Oerlis:Suderie
Appearance
De namme Súdie liket allinich te ferklearjen troch in omkeart kaartbyld mei it súden nei boppe keart. Yn'e Súdlike Nederlannen kaam dat faker foar sa't skynt, yn it Noarden wie it seldsum. Guon ûndersykers miene dat d'r earst twa slinken wiene dy't mei it trochgraven fan in 'wâl' by de Reidswâl ien wurden binne.
- Dat binne al twa útlizzen. En dan noch dat faaks de Peazens de Noarder Ie west hat, as dat de Moarster Feart fierder rûn ensfh. Wy kinne fansels net skriuwe dat it sà west hat en net oars. Mar at wy in teory witten dêr't goede arguminten foar binne, dan kin dy fanself as teory opnaam wurde op de side. Aliter 8 apr 2009, 20.09 (CEST)
@Ieneach fan 'e Esk: Oarspronklik bestie de Suderie út twa slinken/riden. Ien rûn, mei de Iester Ryd, nei de Lauwerssee en de oare kaam by Dokkum yn it Grutdjip út. Feitlik wie allinne de letter dolde ferbining fan dy twa in feart. Earst mei de oanlis fan de Lauwersseewei is it stik fan Mitselwier-Dokkum kanalisearre. Drewes (oerlis) 12 sep 2017, 18.18 (CEST)
- @Drewes: Dus as ik it goed begryp, sizze jo dat it eins in rivier is? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 sep 2017, 20.46 (CEST)
- Yep, tagelyk rivier/ryd en feart. Drewes (oerlis) 12 sep 2017, 20.52 (CEST)
- Is oanpast. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 sep 2017, 21.04 (CEST)