Springe nei ynhâld

Pieter Cats

Ut Wikipedy
It Catshûs yn Ljouwert. Doe't de foto makke waard wie it in plysjeburo

Pieter Cats (Ljouwert, 13 jannewaris 1763 - dêre 17 jannewaris 1832) wie in keapman en om 1800 hinne nei alle gedachten de rykste ynwenner fan Fryslân.

Oranjestein

Pieter wie de soan fan Jentje Cats en Sjuwke Blok. Hy kaam út in begoedige minniste keapmanslaach en troude yn 1789 mei de rike menniste fan 18 jier Rinske Heringa (1717-1834) út in begoedige en learde famylje. De famylje Cats wie ryk wurden troch lieningen oan partikulieren en spekulaasje mei huzen, pleatsen en grûn. Yn Ljouwert liet Pieter op de Nijstêd it grutste hearehûs fan de stêd sette en yn It Oranjewâld by It Hearrenfean, op grûn fan de steedhâlderlike famylje, in nij lânhûs Oranjestein. Syn pakesizzer Pieter Heringa Cats, dy't yn 1835 op tolwejierrige leeftyd al mei syn suske in earste erfenis krige fan hast in heal miljoen gûne, boude en bewenne dêr letter, mei syn aadlike frou Maria Albertina de Rotte, it bûten Klein Jagtlust. By syn ferstjerren yn 1880 liet de bernleaze Pieter in boedel nei mei in wearde fan in lytse trije miljoen gûne. Ut ûnbehagen mei syn oerfloed (en mooglik ek út wearze fan de troch de famylje winske erfgenamt) skonk hy mear as de helte fan syn fermogen oan syn personiel en mear beminde famyljeleden fan syn frou. Syn rintmaster en in túnman erfden elk f 100.000, de koetsier en in opsjenner elk f 50.000. De grutte rykdom fan de famylje Cats, benammen fan de staach fan Pieter Cats, ferklearret tagelyk wêrom't har soannen en benammen dochters in soad belangstelling krigen fan troulustige eallju en patrysjers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rob van der Laarse, Y. Kuiper, Rob van der Laarse - Beelden van de buitenplaats: elitevorming en notabelencultuur in Nederland