrenfean, 14 april 1991[1]) wie in Fryske koartebaan reedrider. Neffens it oarspronklike register waard Feitsma berne yn Hilaard, mar J.H. Rijpkema neamt Dronryp as berteplak.

Se ried har earste wedstriid op 6 desimber 1933 doe't se 14 jier wie yn har wenplak Dronryp. Se wûn de earste priis (f 40, - ) foar Tryntsje Terpstra en har trije jier âldere suster Loltje. Op 17 desimber fan datselde jier wûn se de sulveren medalje op de Nederlânske kampioenskippen koartebaanriden yn Wergea , dêr't se de finale fan Grytsje Bijlsma ferlear .

Har pake Feitsma fan Deinum wie ek in hurdrider dy't yn 1865 en 1866 yn de prizen foel. Neist har suster Jeltsje wûn ek har broer Age (berne yn 1918; emigrearre nei de Feriene Steaten) prizen yn 1918.

Unfolsleine list:

1933–34
1e priis (f 40,-) - 6 desimber 1933 yn Dronryp
4e priis (f 5,-) - 9 desimber 1933 yn Huzum
2e priis (f 20,-) - 10 desimber 1933 yn Stiens
1e priis (f 25,-) - 11 desimber 1933 yn Britswert
3e priis (f 15,-) - 14 desimber 1933 yn Wolvegea
1e priis (f 15,-) - yn Dearsum
1e priis (f 50,-) - 16 desimber 1933 yn Rie
17 desimber 1933 Nederlânske nasjonale kampioenskippen yn Wergea
2e priis (f 45,- & medalje)
Fluchste race
2e priis (f 60,-)- 18 desimber 1933 yn Berltsum (achter Grietje Bijlsma, foar Sjoukje Bouma)
1935-36
2e priis (f 25,-) - 21 desimber 1935 yn Hurdegaryp, klasse A, 6 dielnimmers (efter Marie v. d. Duim-De Groot)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rijpkema, J. H. (17 maaie 1936). "Gedenkschrift bij het 50-jarig bestaan van den Frieschen IJsbond 1886-1936, alsmede iets over hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren". Noord-Nederlandsche Boekhandel. s. 173 – fia de Keninklike Bibleteek.
Referinsje
  1. [1] Pietje Feitsma 9 December 1918–14 April 1991