Springe nei ynhâld

Njoggeneagen

Ut Wikipedy
Njoggeneagen
In pear riviernjoggeneagen (Lampetra fluviatilis).
In pear riviernjoggeneagen (Lampetra fluviatilis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
boppeklasse: kaakleaze fisken (Agnatha)
(sûnder rang): rûnmûnigen (Cyclostomata)
klasse: njoggeneagen en sibben (Petromyzontida)
skift: njoggeneagen (Petromyzontiformes)
Risso, 1827

De njoggeneagen (Latynske namme: Petromyzontiformes) foarmje in skift fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de boppeklasse fan 'e kaakleaze fisken (Agnatha) en de klasse fan 'e njoggeneagen en sibben (Petromyzontida). De njoggeneagen wurde ornaris mei de slymnjoggeneagen (Myxini) gearbrocht ûnder de namme rûnmûnigen (Cyclostomata), al is dy yndieling omstriden en is de krekte bân tusken de beide groepen noch altyd net alhiel dúdlik. De namme "njoggeneach" komt fan 'e rige iepenings by de kop fan dizze bisten, wêrfan't sân kiuwen binne, it achtste it eigentlike each en it njoggende de noasiepening.

Njoggeneagen binne ranke, iel-foarmige fisken mei in keale hûd sûnder skobben, grutte eagen en in kreakbiennen skelet. Se hawwe gjin kaken, mar in rûne, sûchnapfoarmige bek fol tosken. Hoewol't se derom bekend steane dat se har dêrmei yn libbene eksimplaren fan oare fiskesoarten weiboarje om dy har bloed te drinken, hawwe eins mar 18 fan 'e 38 bekende soarten njoggeneagen sa'n parasitêre libbenswize. De ûnderskate soarten fariëarje yn lingte fan 13-100 sm. Oanfallen op minsken komme foar, mar in njoggeneach moat al rare úthongere wêze foar't er in minske te liif giet.

De bek fan in seenjoggeneach (Petromyzon marinus).

Folwoeksen njoggeneagen swimme rivieren op om te ridzjen en geane dan dea. Ut 'e aaien komme larven fuort, dy't ferskate jierren yn 'e rivieren trochbringe, benammen op 'e boaiem fan it wetter, dêr't se har fierhinne yngrave yn 'e dridze. Uteinlings ûndergeane de larven in metamorfoaze ta folwoeksen eksimplaren, dy't ferskate moannen duorret. Neitiid migrearje guon soarten nei see of nei marren ta, dêr't se parasitearje op oare fiskesoarten en soms sels op wettersûchdieren. Net-parasitêre njoggeneagen, dat oer it algemien soarten binne dy't yn swiet wetter libje, ite as folwoeksenen alhiel net, mar tarre op 'e fetreserves dy't se as fiskelarven oanlein hawwe troch soöplankton út it wetter te filterjen.

Yn Nederlânske wetters komme trije soarten njoggeneagen foar: de njoggeneach of riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis), de beeknjoggeneach (Lampetra planeri) en de seenjoggeneach (Petromyzon marinus). Yn 'e Nederlânske beuchfiskerij binne de riviernjoggeneagen iuwenlang brûkt as ies foar de fangst fan kabbeljau, skylfisk en bot.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.