Oranjeboarstpappegaaido
Oranjeboarstpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje. wyfke. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron bicinctus | ||||||||||||
Jerdon, 1840 | ||||||||||||
IUCN-status: net-bedrige | ||||||||||||
De oranjeboarstpappegaaido (Treron bicinctus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte liket in soad op oare pappegaaidowen, lykas de gielpoatpappegaaido en de Yndiaaske pappegaaido, mar it kastanjebrún op 'e wjuk ûntbrekt by him. It mantsje hat gjin grize mar in gielgriene krún en in smelle lila bân op it boppeboarst en dêrûnder in bredere oranje bân. De nekke is blaugriis. De ûndersturtdekfearren binne kanielkleurich mei de langere fearren giel omrâne. Fan boppe is de sturt griis mei in brede donkere bân.
Wyfkes binne fan ûnder giel en ha gjin lila en oranje bân. De ûndersturtdekfearren ha in doffere kanielkleur mei griene flekken. De boppesturt hat lykwols laaigrize fearren yn stee fan grien, lykas by de wyfkes fan 'e Yndiaaske pappegaaido of Srylankaanske pappegaaido.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oranjeboarstpappegaaido is in boskfûgel en hat in grut ferspriedingsgebiet yn it suden fan Aazje yn it leechlân fan 'e Terai yn Noard-Yndia en Súd-Nepal, de Himalaya oant 1500 m, Súd-Yndia (West-Ghats en East-Ghats) en de bosken fan Sry Lanka. Fierder libje se yn Birma, Tailân, it Maleizysk skiereilân, Fjetnam, Java, Baly en Hainan.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:
- T. b. leggei: Sry Lanka.
- T. b. bicinctus: fan Yndia oant Súdeast-Aazje.
- T. b. domvilii: Hainan (Sina).
- T. b. javanus: Java en Baly.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oranjeboarstpappegaaidowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't it oantal tebekrint troch biotoopferlies, wurdt de soarte as net-bedrige op 'e Reade list fan IUCN klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pappegaaido
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje