Springe nei ynhâld

Pegnitz (rivier)

Ut Wikipedy
Eardere Pflegerschloss oan de Pegnitz yn Velden
Weinstadel en wettertoer oan de Pegnitz yn Neurenberch
Wettermûne op de Pegnitz yn Neurenberch

De Pegnitz is in rivier yn Beieren, Dútslân, dy't nei 79 km mei de Rednitz de Regnitz foarmet.

De boarne fan de Pegnitz leit benoarden stêd Pegnitz op de eastskeante fan de Schloßberg: út in karstboarne op 425m hichte rint het de Pegnitz troch dy stêd. De grutste wetteroanfier komt lykwols net út de boarne, mar út it Lindenhardter Forst as de Fichtenohe, dy't foar in part ûndergrûns troch Wasserberch rint, en yn Pegnitz gearkomt mei de koarte stream út de Pegnitzboarne.

De Pegnitz streamt nei it suden lâns Neuhaus en Velden troch it Natuerpark Fränkische Schweiz-Veldensteiner Forst en dêrnei troch de Hersbrucker Schweiz by Hersbruck lâns. Fan dat plak ôf rint de Pegnitz nei it westen troch Lauf en Neurenberch nei Fürth. Krekt benoarden de binnenstêd fan Fürth foeget hy him gear mei de Rednitz ta Regnitz op in hichte fan 283 meter.

Sûnt de midsiuwen is de Pegnitz fan ekonomysk belang foar de krite: troch syn rikens oan fisk en troch it gebrûk meitsjen fan de wetterkrêft foar de protte mûnen.

Nei de oerstreaming fan febrewaris 1909 (mei in debyt fan 370 m³/s) waard it trajekt yn Neurenberch oanpast en 4 km ynkoarte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]